Toppenhuzen Ynhâld Mienskip | Strjitten | Ryksmonuminten yn Toppenhuzen | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuWebstek Top-en-TwelGemeente Wymbritseradiel Oer Top-en-Twel53° 1' NB, 5° 42' EL
ToppenhuzenDoarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984)Doarp of stêd yn WymbritseradielDoarp of stêd yn Súdwest-Fryslân
Súdwest-FryslânSnitsWymbritseradielTwellingea14e iuw15e iuwIt GesTwellingeaHoukesleatPrinses MargrietkanaalBroersleatWite BrekkenDe Jouwer19e iuwGeau's MoleGeaupolderAmerikaanse wynmotorswynmotors Twellingea 12Hennie de BoerKulturele Rie Wymbritseradiel1986strjitten fan Top-en-Twel
Toppenhuzen
Jump to navigation
Jump to search
Toppenhuzen (Oppenhuizen) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt súdeast fan Snits, njonken it yndustryterrein Houkesloot II. Oant 2011 lei Toppenhuzen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Toppenhuzen hat likernôch 1.135 ynwenners (2006), mei Twellingea der by 1602.
It wurdt yn de earste helte fan de 14e iuw Opmanhusen neamd en pas yn de 15e iuw Uytwellinga ( Wtwallinghergae).
It doarp, dat by It Ges lâns boud is, foarmet tegearre mei Twellingea it twillingdoarp Top en Twel. It Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. Foar de boeren wie dit wetter fan belang om harren healannen te berikken. De Broersleat jout ferbining mei de Wite Brekken. Oer de dyk hat it ferbining mei Snits en mei De Jouwer.
Ten easten fan Toppenhuzen stiet de út de 19e iuw datearjende Geau's Mole, dy't it natoergebiet de Geaupolder bemealt. Hy docht dit mei de twa Amerikaanse wynmotors, de wynmotors Twellingea 1 en 2.
Op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaardawei stiet yn Toppenhuzen it keunstwurk De Trije Bruorren, yn 1996 makke troch Hennie de Boer, yn opdracht fan de Kulturele Rie Wymbritseradiel. It byldet it reuzeteltsje De Trije Bruorren út.
Oant 1986 stie efter it fabryk fan Lankhorst in spinnekopmole.
Ynhâld
1 Mienskip
1.1 Ferienings
1.2 Befolking
2 Strjitten
3 Ryksmonuminten yn Toppenhuzen
4 Boarnen, noaten en referinsjes
Mienskip |
Der is in feriening foar Doarpsbelang Top-en-Twel.
Yn de buorren fan it doarp stiet It Harspit, it is skoalle en sporthal yn ien. Der binne ek geregeld toanielfoarstellings of sportwedstriden. Der is noch in supermerk, in bakker en in slachter. Boppedat is der noch in ridende griente en tsiisboer.
Toppenhuizen hat ferskate jeugdgroepen dy't gearkomme yn saneamde keten of dophokken. Se steane û.o. oan de Afkelânsdyk en de Grutte Súdein.
Der komme wol fjouwer bands út top-en-Twel: Bleach, Geradbraakt, Knoprot en Related Stuff.
Ferienings |
- Animato - folksdûnsjen
- Ferdivedaasje - toaniel
- Ardito en Euphonia - korpsen
- Top & Twel
- Fluchheid en Krêft - gymnastyk
- TOP '63
- Top en Twel - follybal
Befolking |
1954 - 717
1959 - 759
1964 - 776
1969 - 771
1973 - 716
2004 - 1170?
Strjitten |
De strjitten fan Top-en-Twel
Ryksmonuminten yn Toppenhuzen |
Johannestsjerke (2013)
Pastorij (foarhinne)
Geasicht
Geau's Mole
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Toppenhuzen
- Doarp of stêd yn Wymbritseradiel (oant 1984)
- Doarp of stêd yn Wymbritseradiel
- Doarp of stêd yn Súdwest-Fryslân
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.028","walltime":"0.057","ppvisitednodes":"value":75,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":1034,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":255,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":2964,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 7.892 1 -total"," 60.95% 4.810 1 Berjocht:Koördinaten"," 38.25% 3.019 1 Berjocht:Boarnen"," 32.67% 2.578 1 Berjocht:MapsServer"],"cachereport":"origin":"mw1328","timestamp":"20190305100252","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Toppenhuzen","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Toppenhuzen","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q639019","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q639019","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2005-06-14T22:09:52Z","dateModified":"2018-10-12T09:35:15Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/0/0d/Map_NL_Wymbritseradiel_Toppenhuzen.png"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":148,"wgHostname":"mw1274"););