Skip to main content

Alec Guinness Wurkpaad Karút filmografy Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu

Ingelsk toanielakteurIngelsk telefyzje-akteurIngelsk filmakteurIngelsk autobiograafOscar-winnerTony-winnerGolden Globe-winnerPersoan berne yn 1914Persoan stoarn yn 2000


Londen2 april1914MidhurstWest Susseks5 augustus2000IngelskakteurLondenJohn GielgudMerula SalamanTwadde WrâldkriichRoyal NavyDavid LeanCharles DickensOscarnominaasje1954katolisismeGolden Globe5 oktober1958paus Pius XIIObi-Wan KenobiStar WarsGeorge LucasOrder of the British EmpireOrder of the Companions of Honourleverkanker












Alec Guinness




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search




Alec Guinness yn1973


Sir Alec Guinness de Cuffe (Londen, 2 april 1914 - Midhurst, West Susseks, 5 augustus 2000) wie in Ingelsk akteur. Hy wie ien fan de meast populêre akteurs fan syn generaasje. Hy spile in grut tal ferskate rollen yn in protte films, dêr't klassiker ûnder binne sa as The Bridge on the River Kwai en Star Wars.


Wurkpaad


Alec Guinness waard berne yn 1914 yn Londen as ûnwettich bern; synheit hat er net kend. Hy begûn as tekstskriuwer yn de reklame en doet er it jild dêrfoar hie gie er nei Fay Compton School of Acting. De grutte akteur Sir John Gielgud seach syn talint en joech him twa rollen yn syn ferzje fan Hamlet út 1934. Fan 1936 ôf spile er foar fêst yn Gielgud syn Old Vic Company, dêr't er de klassikers spyljen learde.


Dat jier troude er ek mei de keunstnaresse, toanielskriuwster en aktrise Merula Salaman. Sy krigen in soan, Matthew, yn 1940.


Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Guinness by de Royal Navy, yn dy tiid wie er fan doel om Anglikaans pryster te wurden. Nei de oarloch krige er syn twadde filmrol oanbean (1934 hie er in lytse rol yn de film Evensong). De Britske regisseur David Lean hie Guinness yn 1939 op it toaniel spyljen sjoen yn de rol fan Herbert Pocket yn de toanielbewurking fan Great Expectations fan Charles Dickens. Yn 1946 spile er Herbert Pocket wer, doe op it wite doek. Twa jier letter briek er troch as Fagin yn Leans ferzje fan Oliver Twist fan Dickens.


Yndernasjonale ferneamdens kaam yn 1949 mei de film Kind Hearts and Coronets, dêr't er acht ferskillende rollen yn hie en oare Ealing-komeedzjes sa as The Lavender Hill Mob (1951), The Man in the White Suit ('51) en The Ladykillers (1955). Foar syn rol yn The Lavender Hill Mob krige er in Oscarnominaasje foar Bêste Akteur.


Yn 1954 hie er de rol fan Father Brown yn de film The Detective. Under de opnames fan dy film bekearde er him ta it katolisisme. Hy soe syn libben lang trou oan de Tskerke bliuwe.


Yn 1957 kaam er werom by David Lean. Foar syn rol as kolonel Nicholson yn The Bridge on the River Kwai waard er beleane mei in Golden Globe en in Oscar foar Bêste Akteur. It jier dêrnei waard er wer nominearre foar in Oscar, datkear foar Bêste Skript foar de film The Horse's Mouth.


Nei syn bekearing ta it katolisisme waard er op 5 oktober 1958 yn privee-audiïnsje troch paus Pius XII ûntfongen. It soe de lêste audiïnsje fan dy paus wurde, fjouwer dagen letter wie er ferstoarn.[1]


Yn de jierren sechtich spile er yn in grut tal films, mar syn byrollen yn inkelde grutte epics van Lean, as Prins Feisal yn Lawrence of Arabia en de broer fan Dr. Zhivago út de film mei deselde namme uit 1965, foelen it meast op.


Yn 1977 berikte Guinness in hiel nij publyk, troch syn rol as Obi-Wan Kenobi yn de súksesfolle Star Wars-trilogy fan George Lucas. It smiet him in Oscarnominaasje op, mar Guinness hie it grau oan dy rol.


Yn de jierren tachtich wie er meast op telefyzje te sjen. In Oscarnominaasje foar de film Little Dorrit, ien fan syn lêste films folge yn 1988. Al yn 1980 hie Guinness in eare-Oscar foar syn folsleine oeuvre krige.


Yn 1955 waard er beneamd ta Kommandeer yn de Order of the British Empire (CBE) foar syn bydrage oan de keunsten; 1959 waard er riddere, Knight Bachelor en yn 1994 waard er opnaam yn de Order of the Companions of Honour.


Guinness stoar op 5 augustus 2000 oan leverkanker. Hy is 86 jier wurden.



Karút filmografy



  • Great Expectations (1946)


  • Oliver Twist (1948)


  • Kind Hearts and Coronets (1949)


  • The Mudlark (1950)


  • The Lavender Hill Mob (1951)


  • The Man in the White Suit (1951)


  • The Promoter (1952)


  • The Captain's Paradise (1953)


  • The Detective (1954)


  • The Ladykillers (1955)


  • The Prisoner (1955)


  • The Bridge on the River Kwai (1957)


  • The Horse's Mouth (1958)


  • Our Man in Havana (1960)


  • Tunes of Glory (1960)


  • Lawrence of Arabia (1962)


  • The Fall of the Roman Empire (1964)


  • Doctor Zhivago (1965)


  • Scrooge (1970)


  • Murder by Death (1976)


  • Star Wars: Episode IV: A New Hope (1977)


  • Raise the Titanic (1980)


  • Star Wars: Episode V: The Empire Strikes Back (1980)


  • Star Wars: Episode VI: Return of the Jedi (1983)


  • A Passage to India (1984)


  • A Handful of Dust (1988)


  • Little Dorrit (1988)


  • Mute Witness (1994)



Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Francis A. Burkle-Young, Passing the Keys. Modern Cardinals, Conclaves and the Election of the next Pope New York, Oxford, 1999 ISBN 1-56833-130-4, 75




Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Alec_Guinness&oldid=903708"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.032","walltime":"0.039","ppvisitednodes":"value":61,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":356,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":38,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":502,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 4.751 1 Berjocht:Boarnen","100.00% 4.751 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1321","timestamp":"20190330185047","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Alec Guinness","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Alec_Guinness","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q103894","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q103894","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2011-03-07T13:28:44Z","dateModified":"2017-12-29T17:17:55Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/0/0b/Sir_Alec_Guinness_Allan_Warren.jpg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":112,"wgHostname":"mw1250"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ