Skip to main content

1954 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1954

195420e iuw


desennium1950-er jierren












1954




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



























Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e
Jierren:

1949

1950

1951

1952

1953

1954

1955

1956

1957

1958

1959






























Calendar-nl.pngKalinders

Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
1954
MCMLIV

Ab urbe condita
2707

Armeenske kalinder
1403

ԹՎ ՌՆԳ



Etiopyske kalinder
1946 – 1947

Hebriuwske kalinder
5714 – 5715

Hindoekalinders

- Vikram Samvat
2009 – 2010
- Shaka Samvat
1876 – 1877
- Kali Yuga
5055 – 5056

Iraanske kalinder
1332 – 1333

Islamityske kalinder
1374 – 1374

Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.

Sineeske kalinder
4650 – 4651

庚巳 – 辛午


1954 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1954.)


Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.




Ynhâld





  • 1 Foarfallen


  • 2 Berne


  • 3 Ferstoarn


  • 4 Literatuer


  • 5 Boarnen, noaten en referinsjes




Foarfallen |



  • 3 febrewaris - De Tsiende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jeen van den Berg yn in tiid fan 7 oeren en 35 minuten.


  • 25 april - Yn Nairobi, de haadstêd fan 'e Britske koloanje Kenia, wurde by in reuseftige razzia 25.000 lju oppakt dy't derfan fertocht wurde dielnimmers of sympatisanten te wêzen fan 'e Mau-Mau-rebûlje.


  • 7 maaie - De swiere Frânske nederlaach yn 'e Slach by Dien Bien Phu betsjut de ein fan 'e Earste Yndosineeske Oarloch en liedt dêrmei ta de ûnôfhinklikheid fan Noard-Fjetnam.


  • 17 maaie - Yn 'e rjochtsaak Brown v. Board of Education leit it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten unanym it near op rasseskieding yn it ûnderwiis.


  • 12 juny - Yn it Diakonessehûs yn Ljouwert wurdt de earste Siameeske twilling fan Fryslân en Nederlân fan inoar skaat.


  • 15 juny - Oprjochting fan 'e UEFA (Uny fan Jeropeeske Fuotbal Assosjaasjes).


  • 18-27 juny - By in troch de Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA ynstigearre steatsgreep yn Gûatemala wurdt yn dat Middenamerikaanske lân de progressive presidint Jacobo Arbenz Guzmán ôfset en komt foar him yn 't plak in faksistyske militêre diktatuer oan 'e macht.


  • 20 july - Noard-Fjetnam wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.


  • 29 july - It earste diel fan J.R.R. Tolkien syn The Lord of the Rings-trilogy wurdt publisearre. (It twadde diel sil ferskine op 11 novimber fan dit jier, en it trêde diel op 20 oktober 1955.)


  • 24 augustus - De Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) wurdt troch de Amerikaanske presidint Dwight Eisenhower ta yllegale organisaasje ferklearre.


  • 8 septimber - Yn Manilla, de haadstêd fan 'e Filipinen, wurdt de Súdeastaziatyske Ferdrachsorganisaasje (SEATO) oprjochte (in súdlike wjergader fan 'e NATO), mei as leden de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Austraalje, Nij-Seelân, de Filipinen, Tailân en Pakistan. Laos, Kambodja en Súd-Fjetnam wolle wol tekenje mar kinne dat net fanwegen oare ferplichtings. Dy trije lannen falle lykwols al ûnder de garânsjes fan it oprjochtingsferdrach fan 'e SEATO. Yndia, Birma, Sry Lanka en Yndoneezje binne wol frege om lid te wurden, mar wegerje dat.


  • 9 septimber - By in swiere ierdbeving yn Algerije komme 1.200 oant 1.400 minsken om.


  • 29 septimber - Stifting fan it CERN, de ynternasjonale natuerkundige organisaasje yn Switserlân.


  • 5 oktober - Mei de dieling fan Triëst komt in ein oan 'e Triëstkrisis, dy't Itaalje en Joegoslaavje op 'e râne fan oarloch brocht hat. De benammen troch etnyske Italjanen bewenne stêd Triëst komt by Itaalje te hearren, wylst it fral troch etnyske Slovenen bewenne efterlân ûnderdiel fan Joegoslaavje wurdt.


  • 11 oktober - De orkaan Hazel treft Haïty. Der falle 1.000 deaden.


  • 15 oktober - By it Bloedbad fan Kibija rjochtet in spesjale ienheid fan it Israelyske leger, ûnder lieding fan Ariel Sharon, in slachting oan yn it Jordaanske doarp Kibija (of Qibiya). Der wurde 53 ûnwapene boargers fermoarde, wêrûnder in soad froulju en bern.


  • 1 novimber - Yn Algerije brekt de bloedige Algerynske Oarloch út, wêrby't Algerynske frijheidsstriders yn opstân komme tsjin 'e Frânske koloniale oerhearsking.


  • 8 novimber - Oprjochting fan 'e Feriening Ald Harns.


  • 14 novimber - Nei in mislearre moardoanslach op 'e Egyptyske premier Djamal Abd el-Nasser, wurdt presidint Mohammed Nagyb (dy't dêr efter siet) finzen set. Nasser nimt de macht oer en wurdt presidint.


  • 2 desimber - De Feriene Steaten en de Republyk Sina (Taiwan) slute in militêr bûnsgenoatskip.


Berne |



  • 25 jannewaris - Renate Dorrestein, Nederlânsk skriuwster, sjoernaliste en feministe († 2018)


  • 29 jannewaris - Oprah Winfrey, Amerikaansk presintatrise, aktrise en produsinte


  • 31 jannewaris - Jacobus Q. Smink, Frysk dichter en oersetter


  • 10 febrewaris - Chuck Deely, Haachsk strjitmuzikant († 2017)


  • 17 febrewaris - Gurbe Douwstra, Frysk sjonger


  • 24 febrewaris - Klaske Hiemstra, Frysk skriuwster


  • 1 maart - Catherine Bach, Amerikaansk aktrise


  • 2 maart - Willem Mook, Frysk keunstner


  • 11 maart - Lida Boonstra, Frysk byldzjend keunstneresse


  • 12 april - Evert van Hemert, Nederlânsk byldhouwer en skilder


  • 16 juny - Haitske Pijlman, Frysk reedrydster


  • 19 july - Ferd Crone, Nederlânsk politikus


  • 11 augustus - Joe Jackson, Ingelsk muzikant


  • 25 augustus - Elvis Costello, Ingelsk sjonger en komponist


  • 25 septimber - Joep Lange, Nederlânsk medikus en AIDS-ûndersiker († 2014)


  • 19 oktober - Sake Saakstra, Frysk keatser


  • 24 oktober - Henk van der Veer, Frysk skriuwer en dichter


  • 2 novimber - Auck Peanstra, Frysk skriuwster († 2016)


  • 7 novimber - Guy Gavriel Kay, Kanadeesk skriuwer


  • 14 novimber - Condoleezza Rice, Amerikaansk politika


  • 14 novimber - Douwe van der Meulen, Frysk puzelmakker


  • 22 novimber - Edgar Heap of Birds, Amerikaansk keunstner


  • 2 desimber - Huub Stapel, Nederlânsk akteur en presintator


  • 6 desimber - Tjitse Smeding, Frysk trener-pikeur († 2010)


  • 9 desimber - Pia Dijkstra, Nederlânsk telefyzjemakster en politika


  • 20 desimber - Alice May (Alie de Vries), Frysk sjongster (bekend fan it duo Maywood)


  • 31 desimber - Alex Salmond, premier fan Skotlân


  • 31 desimber - Jacobus Q. Smink, Frysk dichter en oersetter


Ferstoarn |



  • 9 febrewaris - Jannes van Dijk, Nederlânsk politikus (* 1871)


  • 6 maart - Geart Japiks van den Berg, Frysk rimelder en folksdichter (* 1886)


  • 12 april - Pim Mulier, Nederlânsk sportpionier (* 1865)


  • 7 maaie - Geart Aeilco Wumkes, Frysk predikant en bibeloersetter (* 1869)


  • 7 juny - Alan Turing, Ingelsk wiskundige (* 1912)


  • 19 juny - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist (* 1892)


  • 29 july - Coen de Koning - Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner (* 1879)


  • 5 augustus - Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten, Frysk politikus (* 1870)


  • 3 novimber - Henri Matisse, Frânsk keunstskilder (* 1869)


  • 17 desimber - Foeke Kuipers, Frysk arsjitekt (* 1871)


Literatuer |


romans

  • J.R.R. Tolkien, The Fellowship of the Ring (oerset yn it Frysk as It Selskip fan de Ring)


  • J.R.R. Tolkien, The Two Towers (oerset yn it Frysk as De Twa Tuorren)

poëzij

  • Pablo Neruda, Oda a la Cebolla (oerset yn it Frysk as Oade oan de Sipel)



























Jierren:

1949

1950

1951

1952

1953

1954

1955

1956

1957

1958

1959

Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=1954&oldid=941279"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.128","walltime":"0.157","ppvisitednodes":"value":1571,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18240,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 78.956 1 -total"," 46.29% 36.547 1 Berjocht:Kalinders"," 26.27% 20.742 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 15.39% 12.148 2 Berjocht:IuwPart"," 14.69% 11.601 2 Berjocht:JierPart"," 10.25% 8.096 1 Berjocht:JiersideUnder"," 8.78% 6.935 1 Berjocht:Kalinderjier"," 7.70% 6.079 1 Berjocht:Boarnen"," 5.51% 4.348 1 Berjocht:Armeenskal"," 4.84% 3.818 1 Berjocht:Romeinsk"],"cachereport":"origin":"mw1271","timestamp":"20190328075211","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"1954","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/1954","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q18581","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q18581","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-01-10T21:54:32Z","dateModified":"2018-12-12T21:25:43Z","headline":"jier"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":139,"wgHostname":"mw1320"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Trouble understanding the speech of overseas colleaguesHow can I better understand manager or clients with strong accents?Adding more movement and speech at the fundamental level to a highly-sedentary job?Difficulty in understanding Manager's accent(language and communication)How to adjust yourself where your colleagues are not understanding to you?Understanding manager's expectationsForeigner and colleagues using slangHaving difficulty understanding meetingsHow do you breathe when giving a speech?Trouble Waking Up for Emergencies (On-Call)Problems with colleaguesColleagues feeling insecure when I do my work

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O