Oseaan Sjoch ek | Navigaasjemenu
OseaanOerflaktewetter
GrykskewrâldseekontinintenseeënYnternasjonale Hydrografyske Organisaasje
Oseaan
Jump to navigation
Jump to search
Ferhâlding lân-oseaan-iis
de oseanen
De oseaan (komt fan it Grykske Oceanus) hâldt yn in min ofte mear selsstannige wrâldsee tusken de kontininten yn , en kin meardere (lytsere) seeën befetsje.
De oseanen en seeën nimme om-ende-by 2/3 fan it oerflak fan de ierde yn, wylst it lân mar 1/3 bestrykt.
Sûnt de grinzen fan de Súdlike Oseaan fêstlein binne troch de Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje yn 2004, wurde der fiif oseanen ûnderskieden (yn folchoarder fan grutte):
- De Grutte of Stille Oseaan (eartiids Stille Súdsee neamd) (Ingels: Pacific Ocean) - Begrinze troch (mei wizers mei fan it noarden ôf) de Arktyske Oseaan, de westkust fan Noard- en Súd-Amearika, de Atlantyske, Súdlike en Yndyske Oseanen, de east- en noardeastkust fan Austraalje, de Yndonesyske arsjipel en de eastkust fan Aazje. Oerflakte: 155.557.000 fjouwerkante kilometer. De foarnaamste eilânnekloften yn de Grutte Oseaan binne Polyneezje, Melaneezje en Mikroneezje. By it eilân Guam leit de djipste trôch fan de wrâld; de Marianentrôch.
- De Atlantyske Oseaan - Begrinze troch de Arktyske Oseaan, de west- en súdkust fan Jeropa, de noard- en westkust fan Afrika, de Yndyske, Súdlike en Grutte Oseanen en de eastkust fan Súd- en Noard-Amearika. Oerflakte: 76.762.000 fjouwerkante kilometer.
- De Yndyske Oseaan - Begrinze troch de súdkust fan Aazje, de Yndonesyske arsjipel, de west- en súdkust fan Austraalje, de Grutte, Súdlike en Atlantyske Oseanen en de eastkust fan Afrika. Oerflakte: 68.556.000 fjouwerkante kilometer.
- De Súdlike Oseaan - Oan de iene kant begrinze troch de kust fan Antarktika en oan de oare kant troch de Atlantyske, Yndyske en Grutte Oseanen. De grins mei dizze oseanen leit op 60° suderbreedte. Oerflakte: 20.327.000 fjouwerkante kilometer.
- De Noardlike Iissee (ek Arktyske Oseaan neamd) - Begrinze troch de Atlantyske Oseaan, de noardkust fan Noard-Amearika, de Grutte Oseaan en de noardkust fan Aazje en Jeropa. Oerflakte: 14.056.000 fjouwerkante kilometer.
Sjoch ek |
- Wrâldsee
Kategoryen:
- Oseaan
- Oerflaktewetter
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.012","walltime":"0.021","ppvisitednodes":"value":36,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1321","timestamp":"20190410004303","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Oseaan","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Oseaan","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q9430","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q9430","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2007-09-12T19:36:06Z","dateModified":"2015-05-11T14:39:07Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/c/cd/Land_ocean_ice_2048.jpg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":136,"wgHostname":"mw1243"););