Skip to main content

Adam en Eva De Bibel oer Adam en Eva | Begraafplak | Genealogy | NavigaasjemenuAdam and Eve

Persoan yn it Alde TestamintLegindarysk persoan


BibelGenesisGodAdamEvaHôf fan EdenParadysbeam om te witten fan goed en kweaSatanKaïn en AbelSetsûndesûndefalHebronEva har grêfSaûdyskeDjeddaKaïn, AbelSetpseudepigrafenBoek fan de Jubileeën












Adam en Eva




Ut Wikipedy

(Trochwiisd fan Adam)





Jump to navigation
Jump to search




Adam en Eva plukke in apel út de 'Beam om te witten fan goed en kwea'


Adam en Eva wienen neffens de Bibel de earste man en de earste frou. It Bibelboek Genesis ferhellet dat God Adam skiep: 'stof út de ierde, en de libbenssiken blies Er him yn de noas' (Gen. 2:7). Letter makke Er Eva út in ribbe fan Adam.


God wie it neifolgjende mei de minske fan doel:


'Doe segene God se en Hy sei tsjin har:Wês fruchtber en win oan yn tal. Meitsje de ierde fol en tsjinstber. Hearskje oer de fisken yn'e see, oer de fûgels yn'e loft en oer alle libben dat him oer de ierde beweecht'. (Gen. 1:28)



De Bibel oer Adam en Eva |


God sette Adam en Eva yn de Hôf fan Eden (it Paradys op Ierde), en fertelde har dat sy it fruit fan alle beammen yn de tún ite koene, útsein it fruit fan de beam om te witten fan goed en kwea. Sy libben lokkich oant de slang (Satan) Eva oerhelle om de ferbeane frucht (neffens de tradysje in apel) te iten. Eva iet fan de apel en liet Adam dêr ek fan ite. Op dat stuit waarden hja gewaar dat se neaken wienen en hja skammen har.




Eva mei Kaïn en Abel


As straf foar har oerhearrigens, stjoerde God Adam en Eva út de tún fuort nei de bûtenwrâld, dêr't Adam hjitten waard om de grûn te be-arbeidzjen Eva har bern krige. It meast wichtige gefolch fan Adam en Eva's dôfhûdigens wie lykwols de dea: Want stof biste en stof silst wer wurde, sei God. (Gen. 3:19)


Ienris út de Hôf fan Eden ferdreaun, krigen se bern. Trije soannen wurde by namme neamd: Kaïn en Abel, dêrnei Set. Sadwaande waarden Adam en Eva letterlik de âlden fan it minsdom.


De sûnde fan Adam en Eva en it dêrút fuortkommende út de geunst reitsjen by God en harren ferballing út it noflike libben yn it Pardys stiet bekend as de sûndefal.



Begraafplak |


Neffens de joadske mienskip lizze Adam en Eva yn de Grot fan Machpela bedobbe yn de omkriten fan Hebron. Neffens guon Islamityske boarnen is de Eva har grêf yn de Saûdyske havenstêd Djedda.



Genealogy |


Yn Genesis 4 wurde Kaïn, Abel en Set as bern fan Adam en Eva neamd. Yn ien fan de pseudepigrafen fan de Bibel, mammentlik it Boek fan de Jubileeën, wurde njoggen bern neamd, ek dochters sa as Azûrâ, Awân, Lebuda en Qelimath. Azûrâ waard de frou fan Seth en Awân de it wiif fan Kaïn.


Commons









Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Adam_en_Eva&oldid=840936"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.020","walltime":"0.029","ppvisitednodes":"value":46,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":710,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":36,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 3.117 1 Berjocht:Commonscat","100.00% 3.117 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1262","timestamp":"20190330105105","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Adam en Eva","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Adam_en_Eva","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q58701","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q58701","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2011-02-18T16:49:35Z","dateModified":"2017-04-27T19:57:10Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/b/bd/Cornelis_van_Haarlem_-_De_zondeval.jpg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":122,"wgHostname":"mw1267"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Trouble understanding the speech of overseas colleaguesHow can I better understand manager or clients with strong accents?Adding more movement and speech at the fundamental level to a highly-sedentary job?Difficulty in understanding Manager's accent(language and communication)How to adjust yourself where your colleagues are not understanding to you?Understanding manager's expectationsForeigner and colleagues using slangHaving difficulty understanding meetingsHow do you breathe when giving a speech?Trouble Waking Up for Emergencies (On-Call)Problems with colleaguesColleagues feeling insecure when I do my work

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O