Skip to main content

Jeropa Ynhâld Lannen | Ofhinklike territoaria en oare gebieten | Jeropeeske organisaasjes | Namme | Sjoch ek | Kaarten | Navigaasjemenu

JeropaWrâlddiel


wrâlddielAazjeJeraazjeMiddellânske SeeAtlantyske OseaanYslânUralUralrivierKaspyske SeeKaukasusSwarte SeeBosporusGrikelânRomeinske RykKanaaleilannenEuropaFenisjeKretaSemityskeHeine Easten












Jeropa




Ut Wikipedy

(Trochwiisd fan Europa)





Jump to navigation
Jump to search




Wrâldkaart mei it plak fan Jeropa


Jeropa (of Europa) wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, ynklusyf Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Ural, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.


Jeropa hat in befolking fan likernoch 666.498.000 ynwenners (2001), en in gebiet fan sawat 10.400.000 km2.




Satellytfoto fan Jeropa




Jeropa, ortografyske projeksje




Ynhâld





  • 1 Lannen


  • 2 Ofhinklike territoaria en oare gebieten


  • 3 Jeropeeske organisaasjes


  • 4 Namme


  • 5 Sjoch ek


  • 6 Kaarten




Lannen |


Der lizze 50 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Jeropa:


  • Albaanje

  • Andorra

  • Armeenje

  • Azerbeidzjan

  • Belgje

  • Bosnje

  • Bulgarije

  • Denemark

  • Dútslân

  • Eastenryk

  • Estlân

  • Fatikaanstêd

  • Finlân

  • Frankryk

  • Geörgje

  • Grikelân

  • Grut-Brittanje

  • Hongarije

  • Ierlân

  • Yslân

  • Itaalje

  • Kazakstan

  • Kroaasje

  • Letlân

  • Lychtenstein

  • Litouwen

  • Lúksemboarch

  • Malta

  • Masedoanje

  • Moldaavje

  • Monako

  • Montenegro

  • Nederlân

  • Noarwegen

  • Oekraïne

  • Poalen

  • Portegal

  • Roemeenje

  • Ruslân

  • San Marino

  • Servje

  • Syprus

  • Sloveenje

  • Slowakije

  • Spanje

  • Sweden

  • Switserlân

  • Tsjechje

  • Turkije

  • Wyt-Ruslân


Ofhinklike territoaria en oare gebieten |


Der lizze njoggen ôfhinklike territoaria yn Jeropa:



  • Akrotiri en Dhekelia

  • Athos

  • de Faeröer

  • Gibraltar

  • Guernsey

  • Jan Mayen

  • Jersey

  • Man

  • Spitsbergen

Gibraltar, Guernsey, Jersey en Man binne allegearre saneamde crown dependencies ("gebieten dy't ôfhinklik binne fan de Kroan") fan Grut-Brittanje. Yn it gefal fan Gibraltar giet it om in eardere koloanje, wylst Guernsey en Jersey (dy't mei-inoar de Kanaaleilannen foarmje) en it eilân Man, yn de Ierske See, fanâlds kroandomeinen wienen. Akrotiri en Dhekelia binne soevereine Britske legerbases op Syprus. De berch Athos, yn noardlik Grikelân, ek wol bekend as Agion Oros ("Hillige Berch"), foarmet in semy-autonome mûntserepublyk. De Faeröer binne in oerseesk gebietsdiel fan Denemarken mei folslein selsbestjoer. En Jan Mayen en Spitsbergen binne - ôfsjoen fan ûndersikers, militêr personiel en mynwurkers - ûnbewenne gebietsdielen fan Noarwegen.


Fierders binne der noch in tal gebieten mei in ûnwisse status:



  • Abgaazje, dat him yn 1991 ûnôfhinklik ferklearre fan Georgje, Georgje yn in iepen oarloch fersloech en sûnt de Georgjers mei Russyske stipe bûtendoar witten hat te hâlden


  • Kosovo, dat sûnt 1999 bestjoerd wurdt troch de Jeropeeske Uny


  • Nagorno Karabach, in Armeenske enklave yn Azerbeidzjan, dy't him yn 1992 ûnôfhinklik ferklearre en sûnt ûnder beskerming fan Armeenje stiet


  • Noard-Syprus, it Turkske diel fan Syprus, dat him yn 1983 ûnôfhinklik ferklearre hat, mar dat allinne mar troch Turkije en Pakistan erkend wurdt (en ûnder Turkske beskerming stiet).


  • Súd-Osseesje, dat him yn 1991 losmakke fan Georgje en by Ruslân hearre wol.


  • Transdnjestrje, op de eastlike wâl fan de rivier de Dnjestr, dat him yn 1991 fan Moldaavje ôfskaat hat en troch nimmen erkend wurdt (mar ûnder Russyske beskerming stiet).


Jeropeeske organisaasjes |


De lannen yn Jeropa binne ferbûn troch tal fan ferdragen en organisaasjes. Op lânnivo binne dat ûnder oaren de neikommende:


  • Benelúks

  • Jeropeeske Uny

  • Rie fan Jeropa


Namme |


It komôf fan de namme "Jeropa" is net wis. It liket dat it eartiids it Grykske lân oantsjut hat, tsjinoer de Grykske eilânen, en dan letter it noarden fan Grykelân dat sels gjin eilân is, en sa letter gâns it wrâlddiel. Mar neffens de myte fan Europa wie se in famke út Fenisje, dat nei it westen nei Kreta brocht waard. De betsjutting wurdt hjoed dan ek wol socht yn it Semityske wurd ereb, sinne-ûndergong. Jeropa wurdt dan it lân nei it westen. Yn it Heine Easten moat Kreta it lân west hawwe dêr't de sinne ûndergie, en sa fierder foar Grykelân en it suden en westen fan Jeropa. Sa is Jeropa dus it Jûntiidslân.



Sjoch ek |


  • Lannen

  • Skiednis fan Jeropa


Kaarten |





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Jeropa&oldid=942734"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.044","walltime":"0.059","ppvisitednodes":"value":117,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":2354,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1311","timestamp":"20190330145039","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Jeropa","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Jeropa","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q46","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q46","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-05-30T15:59:16Z","dateModified":"2019-01-03T19:06:15Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/e/e9/LocationEurope.png"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":168,"wgHostname":"mw1240"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Barbados Ynhâld Skiednis | Geografy | Demografy | Navigaasjemenu

Σερβία Πίνακας περιεχομένων Γεωγραφία | Ιστορία | Πολιτική | Δημογραφία | Οικονομία | Τουρισμός | Εκπαίδευση και επιστήμη | Πολιτισμός | Δείτε επίσης | Παραπομπές | Εξωτερικοί σύνδεσμοι | Μενού πλοήγησης43°49′00″N 21°08′00″E / 43.8167°N 21.1333°E / 43.8167; 21.133344°49′14″N 20°27′44″E / 44.8206°N 20.4622°E / 44.8206; 20.4622 (Βελιγράδι)Επίσημη εκτίμηση«Σερβία»«Human Development Report 2018»Παγκόσμιος Οργανισμός Υγείας, Προσδόκιμο ζωής και υγιές προσδόκιμο ζωής, Δεδομένα ανά χώρα2003 statistics2004 statistics2005 statistics2006 statistics2007 statistics2008 statistics2009-2013 statistics2014 statisticsStatistical Yearbook of the Republic of Serbia – Tourism, 20152016 statisticsStatistical Yearbook of the Republic of Serbia – Tourism, 2015Πληροφορίες σχετικά με τη Σερβία και τον πολιτισμό τηςΣερβική ΠροεδρίαΕθνικός Οργανισμός Τουρισμού της ΣερβίαςΣερβική ΕθνοσυνέλευσηΣερβίαεε