Afûk Keppeling om utens | NavigaasjemenuDe thússide fan de AfûkTomke
Kultuer yn FryslânUnderwiis yn FryslânFryskHeger ûnderwiisFryske útjouwerijFryske stiftingFryske BewegingOrganisaasje oprjochte yn 1928Organisaasje yn Ljouwert
Ljouwert1928lûddragersútjouwerDe MoanneDe PompeblêdenSkylgestipepunt Frysk2006Studio FFreemwurkDoarJunior RelyTomkeOmrop FryslânTûkelteammen2004Frysk Erfskip2006Edufrysk20071938Fryske AkademyAchter de HovenBûterhoeke
Afûk
Jump to navigation
Jump to search
De Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje, Afûk, is in kulturele ynstelling yn Ljouwert mei in ferskaat oan taken en projekten. De ynstelling waard yn 1928 troch in oantal organisaasjes út de Fryske Beweging oprjochte.
De meast yn it each rinnende funksjes fan de Afûk binne dy fan boekhannel en kursusynstitút. De Afûk ferkeapet benammen boeken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hat ek in lyts oanbod fan lûddragers (cd's).
De Afûk is ek útjouwer. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek útjouwer fan it opinyblêd De Moanne en it ûnderwiistydskrift De Pompeblêden.
By de Afûk as kursusynstitút giet it benammen om saken dy't Fryslân syn taal en kultuer oanbelangje. Dêrûnder binne stoomkursussen Frysk op Skylge, kursussen om it Frysk ferstean en praten te learen, kursussen stavering, skriuwfeardigens, skiednis en Aldfrysk.
De Afûk beskikt ek oer in taaladvysburo, it stipepunt Frysk en in oersetôfdieling, foar bedriuwen, oerheden en partikulieren.
Fierder wurket de Afûk oan learplanûntwikkeling, sawol foar de eigen kursussen as foar it Fryske taal- en kultuerûnderwiis op skoallen. Foar it basisûnderwiis joech de Afûk yn 2006 de lesmetoade Studio F út en foar it fuortset ûnderwiis de metoade Freemwurk.
De Afûk docht ek oan stimulearringsregelingen foar begjinnende Fryske skriuwers. Yn 2004 hat de Afûk yn gearwurking mei it ynternettydskrift Doar de Junior Rely ynsteld, in skriuwerspriis foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis.
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt Tomke oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei Omrop Fryslân oan de tillefyzjetaalkwis Tûkelteammen. Yn 2004 hat de Afûk it projekt Frysk Erfskip tawiisd krigen.
Yn 2006 is úteinset mei it stal jaan fan it projekt Edufrysk, Frysk leare fia ynternet. Yn 2007 is dêrfoar in pilot opset. Yn 2008 binne se úteinset mei it projekt. De earste berjochten binne hiel positief, minsken fine it aardich en dogge graach mei.
De namme Afûk wie oarspronklik de ôfkoarting fan Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes en it him ûntjaan fan in reewilligersorganisaasje nei ien mei (mear) betelle meiwurkers is de ôfkoarting in namme wurden. Yn 1938 hat de Fryske Akademy him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.
Nei jierren oan Achter de Hoven sitten te hawwen, sit de Afûk no oan de Bûterhoeke yn Ljouwert.
Keppeling om utens |
- De thússide fan de Afûk
- Tomke
Kategoryen:
- Kultuer yn Fryslân
- Underwiis yn Fryslân
- Frysk
- Heger ûnderwiis
- Fryske útjouwerij
- Fryske stifting
- Fryske Beweging
- Organisaasje oprjochte yn 1928
- Organisaasje yn Ljouwert
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.016","walltime":"0.023","ppvisitednodes":"value":29,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1270","timestamp":"20190305042134","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":109,"wgHostname":"mw1246"););