Psalm 151 Oarsprong | Ynhâld | Trivia | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu
Apokryf boek fan it Alde TestamintBoek fan it Alde TestamintHebriuwsktalich gedichtKlassyk Hebriuwske literatuerJoadsk gedichtKristlik gedichtGedicht út de AldheidFryske oersettingDeade-Seerôlen
psalmGrykskeBibelMasoretyske TekstHebriuwskeSyryskeRoomsk-Katolike Tsjerkeprotestantske denominaasjesjoadskeapokryfkanonykeastersk-otterdokseoriïntaalsk-otterdokse tsjerkenGryksk-Otterdokse TsjerkeRussysk-Otterdokse TsjerkeGeorgysk-Otterdokse TsjerkeSyrysk-Otterdokse TsjerkeEtiopysk-Otterdokse TsjerkeDeade-SeerôlenQumran19561963Davidik-persoanGodFilistynskeGoliatIsraelEtiopyskeHaile Selassy1930OersetterKlaas Bruinsma2000FryskKristlik Fryske FolksbibleteekNotes en Bibliography, op dizze side
Psalm 151
Jump to navigation
Jump to search
Psalm 151 | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | psalm | |
skreaun | <2e iuw f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Psalm 151 | |
publikaasje | 2000, yn De Fleanende Krie | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Psalm 151 is de namme fan in koarte psalm dy't yn 'e measte eksimplaren fan 'e iere Grykske oersetting fan 'e Bibel, de Septuaginta stie, mar net yn 'e Masoretyske Tekst, noch yn 'e Tenach, de Hebriuwske bibel. Yn 'e Septuaginta is dizze psalm net nûmere, mar titele: "Dizze psalm wurdt taskreaun oan David en is bûten de nûmers. Doe't er Goliat fersloech yn in twagefjocht." Deseldichste psalm stie ek yn in soad eksimplaren fan 'e Peshitta, de iere Syryske bibeloersetting. Hoewol't de Roomsk-Katolike Tsjerke, de ûnderskate protestantske denominaasjes en de measte joadske streamings him foar apokryf hâlde, wurdt er as kanonyk beskôge troch de eastersk-otterdokse en de measte oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, mei dêrûnder de Gryksk-Otterdokse Tsjerke, de Russysk-Otterdokse Tsjerke, de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 'e mande mei de Psalmen 152-155 makket Psalm 151 ûnderdiel út fan 'e saneamde Fiif Apokrife Psalmen fan David.
Oarsprong |
Hoewol't frijwol de hiele Westerske bibelwittenskip iuwenlang leaude dat Psalm 151 in oarspronklik Gryksk wurk wie en dat der gjin inkeld bewiis wie dat er ea yn it Hebriuwsk bestien hie, die nei de ûntdekking fan 'e Deade-Seerôlen bliken dat se it by it ferkearde ein hiene: der wie wol deeglik in Hebriuwsktalich orizjineel en, sterker noch, dat makke ûnderdiel út fan it sangboek fan 'e mienskip fan Qumran. Mei in stikmannich oare kanonike en deuterokanonike psalmen foarmet it de Deade-Seerôle 11QPs(a), dy't ûntdutsen waard yn 1956 en wêrfan't de ynhâld publisearre waard yn 1963 troch J.A. Sanders. Feitlik binne der twa koarte psalmen (Psalm 151a en de mar foar diel oerlevere Psalm 151b) dy't tegearre de basis foarmen foar de lettere Grykske psalm (dy't Sanders trouwens yn ferliking mei it orizjineel "drûch" en "op in teloarstellende wize feroare" fûn).
Ynhâld |
Hoewol't de titel fan 'e psalm úthâldt dat er troch kening David skreaun is, mient de mearderheid fan 'e hjoeddeiske bibelwittenskippers dat dat hast seker net it gefal is (krekt likemin as mei de kanonike Psalmen). Yn Psalm 151 ferblidet de ik-persoan (David) him dat God him goedgeunstich is en syn gebedens ferheart. Hy wie de minste fan syn bruorren, en dochs hat God him útkard om ta kening salve te wurden. Dan ferhellet er hoe't er de Filistynske foarfjochter Goliat fersloech en him neitiid de holle ôffike mei syn eigenste swurd, en dêrmei de skande fan Israel útwiske (oant David fanwegen kaam, hiene de Israeliten gjin foarfjochter dy't it tsjin 'e mânske Goliat doarst op te nimmen).
Trivia |
De Etiopyske keizer Haile Selassy droech Psalm 151 yn syn gehiel foar oan it begjin fan syn earste taspraak foar de steatsrie nei syn troansbestiging yn 1930. Oersetter Klaas Bruinsma hat Psalm 151 yn 2000 oerset yn it Frysk ûnder de titel Psalm 151, in Apokrife Psalm (en mei as ûndertitel In Lofsang fan David, de Soan fan Isaï), en publisearre yn De Fleanende Krie, it blêd fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (ôfl. 131 (sept.), s. 3).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel | |
---|---|
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint | |
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo | |
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint | |
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus |
Kategoryen:
- Apokryf boek fan it Alde Testamint
- Boek fan it Alde Testamint
- Hebriuwsktalich gedicht
- Klassyk Hebriuwske literatuer
- Joadsk gedicht
- Kristlik gedicht
- Gedicht út de Aldheid
- Fryske oersetting
- Deade-Seerôlen
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.092","walltime":"0.116","ppvisitednodes":"value":765,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":13843,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1001,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 64.030 1 -total"," 77.77% 49.797 1 Berjocht:Literatuer"," 69.97% 44.805 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 12.83% 8.215 1 Berjocht:Apokryf"," 8.35% 5.348 1 Berjocht:Boarnen"," 5.83% 3.736 9 Berjocht:!!"," 4.00% 2.562 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"],"cachereport":"origin":"mw1256","timestamp":"20190401050005","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Psalm 151","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Psalm_151","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q1052253","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q1052253","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2013-04-21T13:33:54Z","dateModified":"2017-10-26T19:50:47Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":111,"wgHostname":"mw1239"););