Skip to main content

De Jakobsljedder Ynhâld | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuNotes en Sources, op dizze side

Apokryf boek fan it Alde TestamintGryksktalich non-fiksjewurkAldgrykske literatuerJoadsk non-fiksjewurkKristlik non-fiksjewurkNon-fiksjewurk út de Aldheid


apokryfreligieuzeAlde TestamintBibelpseudepigrafyskaartsfaarJakobAldtsjerkeslavyskGryksktalichjoadskeTimpelJeruzalimRomeinen70Byzantynske Tiidkristlikenjoggende iuwhimelGodbidtingelSariëlJoadenEzauRomeinske RykmessiasEdomitenMoäbitenJezus KristusNotes en Sources, op dizze side












De Jakobsljedder




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search













De Jakobsljedder

auteuranonimus
taal
Aldgryksk
foarm
non-fiksje
sjenre
religiosa
skreaun>70 n.Kr.

De Jakobsljedder is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e aartsfaar Jakob, dat inkeld oerlevere is yn it Aldtsjerkeslavysk, as ûnderdiel fan 'e samling dy't de Tolkovaja Paleja neamd wurdt, al is dy ferzje dúdlik in oersetting fan in ferlern gien Gryksktalich orizjineel. De Tolkovaja Paleja is bewarre bleaun yn in stikmannich ûnderskate manuskripten; De Jakobsljedder bestiet yn dy manuskripten yn twa foarmen, in langerenien, dy't ornaris A neamd wurdt en oerlevere is yn trije hânskriften, en in koarteren, dy't fan B hjit en diel útmakket fan 'e grutte mearderheid fan manuskripten. De datearring fan De Jakobljedder is ûnwis, om't it teminsten twaris yngeand bewurke is. De oarspronklike joadske tekst datearret fan nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70. Neitiid is it geskrift yn 'e Byzantynske Tiid bewurke troch in kristlike redakteur, dy't hjir en dêr passaazjes mei anty-joadske polemyk tafoege en De Jakobsljedder in kristlike konklúzje jûn hat. It wurk waard nochris op 'e nij redigearre troch de oersetter dy't it om 'e njoggende iuw hinne yn it Aldtsjerkeslavysk fertaalde.



Ynhâld |


De Jakobsljedder is basearre op 'e bibelske dream fan Jakob yn Genesis 28:11-19, en bestiet út sân haadstikken. It earste haadstik behannelet de dream sa't dy ek yn Genesis beskreaun wurdt, mar yn útwreide foarm, mei withoefolle tafoegings. Jakob falt yn 'e sliep en sjocht in ljedder dy't fan 'e ierde oant yn 'e himel rikt. De ljedder bestiet út tolve triemmen, en op eltse triem binne twa minsklike foarmen, dy't lykwols mar oant harren boarst sichtber binne. Oan 'e top fan 'e ljedder is in fiifentweintichste boarstbyld, skrikliker as alle oaren, en dêrboppe is God sels. Yn it twadde haadstik, dat perfoarst troch de Aldtsjerkeslavyske oersetter ynkoarte is, bidt Jakob om in útlis fan 'e dream. Yn haadstik 3 stjoert God de ingel Sariël om dy útlis ta jaan. Haadstik 4 ferhellet hoe't Sariël oan Jakob de namme Israel jout.


Yn it fyfde haadstik kriget Jakob dan einlings de troch him frege útlis. De ljedder is it tiidrek wêryn't wy libje, en de tolve triemmen binne de perioaden dêr't dat tiidrek yn ferdield is (deselde yndieling wurdt ek jûn yn it apokrife boek 2 Barûch). De fjouwerentweintich boarstbylden stelle de keningen foar dy't Jakob syn neikommelingen (de Joaden) bestride sille, en it fiifentweintichste is fan in neikommeling fan Jakob syn broer Ezau (dêrmei wurdt nei gedachten it Romeinske Ryk bedoeld), dy't de Joaden earst beskermje sil, mar him letter tsjin harren keare, harren lân ferwuostgje en harsels yn ballingskip fuortfiere sil. Haadstik 6 giet oer de komst fan 'e messias, dy't beskreaun wurdt as in kening dy't de fijannen fan 'e Joaden befjochtsje en oerwinne sil. Dan sil God rjochtdei hâlde oer de folken, en de keninkriken fan 'e Edomiten (de neikommelingen fan Ezau) en de Moäbiten sille ferdylge wurde. Haadstik 7, ta einbeslút, is sûnder mis in kristlike tafoeging, wêryn't foarsein wurdt dat de messias fannijs komme sil yn 'e foarm fan Jezus Kristus.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.



Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint

Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint

Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus



Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=De_Jakobsljedder&oldid=900463"










Navigaasjemenu

























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.084","walltime":"0.106","ppvisitednodes":"value":661,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":12296,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":539,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":6,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 56.419 1 -total"," 88.04% 49.670 1 Berjocht:Literatuer"," 80.45% 45.389 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 5.48% 3.092 1 Berjocht:Apokryf"," 5.11% 2.885 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"," 5.08% 2.866 1 Berjocht:Boarnen"," 4.63% 2.613 5 Berjocht:!!"],"cachereport":"origin":"mw1321","timestamp":"20190310140236","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"De Jakobsljedder","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/De_Jakobsljedder","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q6469321","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q6469321","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2013-10-25T20:33:29Z","dateModified":"2017-10-26T20:16:12Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":125,"wgHostname":"mw1321"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ