Skip to main content

De Poarten fan it Wâld Ynhâld Ynhâld | Fryske oersetting | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenudizze side

Literêr wurk fan Elie WieselAutobiografyske romanHolokaustliteratuerFrânsktalige romanRoman út 1964Fryske oersetting


FrânskromanJoadskAmerikaanskeskriuwerheechlearaarNobelpriiswinnerholokaustoerlibbeneElie Wiesel1928East-JeropaTwadde Wrâldoarlochautobiografysk19642004FryskHongarijeTwadde WrâldoarlochDútserskonsintraasjekampenmessiasprofeetElíadôfstommepartisanenGodJeropaFeriene SteatenleauwechassidyskelikenislegindaryskerabbynYisroel ben Eliezer1760gebedDov Ber fan Mezeryts17041772Moshe Leib ErblichSassov17451807Israel FriedmanRužyn179618502004Jacobus KnolDokkumFryskútjouwerdizze side












De Poarten fan it Wâld




Ut Wikipedy


Ferzje op 22 okt 2017, 22.31 troch Ieneach fan 'e Esk(oerlis | bydragen) (→‎God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt: [[]] oars)

(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)






Jump to navigation
Jump to search























De Poarten fan it Wâld

oarspr. titel
Les Portes de la Forêt
auteur
Elie Wiesel
taal
Frânsk
foarm
roman
sjenre
holokaustliteratuer
1e publikaasje
1964, Parys
oarspr. útjwr.
Éditions du Seuil

oersetting nei it Frysk
Fryske titel
De Poarten fan it Wâld
publikaasje[net útjûn]
oersetter
Jacobus Knol

De Poarten fan it Wâld, yn it oarspronklike Frânsk: Les Portes de la Forêt, is in roman fan 'e hân fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). It boek fertelt it ferhaal fan 'e joad Gregor, dy't as jonge yn East-Jeropa de Twadde Wrâldoarloch oerlibbet, en syn syktocht nei de man dy't him rêde. Wiesel hat dit ferhaal mear as in bytsje autobiografysk makke. Les Portes de la Forêt waard foar it earst útjûn yn 1964; yn 2004 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.




Ynhâld





  • 1 Ynhâld

    • 1.1 God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt



  • 2 Fryske oersetting


  • 3 Boarnen, noaten en referinsjes




Ynhâld |


Yn it Hongarije fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferskûlet de santjinjierrige joadske jonge Gregor him yn in grot. Hy is dêr troch syn âldelju efterlitten, mar hy sjocht harren nea wer; se wurde oppakt troch de Dútsers en nei de konsintraasjekampen ta deportearre, dêr't se omkomme. Underwilens wachtet Gregor yn syn grot op 'e ein fan 'e oarloch en op 'e komst fan 'e messias, sadat dy in ein meitsje kin oan 'e holokaust. Ynstee komt der in oare joad by him, in man dy't fan Gavriel hjit, en dy't úthâldt dat er mei de profeet Elía sprutsen hat. Dy soe him ferteld hawwe dat de messias net mear komt, om't er al kommen is, en rûnombywêzich is.




Elie Wiesel.


Uteinlik rêdt Gavriel Gregor syn libben troch himsels op te offerjen. Gregor ferlit de grot en ferskûlet him yn in doarp, dêr't er him foardocht as in dôfstomme boerejonge. Letter jout er him yn 'e wâlden by de partisanen fan it Joadske ferset. Mar syn oarlochsaventoeren binne mar in dekôr foar wêr't dit boek echt oer giet: Gregor syn fertwifeling oer de fraach wêr't God him ferskûle hâldt. Hoe kin in minske ferlossing fine yn in wrâld dy't troch God yn 'e steek litten is? Pas lang nei de oarloch beseft Gregor wat Gavriel him eins besocht dúdlik te meitsjen. Hy begjint hiel Jeropa en letter de Feriene Steaten ôf te sykjen nei Gavriel. Mar dyselde, sa komt er úteinlik te begripen, is foar him inkeld in pleatsferfangende messias, en as er fan sa'nent ferlet hat, betsjut dat dat er syn leauwe ferlern hat yn Gavril syn boadskip dat de messias rûnombywêzich is.



God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt |


It foarwurd fan De Poarten fan it Wâld befettet in werfertelling troch Wiesel fan in âlde chassidyske likenis, dy't wol bekend stiet as God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt. De likenis ferhellet fan in rige legindaryske mar lykwols histoaryske chassidyske foaroanmannen, dy't elkmis om bar in katastrôfe ôfkeare moasten dy't op it punt stie om oer it Joadske folk te kommen. Doe't de grutte rabbyn en stifter fan it chassidyske joadendom Yisroel ben Eliezer († 1760), byneamd de Baal Shem Tov, it needlot driigjen seach, gied er nei in beskaat plak yn it wâld ta, dêr't er by in op rituële wize oanstutsen fjoer in spesjaal gebed opsei. Dêrmei smeke er in wûnder ôf en sa waard it needlot tsjinkeard.


Jierren letter, doe't der op 'e nij tsjinrampen drigen, gie de ferneamde maggid (preker) Dov Ber fan Mezeryts (±1704-1772), ien fan 'e dissipels fan 'e Baal Shem Tov, nei itselde plak yn it wâld ta. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, dat hy koe inkeld it gebed opsizze. It wie genôch, en op 'e nij waard mei in wûnder it needlot ôfkeard. Noch letter drige der wer ûnheil, dat doe gie in oare bekende chassidyske lieder, rabbyn Moshe Leib Erblich fan Sassov (1745-1807), ek it wâld yn. Hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast en de wurden fan it gebed wiene him nea leard, dat hy koe inkeld dat spesifike plak besykje. It wie genôch en it needlot waard mei in wûnder ôfkeard. Noch wer letter stie der wer in ramp op it punt om oer de Joaden te kommen. Doe foel it oan 'e rabbyn Israel Friedman fan Ružyn (1796-1850) ta om it folk derfoar te behoedzjen. Mar hy wist net hoe't er it fjoer oanstekke moast, noch hoe't er it gebed opsizze moast, noch hokker plak yn it wâld oft er hinne moast. Dat hy siet thús op syn stoel en koe inkeld ditseldichste ferhaal fertelle. En it wie genôch, en mei in wûnder waard it needlot ôfkeard. Want God hat de minske skepen om't er fan ferhalen hâldt.



Fryske oersetting |


Yn 2004 is Les Portes de la Forêt troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Poarten fan it Wâld. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  • Wiesel, Elie, De Poarten fan it Wâld (fert. Jacobus Knol), Dokkum, 2004, (net útjûn).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=De_Poarten_fan_it_Wâld&oldid=900109"










Navigaasjemenu

























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.080","walltime":"0.098","ppvisitednodes":"value":797,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":5106,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1299,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 61.166 1 -total"," 91.40% 55.906 1 Berjocht:Literatuer"," 85.14% 52.078 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 8.37% 5.120 1 Berjocht:Boarnen"," 5.06% 3.094 10 Berjocht:!!"," 4.33% 2.651 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"," 4.21% 2.577 1 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1245","timestamp":"20190306161549","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"De Poarten fan it Wu00e2ld","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/De_Poarten_fan_it_W%C3%A2ld","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q7735937","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q7735937","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2013-06-27T19:40:34Z","dateModified":"2017-10-22T20:31:43Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":106,"wgHostname":"mw1258"););

Popular posts from this blog

Trouble understanding the speech of overseas colleaguesHow can I better understand manager or clients with strong accents?Adding more movement and speech at the fundamental level to a highly-sedentary job?Difficulty in understanding Manager's accent(language and communication)How to adjust yourself where your colleagues are not understanding to you?Understanding manager's expectationsForeigner and colleagues using slangHaving difficulty understanding meetingsHow do you breathe when giving a speech?Trouble Waking Up for Emergencies (On-Call)Problems with colleaguesColleagues feeling insecure when I do my work

Are student evaluations of teaching assistants read by others in the faculty?Do teaching evaluations lead to lower standards in class?How can one learn from poor teaching evaluations?From which level of education, is it better to choose teacher assistants?Does better learning affect teaching evaluations? If so, how?Alternatives to relying solely on student evaluations of teaching to help administrators more accurately assess teaching effectivenessHow to handle communication about the class outside of the official channels, when I am a TA for a class that a friend is taking?What should I do as a TA if the instructor is not teaching properly?Are teaching assistants responsible for grading assignments not in their course?My students compliment my teaching and say they now approach the subject with newfound enthusiasm. Can I ask them to put this in writing?How to get teaching evaluations for a course as a TA / Co-instructor

Apart from “berlinern”, do any other German dialects have a corresponding verb? The Next CEO of Stack OverflowMundart: fuffzehn und fuffzig (15 und 50). Warum nicht “fuff” für 5?“Mitkommen” oder “mit jdm. kommen”?Was genau unterscheidet einen Dialekt von Umgangssprache?Welches ist das neutralste Verb für den Geschlechtsakt?Weihnachtsfest begehenVerb mit Bedeutung „etwas als nutzlos/überflüssig erkennen“?Wie kann man die Bedeutung von Verben mit Vorsilben ableiten?Indikativ als LiedtitelDialekte mit Vorname + Artikel, wann kein Artikel erlaubt?Dialekte verstehen