Kairo Ynhâld Lizzing | Skiednis | Nijsgjirrichheden | ferkear en ferfier | Berne yn Kairo | Keppeling om utens | NavigaasjemenuCommons: KairoKairoKairo op Wikivoyage30° 3' NB, 31° 14' OL
Haadstêd yn AfrikaPlak yn EgyptePlak stifte yn 969
ArabyskhaadstêdEgypteAfrikaMidden-EastenNylRosettaDamiettaGizehPiramiden fan GizehMemfisRomeinske tiid969FatimidenFustatBagdad1258MongoalenMohammed AlyNylSuezkanaal18821952sloppenwikenHosni MubarakUNESCOwrâlderfgoed2004Cairo International AirportKairo-Kaapstêd SnelweiKaapstêd
Kairo
Jump to navigation
Jump to search
| |||
Lân | Egypte | ||
Gûvernemint: | al-Qahira | ||
Ynwennertal | 7.947.121 (2008) | ||
Ynwennertal stêdekloft: | 16.078.877 (2008) | ||
Oerflak: | 214 km² | ||
Oerflak stêdekloft: | 5.360 km² | ||
Tiidsône: | UTC +2 |
Kairo (Arabysk: Al-Qāhira) is de haadstêd fan Egypte. Yn de stêd wenje offisjeel sa'n 8 miljoen minsken, mar troch it grutte tal yllegale ymmigranten yn de stêd moat dit oantal noch heger lizze. Mei de stêdekloft om Kairo hinne beskikt leit it oantal nei skatting op sa'n 16 miljoen ynwenners dêr't Kairo de grutste stêd fan Afrika mei is en fan it Midden-Easten en ien fan de grutste fan de wrâld. De stêd is ek ien fan de meast fersmoarge stêden fan de wrâld en it ferkear is ien grutte gaos.
Ynhâld
1 Lizzing
2 Skiednis
3 Nijsgjirrichheden
3.1 Bouwurken
3.2 Musea
3.3 New Cairo
4 ferkear en ferfier
5 Berne yn Kairo
6 Keppeling om utens
Lizzing |
De stêd leit oan de eastigge fan de Nyl yn it noarden fan Egypte, súdlik fan it plak dêr't dizze rivier har yn de delta fertakket yn de Rosetta en deDamietta. Westlik fan Kairo lizze Gizeh en de Piramiden fan Gizeh. Yn it suden is ek de lokaasje fan de klassike Egyptyske stêd Memfis.
Skiednis |
De skiednis fan Kairo giet werom oant de Romeinske tiid, doe't op it plak fan de tsjintwurdige stêd in fort stie as symboal fan de Romeinske macht. Offisjeel waard de stêd yn 969 stiften troch de Fatimiden, een Noard-Afrikaanske dynasty. Sy bouden tichtby de garnizoenstêd Fustat in nije haadstêd en neamden de stêd Al-Medina Al-Qahirah, de Oerwinnende Stêd.
Nei de ferwoasting fan Bagdad yn 1258 troch de Mongoalen, waard Kairo de wichtichste kulturele en yntellektuele stêd fan it Midden-Easten.
Mei de komst fan Ismael, pakesizzer fan Mohammed Aly, healwei de 19e iuw soe de ûntjouwing fan de stêd yn in streamfersnelling telâne komme. Dêr't hjoed-de-dei it stêdsdiel fan Kairo leit, wie eartiids inkel in sompich gebiet dat alle jierren troch de Nyl oerstreamd waard. Troch Ismael waard de sompe drûch makke. Fierders nûge hy út Jeropa boumasters om njonken de âlde Islamityske stêd in modern Kairo yn nij-Jeropeeske styl te ûntwerpen. Yn dyselde tiid waard ek it Suezkanaal groeven en foar skipfeart iepensteld dêr't hy de stêd op de ynternasjonale kaart mei sette. Sûnt dan makket it Egyptyske sakenlibben in wichtige groei- en bloeiperioade troch, mar waard ek in protte skulden makke troch de stêd.
Yn 1882 kaam de stêd ûnder kontrôle fan de Britten oant alle skulden werom betelle wienen. Dizze besetting soe lang om let oant yn 1952 yn stân bliuwe, doe't in grutte revolúsje dêr ynienen in ein oan makke. Sûnt dy tiid hat de stêd in ûnbidige befolkingsgroei trochmakke, dy't late ta in gebrek oan húsfesting. Dêrom waard yn de jierren ’60 en ’70 de westlike ouwer fan de Nyl ynliifd by de stêd en waarden hiel wat nije wiken út de grûn stampe. Dizze útwreidingen wienen lykwols net genôch om de wenningneed temjitte te kommen en der ûntstienen yn de woastyn eastlik fan de stêd sloppenwiken. Under it bewâld fan Hosni Mubarak binne stadichoan ferbetteringen kaam, mar dochs bleau de oerbefolking, earmoede en fersmoarging de stêd parten spyljen.
Nijsgjirrichheden |
Bouwurken |
De âlde binnenstêd fan Kairo is troch de UNESCO ta wrâlderfgoed ferkleare.
- Piramiden fan Gizeh: Piramide fan Geops, Piramide fan Chefren, Piramide fan Mycerinus
Khan El-Khalili bazaar- Kairo Tower
- Sitadel (Kairo)
- Nilometer
- Gezira (Kairo)
Musea |
- Egyptysk Museum
- Koptysk Museum
- Mahmoud Khalil-museum
- Museum fan it Abdeen-paleis
- Museum foar Islamityske Keunst
- Nasjonaal Museum fan Egyptyske Moderne Keunst
New Cairo |
New Cairo (Nij Kairo) is in nij stêdsdiel fan Kairo. De bou fan it megaprojekt begûn yn 2004. New Cairo is rommer fan opset as it âlde Kairo, dêrtroch is it ek skjinner en der is minder lûdsoerlêst.
Tusken de 17 en 28 kilometer eastlik fan de binnenstêd leit in heuveleftige woastyn, dêr't ynvestearders op in oerflak fan 120 km² bouwe meie. New Cairo en Kairo binne mei sneldiken ferbûn. Yn it nije Kairo is plak foar likernôch 2,2 miljoen minsken. Der binne winkelsintra, parken, ynternasjonale skoallen en universiteiten.
ferkear en ferfier |
Yn Kairo leit de ynternasjonale luchthaven Kairo Cairo International Airport (koade: CAI).
Fan Kairo set de Trans-Afrikaanske Kairo-Kaapstêd Snelwei útein. Dizze wei, dy't goed 10.000 kilometer lang is, folget in rûte troch it easten fan Afrika nei it suden en einigt yn Kaapstêd.
Berne yn Kairo |
Fuad I fan Egypte (26 maart 1868), kening fan Egypte
Naguib Mahfouz (11 desimber 1911 - 30 augustus 2006), skriuwer en Nobelpriiswinner
Faroek I (11 febrewaris 1920), kening fan Egypte
Boutros Boutros-Ghali (14 desimber 1922), sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes
Bob Azzam (24 oktober 1925), sjonger en orkestlieder
Yasser Arafat (24 augustus 1929), Palestijnsk militêr en politikus
Dalida (17 jannewaris 1933), sjongster en aktrise
Ibrahim Karim (1 febrewaris 1942), architekt
Mohammed el-Baradei (17 juny 1942), haad Ynternasjonaal Atoamenerzjy Agintskip
Fuad II van Egypte (16 jannewaris 1952), kening fan Egypte
Magdi Allam (22 april 1952), Italjaansk sjoernalist
Hossam Hassan (10 augustus 1966), fuotballer
Hany Ramzy (10 maart 1969), fuotballer
Ahmed Hossam (Mido) (23 febrewaris 1983), fuotballer
Sherif Ekramy (1 july 1983), fuotballer
Keppeling om utens |
Commons: Kairo – foto, fideo en harktriemmen
(ned) Kairo
(in) Kairo op Wikivoyage
Kategoryen:
- Haadstêd yn Afrika
- Plak yn Egypte
- Plak stifte yn 969
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.052","walltime":"0.077","ppvisitednodes":"value":270,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":2513,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":292,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 25.389 1 -total"," 34.59% 8.781 1 Berjocht:Ynfoboks_stêd"," 21.14% 5.367 1 Berjocht:Koördinaten"," 18.77% 4.766 1 Berjocht:Nl"," 14.31% 3.632 1 Berjocht:En"," 10.44% 2.650 1 Berjocht:MapsServer"," 9.99% 2.536 5 Berjocht:!!"," 9.66% 2.452 1 Berjocht:CommonsLyts"," 9.65% 2.449 2 Berjocht:Taalwerjefte"],"cachereport":"origin":"mw1257","timestamp":"20190318080938","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":153,"wgHostname":"mw1264"););