Skip to main content

See Ynhâld Seestreamings | Seelibben | See en minske | Oersjoch | Sjoch ek | Keppeling om utens | Navigaasjemenu

SeeOerflaktewetter


wrâldseekontinintaal platsirkulaasjewrâldseeseestrjittenbinnenseesletten seerivierentijwurkingsâltgraadkoriolyseffektseestreamingsgolfstreamKaribysk gebietJeropaKanadaSibearjeûntwikkeling fan it libben op ierdedevoanamfibyenkoraalriffenkelpwâlenâldheidskipsboutechnikengolfstreamrenêssânse












See




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search




Atlantyske Oseaan foar Madeira


In see is in grutte hoemannichte sâlt wetter, dy't yn ferbining stiet mei in oare see of mei in wrâldsee. Yn brede sin jildt it wurd foar al sokke wetters, mar it wurdt almeast beheind ta wetter op it kontinintaal plat mei in iepen ferbining nei de wrâldsee. In see bûten it kontinintaal plat dy't in selsstannich gehiel foarmet mei in eigen sirkulaasje hjit dan in wrâldsee; by in see, ynsletten troch lân mei in ferbining dy't út ien of mear seestrjitten bestiet, sprekt men dan fan in binnensee. In grutte hoemannichte sâlt wetter dy't lykwols gjin ferbining mei in see hat, hjit wol sletten see.


Seeën wurde fieden troch rivieren en troch reinwetter.




Ynhâld





  • 1 Seestreamings


  • 2 Seelibben


  • 3 See en minske


  • 4 Oersjoch

    • 4.1 Atlantyske Oseaan


    • 4.2 Stille Oseaan


    • 4.3 Yndyske Oseaan


    • 4.4 Noardlike Iissee


    • 4.5 Súdlike Oseaan


    • 4.6 Sletten seeën



  • 5 Sjoch ek


  • 6 Keppeling om utens




Seestreamings |


It wetter op ierde stiet net stil, krekt oarsom, it is oanienwei yn beweging. De tijwurking ferpleatst alle dagen grutte hoemannichten wetter oer ús planeet en troch drukferskillen, feroarsake troch ûnder oaren temperatuer en sâltgraad, en it koriolyseffekt ûntstean seestreamings dy't foar wettertransport oer ús planeet soargje. Dizze seestreamings binne ien fan de wichtichste faktoaren yn it klimaat op ierde, bygelyks de golfstream bringt waarmte út it Karibysk gebiet nei Jeropa, wêrtroch't Jeropa in mylder klimaat hat as bygelyks Kanada of Sibearje.



Seelibben |


De seeën op ierde hawwe in fitale rol spile by de ûntwikkeling fan it libben op ierde. It libben spile him oant sa'n 400 miljoen jier ferlyn allinnich yn it wetter ôf. Earst yn it devoan kamen de earste planten oan lân en produsearje op grutte skaal soerstof, wêrnei't yn itselde tiidrek de amfibyen oan lân gean koenen. Noch altyd krioelt it yn de seeën fan libben, wêrfan't de minsken mar in lyts part yn kaart brocht hawwe. Foarbylden fan ekosystemen yn see binne koraalriffen en kelpwâlen.



See en minske |


Al sûnt de âldheid spylje de seeën in wichtige rol foar de minskheid. Se binne in belangrike boarne fan fiedsel foar ús en de skipsboutechniken út de âldheid makke it de minske foar it earst mooglik grutte hoemannichten massa oer grutte ôfstannen te ferfieren. Seeën waarden transport-ieren yn de hannel en krigen in militêr belang. It sêfte klimaat dat de golfstream Jeropa jout hat grif in krityske faktor west yn it ûntwikkeljen fan de Jeropeeske beskaving en troch de see is de Jeropeeske beskaving sûnt de renêssânse wer oer de rest fan de wrâld útdijd. Letter krigen de seeën in funksje yn it wrâldwide persoaneferfier en tsjintwurdich hawwe se benammen in belang yn it frachtferfier. De seeën foarmje hjoed de dei in fitale libbensier fan de wolfeart.



Oersjoch |



Atlantyske Oseaan |



  • Karibyske See
    • Lago de Maracaibo

  • Golf fan Biskaje

  • Golf fan Meksiko

  • Ierske See


  • Labradorsee
    • Baffinsee

    • Hudsonbaai

    • Jamesbaai



  • Middellânske See
    • Adriatyske See

    • Egeyske See

    • Ionyske See

    • Ligueryske See

    • Tyrreenske See

    • See fan Marmara



  • Noardsee
    • It Kanaal

    • Waadsee


  • Noarske See


  • Eastsee
    • Botnyske Golf

    • Golf fan Riga

    • Finske Golf


  • Sargassosee


  • Swarte See
    • See fan Azov


Stille Oseaan |


  • Balysee

  • Bandasee

  • Beringsee

  • Selebessee

  • Floressee

  • Giele See

  • Golf fan Kalifornje

  • Golf fan Tailân

  • Japanske See

  • Javasee

  • Koraalsee

  • Korosee

  • East-Sineeske See

  • Sulusee

  • Tasmansee

  • See fan Ochotsk

  • Súd-Sineeske See


Yndyske Oseaan |


  • Andamanske See

  • Arabyske See

  • Arafurasee

  • Golf fan Aden

  • Golf fan Bengalen

  • Golf fan Karpentaria

  • Golf fan Oman

  • Perzyske Golf

  • Reade See

  • Timorsee


Noardlike Iissee |



  • Barentssee
    • Wite See

  • Beaufortsee

  • Grienlânsee

  • Karasee

  • Laptevsee

  • Lincolnsee

  • Tsjoektsjensee


Súdlike Oseaan |


  • Amundsensee

  • Davissee

  • Rosssee

  • Weddellsee


Sletten seeën |


Neffens boppesteande definysje binne dizze sletten seeën gjin see:


  • Kaspyske See

  • Deade See


Sjoch ek |


  • Binnensee


Keppeling om utens |


  • Wikiwurdboek-side - see



Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=See&oldid=886523"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.056","walltime":"0.064","ppvisitednodes":"value":136,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":41,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":6,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 2.655 1 Berjocht:Wikiwurdboek","100.00% 2.655 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1304","timestamp":"20190414075017","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"See","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/See","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q165","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q165","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2006-11-10T12:24:24Z","dateModified":"2017-08-12T20:43:25Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/6/69/Madeira_k%C3%BCste.jpg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":117,"wgHostname":"mw1266"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Trouble understanding the speech of overseas colleaguesHow can I better understand manager or clients with strong accents?Adding more movement and speech at the fundamental level to a highly-sedentary job?Difficulty in understanding Manager's accent(language and communication)How to adjust yourself where your colleagues are not understanding to you?Understanding manager's expectationsForeigner and colleagues using slangHaving difficulty understanding meetingsHow do you breathe when giving a speech?Trouble Waking Up for Emergencies (On-Call)Problems with colleaguesColleagues feeling insecure when I do my work

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O