1946 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Film | Byldzjende keunst | Boukeunst | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1946
194620e iuw
desennium1940-er jierrenFinlânIlmari Launis
1946
Jump to navigation
Jump to search
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 1946 MCMXLVI |
Ab urbe condita | 2699 |
Armeenske kalinder | 1395 ԹՎ ՌՅՂԵ |
Etiopyske kalinder | 1938 – 1939 |
Hebriuwske kalinder | 5706 – 5707 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2001 – 2002 |
- Shaka Samvat | 1868 – 1869 |
- Kali Yuga | 5047 – 5048 |
Iraanske kalinder | 1324 – 1325 |
Islamityske kalinder | 1365 – 1365 |
Juliaanske kalinder | Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4642 – 4643 壬酉 – 癸戌 |
1946 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1946.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Ynhâld
1 Foarfallen
2 Berne
3 Ferstoarn
4 Literatuer
5 Film
6 Byldzjende keunst
7 Boukeunst
8 Boarnen, noaten en referinsjes
Foarfallen |
11 jannewaris - Yn Albaanje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepubyk Albaanje, mei Enver Hoxha as earste presidint.
9 febrewaris - Yn Nederlân wurdt de Partij fan de Arbeid oprjochte.
21 febrewaris - Yn Finlân wurde by de saneamde Oarlochsferantwurdlikheidsprosessen swiere straffen oplein oan politisy dy't yn 1941 ferantwurdlik wiene foar it ferbûn mei nazy-Dútslân. Under harren is ek âld-presidint Risto Ryti, dy't tsien jier finzenisstraf mei twangarbeid oplein kriget.
6 maart - Yn 'e nije Grûnwet fan Japan wurdt de macht fan 'e keizer sterk beheind.
15 maart - It Feriene Keninkryk stimt yn mei de folsleine ûnôfhinklikheid fan Britsk-Ynje.
30 maart - De Grykske Boargeroarloch brekt út tusken it regear en kommunistyske opstannelingen.
7 maaie - Yn Nederlân wurdt NSB-lieder Anton Mussert foar lânferrie terjochtsteld.
25 maaie - Jordaanje (yn 't earstoan noch ûnder de namme Transjordaanje) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
26 maaie - Nei in ferkiezingsoerwinning komme yn Tsjechoslowakije de kommunisten oan 'e macht.
1 juny - Yn Roemeenje wurdt de eardere faksistyske diktator fan dat lân, Ion Antonescu, terjochtsteld.
2 juny - By it Italjaansk referindum oer de monargy stimt in krappe mearderheid tsjin: Itaalje wurdt in republyk. De lêste kening, Umbert II, giet yn ballingskip.
19 juny - Hadj Amyn al-Hûsseini, de grutmûfty fan Jeruzalim, dy't himsels ûnder de Twadde Wrâldoarloch nau ferbûn hie mei nazy-Dútslân, kriget asyl yn Egypte.
4 july - De Filipinen wurde ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
4 july - By it Bloedbad fan Kielce, in anty-Joadske pogrom yn 'e Poalske stêd mei dy namme, komme 39 minsken om
17 july - Yn 'e Joegoslavyske haadstêd Belgrado wurdt generaal Dragoljub Mihailović, de lieder fan 'e yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei nazy-Dútslân kollaborearjende Četniks, terjochtsteld.
23 july - De terroristyske Joadske organisaasje Irgun fiert yn it mandaatgebiet Palestina de oanslach op it King David Hotel út, wêrby't 91 deaden falle.
26 juny - Fuotbalferiening Harkemase Boys wurdt oprjochte.- begjin augustus - Hotze Schuil fan Harns, Æbe Haima fan Doanjum en Riemer Reinalda fan Winsum winne yn Frjentsjer de PC.
25 augustus - De RON, in foarrinner fan Omrop Fryslân, begjint mei it útstjoeren fan Nederlânsktalige radioprogramma's, rjochte op Fryslân.
15 septimber - Yn Bulgarije wurdt kening Simeon II ôfset. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Bulgarije.
20 septimber - It Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurdt foar it earst holden.
1 oktober - Yn 'e Prosessen fan Neurenberch wurde deafûnissen útsprutsen tsjin Hermann Göring, Joachim von Ribbentrop, Wilhelm Keitel, Ernst Kaltenbrunner, Alfred Rosenberg, Hans Frank, Wilhelm Frick, Fritz Sauckel, Alfred Jodl, Julius Streicher en Arthur Seyss-Inquart. Lange finzenisstraffen wurde oplein oan Rudolf Hess, Walther Funk, Erich Raeder, Albert Speer, Baldur von Schirach, Konstantin von Neurath en Karl Dönitz. Hjalmar Schacht, Franz von Papen en Hans Fritzsche wurde frijsprutsen.
16 oktober - Yn Neurenberch wurde de op 1 oktober l.l. útsprutsen deafûnissen útfierd. Hermann Göring wit oan 'e ophinging te ûntkommen troch koart tefoaren selsmoard te dwaan troch in him tasmokkele syaankalypil yn te nimmen.
27 oktober - By ferkiezings yn Bulgarije komme de kommunisten oan 'e macht.
23 novimber - De Frânske marine besjit by it saneamde Ynsidint fan Hải Phòng de opstannige Fjetnameeske stêd Hải Phòng, wêrby't mear as 6.000 Fjetnameeske boargers omkomme.
19 desimber - Yn Fjetnam brekt de Earste Yndosineeske Oarloch út tusken de Viet Minh, in kommunistyske organisaasje dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid, en de Frânske koloniale machthawwers.
sûnder datum - Emily Greene Balch en John Raleigh Mott ûntfange de Nobelpriis foar de Frede.
Berne |
- jannewaris
1 - Rick Hurst, Amerikaansk akteur
6 - Johan Veenstra, Stellingwerfsk skriuwer en ferteller
- febrewaris
10 - Klaasje Postma, Frysk aktrise en toanielskriuwster
21 - Alan Rickman, Ingelsk akteur († 2016)
23 - Cees Bijlstra, Frysk redakteur en komponist († 2004)
- maart
1 - Sido Martens, Frysk muzikant
10 - Jack Talstra, Frysk-Kanadeesk politikus († 2014)
22 - Martha van Wichen-Schol, Frysk wurdboekgearstalster en dichteresse († 2004)
28 - Wubbo Ockels, Nederlânsk natuerkundige en astronaut († 2014)
- april
1 - Baukje Wytsma, Frysk skriuwster en sjoernaliste
10 - Armand, Nederlânsk protestsjonger († 2015)
25 - Johan Cruijff, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener († 2016)
- maaie
31 - Ytsje Hettinga, Frysk toanielaktrise, skriuwster en oersetster
- juny
2 - Tineke Steenmeijer-Wielenga, Frysk konservatrise, leararesse en skriuwster
- july
6 - George W. Bush, presidint fan 'e Feriene Steaten- 6 - Tiemen Groen, Frysk hurdfytser
20 - Cobi Doevendans, Frysk byldzjend keunstneres
26 - Thom van der Goot, Nederlânsk teäterdirekteur en regisseur
- augustus
2 - Anny de Jong, Frysk skriuwster
18 - Leonard George, Kanadeesk akteur († 2017)
19 - Bill Clinton, presidint fan 'e Feriene Steaten
- septimber
5 - Loudon Wainwright III, Amerikaansk sjonger, lietsjeskriuwer en humorist- 5 - Freddie Mercury, Ingelsk sjonger
12 - Steve Biko, Súdafrikaansk anty-apartheidsaktivist († 1977)
30 - Rense Westra, Frysk akteur († 2015)
- oktober
6 - Gosse Blom, Frysk taalkundige († 2014)
10 - Charles Dance, Ingelsk akteur
- novimber
4 - Laura Bush, Amerikaansk presidintsfrou
19 - Piet Hemminga, Frysk bestjoerskundige en publisist
- desimber
3 - Joop Zoetemelk, Nederlânsk hurdfytser
4 - Geert Mak, Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer
8 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner († 2001)
24 - Jan Akkerman, Nederlânsk muzikant
30 - Gerlof Smit, Frysk byldzjend keunstner († 2014)
31 - Zakia Meghji, Tanzaniaansk politika
- datum ûnbekend
Della Warrior, Amerikaansk politika en bestjoerster
Ferstoarn |
21 jannewaris - jonkhear T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, Frysk abbekaat en oersetter (* 1869)
9 april - Ane Nauta, Frysk arsjitekt (* (1882)
24 maart - Aleksander Aljechin, Russysk skaker (* 1892)
31 maart - Robert E. Strahorn, Amerikaansk sjoernalist (* 1852)
2 augustus - Johannes Jurres, Frysk keunstskilder en heechlearaar (* 1875)
13 augustus - H.G. Wells, Ingelsk skriuwer (* 1866)
15 oktober - Hermann Göring, Dútsk oarlochsmisdiediger (* 1893)
25 oktober - Hendrik Wouda, Frysk arsjitekt en meubelûntwerper (* 1885)
22 desimber - Gerrit Keizer, Frysk artyst en lyts minske (* 1874)
Literatuer |
- prizen
- De Switserske skriuwer Hermann Hesse wint de Nobelpriis foar de Literatuer
- romans
Bertus Aafjes, Bevrijdingsdag
Simon Vestdijk, Ierse Nachten (skreaun yn 1942)
Arthur van Schendel, Het Oude Huis
Simone de Beauvoir, Tous les Hommes sont Mortels
Bertus Aafjes, De Zeemeerminnen
- poëzij
Bertus Aafjes Een Voetreis naar Rome
Film |
- The Al Jolson Story
- La Belle et la Bête
Byldzjende keunst |
Pferde (1946) Willy Reetz
Boukeunst |
Paltamo-tsjerke, Finlân (1946) Ilmari Launis
Jierren: | 1941 | 1942 | 1943 | 1944 | 1945 | 1946 | 1947 | 1948 | 1949 | 1950 | 1951 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Commons
|
Kategoryen:
- 1946
- 20e iuw
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.136","walltime":"0.171","ppvisitednodes":"value":1653,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18266,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":1744,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 71.322 1 -total"," 34.61% 24.684 1 Berjocht:Kalinders"," 27.66% 19.730 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 14.58% 10.399 2 Berjocht:IuwPart"," 13.91% 9.924 2 Berjocht:JierPart"," 9.08% 6.473 1 Berjocht:Boarnen"," 8.43% 6.010 1 Berjocht:JiersideUnder"," 6.45% 4.603 1 Berjocht:Kalinderjier"," 4.78% 3.410 1 Berjocht:Armeenskal"," 4.68% 3.337 1 Berjocht:Commonscat"],"cachereport":"origin":"mw1344","timestamp":"20190326143741","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"1946","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/1946","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q18610","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q18610","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-01-10T22:14:28Z","dateModified":"2019-03-26T14:37:43Z","headline":"jier"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":113,"wgHostname":"mw1327"););