Skip to main content

Barûch (bibelboek) Ynhâld Oarsprong en skriuwer | Ynhâld | Fryske oersetting | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuReferences, op dizze side

Apokryf boek fan it Alde TestamintBoek fan it Alde TestamintHebriuwsktalich non-fiksjewurkKlassyk Hebriuwske literatuerJoadsk non-fiksjewurkKristlik non-fiksjewurkNon-fiksjewurk út de AldheidFryske oersetting


HebriuwskapokryfBibeljoadendomkanonykkristendomprotestantske tsjerkenAnglikaanske TsjerkeAlde TestamintNije Fryske Bibeloersetting1978Roomsk-Katolike Tsjerkeeastersk-otterdokseoriïntaalsk-otterdokse tsjerkenBaruch ben NeriahJudeeskeprofeetJeremiaskriuwersteologenMakkabeeske Opstân167160 f.Kr.597 f.Kr.JudeeskeJojakinBabyloaniërsJeruzalimMesopotaamjeEgypteBabylonJoadengebedleardichtNije Fryske Bibeloersetting1978FryslânHaarlimBokstelH. DijkstraHendrik TwerdaReferences, op dizze side













Barûch (bibelboek)




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search

































Barûch

oarspr. titelברוך ("Bārūḵ")
auteuranonimus
taal
Hebriuwsk
foarm
non-fiksje
sjenre
religiosa
skreaun±160 f.Kr.
rige
Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel
Jezus Sirach
● folgjend diel
Brief fan Jeremia
bondel
Bibel

oersetting nei it Frysk
Fryske titel
Barûch
publikaasje
1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer
NBG & KBS
oersetter
H. Dijkstra

ISBN oers.
9 06 12 60 817

Barûch, yn it Hebriuwsk: ברוך, Bārūḵ (ek wol bekend as 1 Barûch om it te ûnderskieden fan 'e minder bekende teksten 2, 3 en 4 Barûch), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Barûch troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fyfde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.


De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Barûch wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, dêr't it tusken Kleilieten en Ezechiël yn stiet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken. Yn 'e Fulgaat en de moderne roomske en anglikaanske bibels is in oare deuterokanonike tekst, it Brief fan Jeremia, as haadstik 6 oan Barûch taheakke; yn 'e Septuaginta en de measte moderne eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels foarmje Barûch en it Brief fan Jeremia aparte bibelboeken. Yn 'e bibel fan 'e Koptyske en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, lykwols, binne Jeremia, Kleilieten, Barûch en it Brief fan Jeremia gearboske ta ien boek ûnder de titel Jeremia.




Ynhâld





  • 1 Oarsprong en skriuwer


  • 2 Ynhâld


  • 3 Fryske oersetting


  • 4 Boarnen, noaten en referinsjes




Oarsprong en skriuwer |


Barûch is in profetysk boek, dat neamd is nei Baruch ben Neriah, de learling en klerk fan 'e Judeeske profeet Jeremia, mar dat net troch him skreaun is. It bestiet út in stikmannich ûnderskate dielen en foarmet gjin ienheid, dat men mei wol oannimme dat it om koarte teksten út ferskillende tiden en fan ferskillende skriuwers giet, dy't letter gearfandele binne ta ien boek. Guon moderne bibelwittenskippers en teologen liket it ta dat Barûch foar 't neist gearstald is ûnder of koart nei de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.).



Ynhâld |


It boek Barûch set útein mei in ynlieding (Bar. 1:1-14), wêryn't ferteld wurdt dat Barûch, de soan fan Nearia, yn 597 f.Kr. mei de de Judeeske kening Jojakin troch de Babyloaniërs fuortfierd is út Jeruzalim nei Mesopotaamje (al wurdt yn Jeremia 43:6 sein dat er nei de fal fan Jeruzalim mei syn master Jeremia yn ballingskip yn Egypte gie). Yn Babylon hat Barûch dit boek skreaun en it doe weromstjoerd nei Jeruzalim, dat it dêr oan 'e efterbleaune Joaden foarlêzen wurde kin. Dêrnei folget in wiidweidich gebed fan boete, mar ek fan hope (Bar. 1:15-3:8), dat Daniël 9:4-19 net wanlyk is. Dan is der in leardicht oer de wiisheid (Bar. 3:9-4:4), dat wol wat wei hat fan Spreuken 8. En it boek slút ôf mei twa treastlieten (Bar. 4:5-5:9), ien wêryn't de personifiëarre stêd Jeruzalim buorlju en bern tasprekt (Bar. 4:5-29), en in twadden wêryn't Jeruzalim sels bemoedigjend tasprutsen wurdt (Bar. 4:30-5:9).



Fryske oersetting |


Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Barûch yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan Barûch waard makke troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Hendrik Twerda.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)

Alde Testamint

Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy

Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)

Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)

Nije Testamint

Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint

Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint

Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus



Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Barûch_(bibelboek)&oldid=900311"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.136","walltime":"0.162","ppvisitednodes":"value":840,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":19903,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1876,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 67.993 1 -total"," 79.85% 54.294 1 Berjocht:Literatuer"," 74.78% 50.844 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 6.84% 4.652 1 Berjocht:Boarnen"," 6.37% 4.329 1 Berjocht:Bibel"," 5.99% 4.070 1 Berjocht:Apokryf"," 3.21% 2.186 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"," 3.14% 2.138 15 Berjocht:!!"],"cachereport":"origin":"mw1274","timestamp":"20190321022056","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":121,"wgHostname":"mw1319"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ