Sambia Ynhâld Skiednis | Geografy | Befolking | Navigaasjemenu
SambiaLân yn AfrikaHistoaryske Britske koloanjeBestjoerlike ienheid oprjochte yn 1964Republyk
AfrikaDe KongoTanzaniaMalawyMozambykSimbabweBotswanaNamybjeAngoalahaadstêdLûsakaBritish South-Africa Company1924BritskeSintraal-Afrikaanske FederaasjeAfrican National CongressKenneth KaundaUnited National Independence PartyMafinga HillsstienkoalsilverkopersinkuraniumloodkobaltZambezyKafueLuangwaBantuBembaLubaNyanjaChewaTongaLundaLuvaleKaondeLozyIngelskBembaLozyskChiTongaChichewagodstsjinstkristendomProtestantenkatolikennatoerreligysHindoesIslamitenHIVwezen
Sambia
Jump to navigation
Jump to search
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Lûsaka | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter | 290,586 km² 1.6% | ||||
Ynwenners (2000) | 9,582,418 | ||||
Munt | Sambiaanske kwacha (ZMK) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 24 oktober | ||||
Lânkoade | ZMB | ||||
Ynternet | .zm | ||||
Tillefoan | 260 |
Sambia is in lân yn Afrika dat grinzet oan De Kongo, Tanzania, Malawy, Mozambyk, Simbabwe, Botswana, Namybje en Angoala. Sambia is in ûnôfhinklike republyk mei as wichtichste ekonomyske faktor de mynbou (koper). De haadstêd fan Sambia is Lûsaka.
Ynhâld
1 Skiednis
2 Geografy
2.1 Klimaat
3 Befolking
Skiednis |
Sambia wie fan 1895 ôf yn besit fan de British South-Africa Company (BSA). Yn 1924 waard Sambia in Britske kroankoloanje ûnder de namme Noard-Rodeezje.
Yn 1953 waard Noard-Rodeezje mei Súd-Rodeezje, it hjoeddeiske Simbabwe, en Nyasalân, no Malawi, gearfoege ta ien federaasje, de Sintraal-Afrikaanske Federaasje. It regear fan dy republyk waard fel bestriden troch it African National Congress (ANC; Afrikaansk Nasjonaal Kongres) mei as lieder Kenneth Kaunda. Om't er it ANC te ôfwachtsjend fûn rjochte Kaunda de United National Independence Party op (UNIP; Feriene Nasjonale Unôfhinklikheidspartij), wêrfan hy de foarsitter waard.
De Sintraal-Afrikaanske Federaasje waard yn 1961 opheven. Trije jier letter, op 24 oktober 1964, waard Noard-Rodeezje ûnder de namme Sambia in ûnôfhinklike republyk mei Kaunda as presidint.
Geografy |
Sambia wurdt alhiel omsletten troch lannen en leit yn it suden fan Afrika. It lânskip bestiet foar in grut part út heechflakten mei heuvels en bergen dêr't rivieren trochhinne rinne.
It beskikt oer in oerflakte fan 290,586 km², wêrfan 1.6% út wetter bestiet. De heechste berch is de Mafinga Hills mei 2301 meter. Der wurdt in soad delfstoffen fûn en eksploitearre: stienkoal, silver, koper, sink, uranium, lood en kobalt.
De twa wichtichste rivieren binne de Zambezy, de Kafue en de Luangwa rivier.
Klimaat |
Sambia beskikt oer in tropysk klimaat.
Befolking |
De befolking fan Sambia bestiet út sawat 72 Bantu-talige etnyske groepen. Lykwols 90% dêrfan heart ta acht etnolinguistyske groepen: Bemba, Luba, Nyanja-Chewa, Tonga, Lunda, Luvale, Kaonde und Lozy. De measte oare groepen binne hiel lyts.
De offisjele taal fan it lân is it Ingelsk, mar yn it noarden, easten en yn it midden fan it lân jildt it Bemba as "lingua franca", yn it westen is dat it Lozysk. Oare talen dy't in soad sprutsen wurde binne it ChiTonga mei 1.380.000 sprekkers en Chichewa.
De oerhearskjende godstsjinst is it kristendom, dêr't sawat 50% fan de befolking oanhinget; 27% Protestanten, 26,3% katoliken. It oar part 24-49% leaut yn natoerreligys, fierders binne der noch wat Hindoes en 1,1% Islamiten
Sambia heart by de lannen fan de wrâld mei it heechste oantal HIV-ynfektearren. Dat ferklearet ek de sterke tebekgong fan de libbensferwachting, fan trochstrings 60 jier (yn 1990) nei 32 jier yn distiid. Yn 2006 wienen der 750.000 AIDS-wezen yn Sambia. Der wurdt al rekkening holden mei ien miljoen wezen yn it jier 2015, wat 20 prosint fan alle bern is. Meastepart fan harren krijt ek gjin skoalle oplieding. Seis prosint libbet op strjitte, amperoan ien prosint krijt in plakje yn it weeshûs.
Kategoryen:
- Sambia
- Lân yn Afrika
- Histoaryske Britske koloanje
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1964
- Republyk
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.044","walltime":"0.064","ppvisitednodes":"value":201,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":2556,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":470,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":4,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 10.997 1 Berjocht:Lântabel","100.00% 10.997 1 -total"," 45.54% 5.008 1 Berjocht:Border"],"cachereport":"origin":"mw1326","timestamp":"20190411025547","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":135,"wgHostname":"mw1323"););