1950 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1950
195020e iuw
desennium1950-er jierren
1950
Jump to navigation
Jump to search
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
| Jierren: | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 | 1955 |
Gregoriaanske kalinder | 1950 MCML |
Ab urbe condita | 2703 |
Armeenske kalinder | 1399 ԹՎ ՌՅՂԹ |
Etiopyske kalinder | 1942 – 1943 |
Hebriuwske kalinder | 5710 – 5711 |
Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2005 – 2006 |
| - Shaka Samvat | 1872 – 1873 |
| - Kali Yuga | 5051 – 5052 |
Iraanske kalinder | 1328 – 1329 |
Islamityske kalinder | 1370 – 1370 |
Juliaanske kalinder | Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4646 – 4647 丙丑 – 丁寅 |
1950 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Gregoriaanske kalinder foar 1950.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.
Ynhâld
1 Foarfallen
2 Berne
3 Ferstoarn
4 Literatuer
5 Boarnen, noaten en referinsjes
Foarfallen |
10 jannewaris - De Sovjet-Uny stelt in boycot yn fan 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes, om't it foarsitterskip dêrfan oergiet op 'e Republyk Sina (Taiwan), wylst de kommunistyske Folksrepublyk Sina troch de Feriene Naasjes net erkend wurdt.
26 jannewaris - Yndia wurdt in republyk.
7 febrewaris - De Amerikaanske senator Joseph McCarthy fart yn 'e Amerikaanske Senaat út tsjin 'e kommunisten dy't neffens him it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken dominearje soene. Dit is in nije oplibbing fan 'e Twadde Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten en teffens fan 'e heksejacht op kommunisten yn alderhanne parten fan 'e Amerikaanske maatskippij.
3 maart - It ûnder Frânsk bestjoer steande Protektoraat Saarlân kriget binnenlânsk selsbestjoer.
12 maart - By it referindum oer de Keningskwestje stimt yn Belgje in romme mearderheid fan 'e befolking foar de weromkear út ballingskip fan 'e troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III.
14 april - Yn Nederlân wurdt Van Doorne's Automobielfabriek (DAF) iepene.
24 april - Op Ambon wurdt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk fan de Súd-Molukken útroppen.
7 maaie - De Sineeske Boargeroarloch einiget mei in oerwinning fan 'e kommunisten en de konsolidaasje fan 'e Folksrepublyk Sina op it Sineeske fêstelân. De nasjonalisten en harren Republyk Sina binne weromkrongen op it eilân Taiwan.
7 maaie - SC It Hearrenfean bûcht yn 'e lêste healoere fan de wedstriid tsjin AFC Ajax in 1-5 efterstân om yn in 6-5 oerwinning.
6 juny - Poalen en de DDR slute in oerienkomst wêryn't beide lannen de Oder-Neissegrins erkenne as de ynternasjonale grins tusken harren respektivelike grûngebieten.
25 juny - Noardkoreaanske troepen falle Súd-Koreä binnen: it begjin fan 'e Koreaanske Oarloch.
15 augustus - By in swiere ierdbeving yn Assam en Tibet komme 1.500 oant 3.300 minsken om.
7 july - Mei de oanname troch it parlemint fan Súd-Afrika fan 'e Wet op de Groepsgebieten (Group Areas Act) wurdt in begjin makke mei it ynstitúsjonalisearjen fan rasseskieding en rasistyske diskriminaasje yn in systeem dat de namme apartheid kriget.
8 july - Yn ôfwêzichheid fan 'e ôffurdige fan 'e Sovjet-Uny (dy't de gearkomsten sûnt jannewaris boycot) kin de Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes sûnder swierrichheden de gearstalling fan in ynternasjonale troepemacht ûnder de flagge fan 'e Feriene Naasjes goedkarre, dy't oan Súdkoreaanske kant ynterveniëarje moat yn 'e Koreaanske Oarloch.
22 july - De troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke kening Leopold III fan Belgje keart op fersyk fan it Belgyske parlemint werom út ballingskip. Dat liedt ta grutskalige demonstraasjes fan boargers dy't it dêr net mei iens binne.
26 july - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen ûntbynt formeel it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL).
27 july - De Amerikaanske presidint Harry Truman ûnthjit Chiang Kai-shek, de presidint fan 'e Republyk Sina (Taiwan), militêre bystân yn it gefal fan in ynvaazje fan Taiwan troch de Folksrepublyk Sina.
15 septimber - Operaasje Chromite, wêrby't Amerikaanske troepen ûnder lieding fan generaal Douglas MacArthur in lâningsoperaasje útfiere yn 'e neite Inchon, efter de Noardkoreaanske linys, liedt ta in omkear yn 'e Koreaanske Oarloch.
21 oktober - By de Sineeske ynfal yn Tibet kringe troepen fan 'e Folksrepublyk Sina it ûnôfhinklike Tibet yn, dat dêrnei troch Sina anneksearre wurdt.
26 oktober - De opmars dy't troepen fan Súd-Koreä, de Feriene Steaten en de Feriene Naasjes yn it ramt fan 'e Koreaanske Oarloch troch Noard-Koreä meitsje, berikt de Sineeske grins.
27 oktober - 'Frijwilligers' fan it Folksbefrijingsleger fan 'e Folksrepublyk Sina minge har oan 'e kant fan Noard-Koreä yn 'e Koreaanske Oarloch.
1 novimber - Twa Portorikaanske nasjonalisten, Griselio Torresola en Oscar Collazo, dogge in moardoanslach op 'e Amerikaanske presidint Harry Truman.
4 novimber - It leger fan Yndoneezje feroveret it eilân Ambon op 'e Republyk fan de Súd-Molukken.
Berne |
- jannewaris
8 - Rommy, Frysk folkssjonger († 2007)
31 - Sijtje van der Lende, Frysk reedrydster en coach
- febrewaris
3 - Jan Kooistra, Frysk keunstskilder
4 - William S. Yellow Robe jr., Amerikaansk toanielskriuwer en dichter
10 - Mark Spitz, Amerikaansk swimmer
19 - Aus Greidanus sr., Nederlânsk akteur
- maart
24 - Minnie Two Shoes, Amerikaansk sjoernaliste en aktiviste († 2010)
29 - Peter Timofeeff, Nederlânsk meteorolooch en waarman
- april
5 - Agnetha Fältskog, Sweedsk sjongster (Abba)
12 - David Cassidy, Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en muzikant († 2017)
- maaie
6 - Shakey Sam, Frysk bluessjonger en -gitarist († 1981)
- juny
1 - Annemarie Jorritsma, Nederlânsk politika
6 - Frank Thring, Ingelsk pornografysk regisseur en akteur
14 - Frâns Faber, Frysk keunstskilder en dosint
18 - Heddy Lester, Frysk sjongster en aktrise
19 - Gryt van Duinen, Frysk sjoernaliste, programmamakster en politika
29 - Michael Whelan, Amerikaansk boekbânûntwerper en yllustrator
- july
2 - Agneta Eckemyr, Sweedsk aktrise, model en moade-ûntwerpster († 2018)
7 - Gosse Dam, Frysk keunstner
17 - Derek de Lint, Nederlânsk akteur
20 - Tantoo Cardinal, Kanadeesk aktrise
- augustus
2 - Francesca Zijlstra, Frysk byldhouster
- septimber
10 - Rein Jonker, Frysk maratonrider
- oktober
5 - Laura Gemser, Nederlânsk softcore-pornoaktrise.
17 - Sandra Reemer, Nederlânsk sjongster en presintatrise. († 2017)
19 - Cees Greuter, Frysk sjonger († 2015)
12 novimber - Coen van Vrijberghe de Coningh, Nederlânsk akteur († 1997)
- datum ûnbekend
Anne Bishop, Amerikaansk skriuwster
Ferstoarn |
21 jannewaris - George Orwell, Ingelsk skriuwer (* 1903)
1 maart - Alfred Korzybski, Poalsk taalkundige (* 1879)
12 maart - Heinrich Mann, Dútsk skriuwer (* 1871)
6 maaie - Clarence Addison Dykstra, Amerikaansk heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder (* 1883)
7 july - Jarich van der Wielen, Frysk politikus en bestjoerder (* 1880)
10 augustus - Hendrik Jan Popping, Frysk boekhanneler, drukker en amateur-argeolooch (* 1885)
19 augustus - Swarte Wapity (Black Elk), medisynman fan 'e Lakota (* 1863)
25 augustus - Fokke Jacobs de Zee, Frysk skriuwer, taalaktivist en boargemaster (* 1874)
18 oktober - A.A. Verdenius, Nederlânsk skriuwer (* 1876)
29 oktober - kening Gustaaf V fan Sweden (* 1858)
Literatuer |
- romans
Simon Vestdijk, De Koperen Tuin (oerset yn it Frysk as De Koperen Tún)
- poëzij
Pablo Neruda, Leviathan (oerset yn it Frysk as Leviathan)
Paulus Folkertsma, It Muzyk Giet troch de Buorren
Pablo Neruda, Los Peces y el Ahogado (oerset yn it Frysk as De Fisken en de Drenkeling)
Pablo Neruda, Las Satrapías (oerset yn it Frysk as De Satrapen)
- toaniel
Eugène Ionesco, La Cantatrice Chauve (oerset yn it Frysk as De Keale Sjongster)
Eugène Ionesco, Les Salutations (oerset yn it Frysk as Begroetingen)
| Jierren: | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 | 1952 | 1953 | 1954 | 1955 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Commons
|
Kategoryen:
- 1950
- 20e iuw
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.144","walltime":"0.174","ppvisitednodes":"value":1566,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18222,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 75.281 1 -total"," 41.17% 30.992 1 Berjocht:Kalinders"," 32.48% 24.450 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 19.54% 14.709 2 Berjocht:IuwPart"," 14.90% 11.219 2 Berjocht:JierPart"," 9.66% 7.275 1 Berjocht:JiersideUnder"," 9.12% 6.869 1 Berjocht:Boarnen"," 6.93% 5.214 1 Berjocht:Kalinderjier"," 4.84% 3.642 1 Berjocht:Romeinsk"," 4.62% 3.476 1 Berjocht:Armeenskal"],"cachereport":"origin":"mw1319","timestamp":"20190328105432","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"1950","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/1950","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q18597","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q18597","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-01-10T22:01:35Z","dateModified":"2018-12-29T22:39:12Z","headline":"jier"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":139,"wgHostname":"mw1240"););