Fryslân YnhâldGeografySkiednisBestjoerDemografyPlakkenTaalEkonomyFerdivedaasjeSjoch ekKeppelings om utens Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.fryslan.frlCommons: FryslânWebstee fan de Provinsje Fryslân.ahn.nlSinnekaart NederlânAktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons NederlânKNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000CBS Bevolking 2010Emigraasje nei de Feriene Steatenfryslan.frlReligie; naar regio; 2000/2002 of 2003Fryske taalatlas 2011 (side 4 en 5)Fryske taalatlas 2011 (side 12)CBSEurostat Jahrbuch der Regionen 2009PDFXLSCBSMuseumfederaasje Fryslân
TopsideFryslânProvinsje fan NederlânBestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814
provinsjeNederlânFrânske Tiid181431 desimber2018oerflakkm²wetterkustwaadeilannenâlve stêdengemeentenFryske wengebietGrinslânDrinteOeriselNoardeastpolderOfslútdykWest-FryslânNoard-HollânSurchIselmarWaadseeIselmarWaadseeWaadseeNoardseeFjoerboetsdúnFlylânBoskberchAppelskeaFryske marrenAppelskeaNasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâldit OranjewâldSteatsboskbehearNatuermonumintenIt Fryske GeaSúdwest-FryslânOpsterlângemeente LjouwertNederlânskeklimaatklassifikaasje fan KöppenNoardseegemalenôfwetteringsynstallaasjesWetterskip FryslânFrisiiGrutte FolkeferfarrenSkiednis fan FryslânSkiednis fan de FriezenTiidline fan de Fryske skiednisFryske RykFryske FrijheidUpstalbeamHearlikheid FryslânGrinzer OmmelannenEastfrysk Greefskip en FoarstedomWest-FryslânWesterlauwersk-FryslânGrinslânEast-FryslânNoard-FryslânterpenRomeinenFlyIemsGrutte FolkeferfarrenRedbadFrankenBonifatiusDokkumFryske frijheidAldfryskSân seelannenUpstalbeamSkieringers en FetkeapersSân Feriene NederlannenHearlikheid Fryslânfjouwer goaënWestergoaEastergoaSânwâldenAlve StêdenLjouwertUniversiteit fan FrjentsjerAdmiraliteit fan FryslânFrânske tiidKeninkryk HollânKeninkryk fan 'e NederlannenProvinsjehûsProvinsjale Steaten fan FryslânDeputearre SteatenKommissaris fan de KeninginneJohn Jorritsma2011PvdACDAFNPlânboukrisis fan 1880Feriene Steaten31 desimber2018befolkingAlve StêdenAlvestêdetochtbeskerme stedsgesichtenbeskerme doarpsgesichtenWesterlauwersk FryskNederlânskFryske talenSealterfryskNoardfryskFryskDantumadielNederlânsktrijetalige skoallenIt BiltFryske MarreprojektFryske eilannenLjouwertIt HearrenfeanDrachtenBYPA6A7A31A32njoggen akwaduktenFryske MarrenprojektLjouwert-StarumLjouwert-Swolspoar fan Grins nei It Hearrenfeanhaven fan HarnsVan HarinxmakanaalPrinses MargrietkanaalRederij DoeksenFlylânSkylgeRederij Eigen Feartsjinst SkylgeWagenborgHolwertIt AmelânLauwerseachSkiermûntseachFleanfjild DrachtenAmelân Fleanfjild BallumFleanbasis LjouwertUNESCO-wrâlderfskiplistWaadseeYr. D.F. WoudagemaalMuseumfederaasje FryslânNatuermuseum It AmelânTresoarJopie Huisman MuseumNatoermuseum FryslânEise Eisinga PlanetariumFrysk MuseumMuseum BelvédèreGysbert JapiksJoast HalbertsmaPiter Jelles TroelstraSimke KloostermanFedde SchurerRely JorritsmaObe PostmaRink van der Velde
Fryslân
Jump to navigation
Jump to search
Fryslân | |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
| |||||||
|
Dizze side giet oer de Nederlânske provinsje Westerlauwersk Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttings).
Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 31 desimber 2018 647.784 ynwenners. It oerflak beslacht 6198,64 km², wêrfan 2849,38 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.
Ynhâld
1 Geografy
1.1 Lânskipsgebieten
1.2 Gemeenten
1.3 Klimaat
2 Skiednis
3 Bestjoer
3.1 Utslaggen Steateferkiezings
4 Demografy
4.1 Religy
5 Plakken
5.1 Alve stêden
5.2 Grutste plakken
5.3 Beskerme steds- en doarpsgesichten
6 Taal
6.1 Frysk
6.2 Nederlânsk
6.3 Oare taalfarianten
7 Ekonomy
7.1 Ferkear
7.2 Media
8 Ferdivedaasje
8.1 Sport
8.2 UNESCO
8.3 Musea
8.4 Eveneminten
8.5 Literatuer
9 Sjoch ek
10 Keppelings om utens
11 Boarnen, noaten en referinsjes
Geografy
De Fryske fêstewâl wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch de provinsjes Grinslân en Drinte, en yn it suden troch Oerisel en de Noardeastpolder. De Ofslútdyk ferbynt West-Fryslân yn Noard-Hollân mei de Fryske fêstewâl by it plak Surch en is de skieding tusken de Iselmar en de Waadsee. De Iselmar leit westlik/súdwestlik fan de Fryske fêstewâl en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. De fjouwer Waadeilannen dy't by de provinsje hearre binne de natuerlike skieding tusken Waadsee en Noardsee.
It heechste punt fan de provinsje Fryslân is de 45 meter hege Fjoerboetsdún op Flylân. Op de fêstewâl is de Boskberch by Appelskea mei 27 meter it heechste punt, it djipste punt fan de provinsje is −2 meter.[1]
Lânskipsgebieten
It gea kin ferdielt wurde yn ferskate lânskipsgebieten:
- It Lege Midden leit sintraal yn de provinsje.
- Yn it súdeasten lizze de Stellingwerven.
- Yn it easten fan de provinsje lizze de Fryske Wâlden.
- Yn it noarden en it westen leit de Klaaistreek.
- Yn it súdwesten leit de Súdwesthoeke dêr't it Gaasterlân ek ta rekkene wurdt.
- Yn it noarden de fjouwer Waadeilannen (Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach).
Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen de Súdwesthoeke, binne ferneamd. Yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stodunen te sjen, lykas yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De boskgebieten lizze benammen yn it suden en easten fan de provinsje, lykas de bosken yn de omkriten fan it Oranjewâld. De grutste natoerbehearders yn de provinsje Fryslân binne: Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea.
Bosk, greide, eilannen en wetter | ||||||||||||||||
Gemeenten
De Wikipedy hat ek in side Fryske gemeenten.
Fryslân bestiet sûnt 2019 út 18 gemeenten. Nei lânoerflak is Súdwest-Fryslân de grutste gemeente, dêrnei folget Opsterlân. Nei ynwennertal is de gemeente Ljouwert mei 94.131 ynwenners fierwei it grutst. De twadgrutste gemeente nei ynwennertal is sûnt 1 jannewaris 2011 de gemeente Súdwest-Fryslân, mei in ynwennertal fan 82.284 minsken.
Yn ûndersteande tabel steane alle 18 gemeenten, mei dêrefter it lânoerflak, it tal ynwenners (per 31 des. 2018), de befolkingstichtens, it trochsneed ynkommen nei ynwenners en it haadplak. Gemeenten mei in stjerke efter de namme hawwe offisjeel in Nederlânske of tuskenbeiden namme, dy't net gelyk is oan de Fryske namme.
Nr. | Namme | Lânoerflak (km2) | Ynwenners | Befolkingstichtens inw./km² | Trochsneed ynkommen € de ynw. | Haadplak |
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Achtkarspelen | 102,61 | 27.897 | 274 | 11.400 | Bûtenpost |
2 | It Amelân* | 59,18 | 3.677 | 59 | 11.700 | Ballum |
3 | Dantumadiel | 85,67 | 18.928 | 225 | 11.100 | Damwâld |
4 | Eaststellingwerf* | 224,16 | 25.520 | 117 | 11.900 | Easterwâlde |
5 | Flylân* | 36,16 | 1.142 | 32 | 13.300 | East-Flylân |
6 | De Fryske Marren | 559,93 | 51.447 | De Jouwer | ||
7 | Harns* | 25,02 | 15.766 | 631 | 12.000 | Harns |
8 | It Hearrenfean* | 135,21 | 50.260 | 321 | 12.900 | It Hearrenfean |
9 | Ljouwert* (haadstêd) | 79,16 | 123.054 | 1165 | 12.300 | Ljouwert |
10 | Noardeast-Fryslân | 516,45 | 45.157 | Dokkum | ||
11 | Opsterlân* | 224,86 | 29.689 | 134 | 12.500 | Beetstersweach |
12 | Skiermûntseach* | 40,79 | 940 | 23 | 14.200 | Skiermûntseach |
13 | Skylge* | 87,11 | 4.893 | 54 | 13.400 | West-Skylge |
14 | Smellingerlân* | 118,46 | 55.932 | 467 | 12.200 | Drachten |
15 | Súdwest-Fryslân | 433,09 | 89.715 | 190 | - | Snits |
16 | Tytsjerksteradiel | 149,59 | 31.743 | 216 | 12.500 | Burgum |
17 | De Waadhoeke* | 316,00 | 46.163 | Frjentsjer | ||
18 | Weststellingwerf | 221,53 | 25.828 | 117 | 12.000 | Wolvegea |
Klimaat
Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Fryslân yn in sône mei in Cfb-klimaat: In myld maritym seeklimaat (mei troch de ynfloed fan de Noardsee). De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5°C. It tal sinne-oeren yn Fryslân is 1.475 yn ’t jier. [2] De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum, op Flylân, en op Skylge.[3]
Moanne | Jan | Feb | Maa | Apr | Maa | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Yn 't jier |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Heechste temp. ea metten °C | 12,6 | 14,4 | 20,4 | 26,0 | 28,7 | 32,5 | 31,4 | 32,8 | 29,1 | 23,8 | 16,4 | 14,2 | 32,8 |
Maks. trochsneed temp. °C | 4,6 | 5,1 | 8,3 | 11,4 | 15,9 | 18,1 | 20,3 | 20,8 | 17,6 | 13,4 | 8,7 | 5,8 | 12,5 |
Min. trochsneed temp. °C | -0,2 | -0,4 | 1,6 | 3,2 | 6,9 | 9,8 | 12,2 | 12,0 | 9,8 | 6,6 | 3,3 | 1,1 | 5,5 |
Leechste temp. ea metten °C | -19,9 | -16,3 | -16,3 | -5,9 | -1,7 | 1,3 | 5,7 | 5,4 | 2,0 | -6,5 | -14,2 | -19,2 | -19,9 |
Reinfal yn mm | 65,6 | 42,1 | 59,4 | 38,4 | 51,4 | 68,7 | 64,2 | 60,2 | 82,1 | 78,4 | 83,7 | 73,0 | 767,2 |
Skiednis
Skiednis fan Fryslân |
Frisii Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.
Tusken 400 en 200 foar Kristus setten de earste minsken har yn it gebiet nei wenjen. De minsken wennen doe op terpen. Troch de Romeinen waarden de bewenners op de terpen tusken Fly en Iems Frisii neamd. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Fryslân in heidensk gebiet dêr't de minsken noch hieltyd op terpen wennen. Om it jier 700 hinne ferdigenet kening Redbad mei sukses it heidenske Fryslân tsjin de kristlike Franken. Nei de dea fan Redbad folget stadichwei de oermastering fan Fryslân troch de Franken. Mei de Franken komme yn de achtste iuw ferskate missionarissen nei Fryslân dy't de Friezen kerstenje wolle. Ien fan de meast ferneamde missionarissen wie Bonifatius, dy't yn 'e omkriten fan Dokkum stoarn is.
Om it jier 1100 hinne begjint de tiid fan de Fryske frijheid. De Fryske frijheid wie in útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Ut dy tiid binne Fryske rjochtsteksten en oarkonden oerlevere dy't foar it grutste part skreaun wienen yn it Aldfrysk. It konsept fan de Sân seelannen en de Upstalbeam binne twa wichtige eleminten yn de Fryske frijheid. De Sân Seelannen wienen de sân Fryske lannen dy't de Fryske frijheid dielden. De Upstalbeam wie it plak dêr't ôffurdigen út de ferskate Fryske lannen benammen yn de 14e iuw gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Yn 1498 einige de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers en it gebiet kaam ûnder Saksysk gesach. De Saksen ferkochten it gebiet yn 1515 oan de Boergondjers.
Yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen waard mei it Hearlikheid Fryslân de grûnslach lein foar de lettere provinsje Fryslân. It Hearlikheid Fryslân hie fjouwer goaën: Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden en de Alve Stêden. Haadstêd en bestjoerlik sintrum waard de stêd Ljouwert. Yn de jierren 1579-1795 wie it Hearlikheid Fryslân feitlik in autonoom gebiet mei in eigen universiteit (Universiteit fan Frjentsjer) en de Admiraliteit fan Fryslân. Yn de Frânske tiid waard de hjoeddeiske provinsje Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid waard Fryslân in provinsje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mar ferlear syn autonome status dy't it wol hân hie yn de tiid fan de Republyk.
Bestjoer
De Wikipedy hat ek in side Provinsjale Steaten fan Fryslân.
De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtich, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma. Sûnt 2011 bestiet it kolleezje fan Fryslân út de partijen PvdA, CDA en FNP.
Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:
- Kommissaris fan de Keninginne: John Jorritsma - VVD
- Deputearre/loko-kommissaris: Jannewietske de Vries - PvdA
- Deputearre: Johannes Kramer - FNP
- Deputearre: Hans Konst - PvdA
- Deputearre: Tineke Schokker-Strampel - CDA
- Deputearre: Sietske Poepjes - CDA
- Sekretaris-direkteur: Jan Wibier
Utslaggen Steateferkiezings
Utslaggen Steateferkiezings | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
2003 | 2007 | 2011 | 2015 | |||||
Partij | Stimmen (persint) | Sitten | Stimmen (persint) | Sitten | Stimmen (persint) | Sitten | Stimmen (persint) | Sitten |
CDA | 27,4 | 16 | 25,8 | 12 | 17,7 | 12 | 20,8 | 9 |
PvdA | 26,2 | 15 | 25,6 | 12 | 23,7 | 11 | 15,5 | 7 |
VVD | 10,9 | 6 | 10,8 | 5 | 13,8 | 6 | 11 | 5 |
SP | 4,8 | 2 | 9,6 | 4 | 8,4 | 3 | 10,9 | 5 |
FNP | 13,2 | 7 | 10,7 | 5 | 9,2 | 4 | 9,5 | 4 |
PVV | - | - | - | - | 8,4 | 4 | 8,7 | 4 |
CU | 5,6 | 3 | 8,2 | 3 | 6,4 | 3 | 7,4 | 3 |
D66 | 2,5 | 1 | 1,3 | - | 4,2 | 2 | 6,9 | 3 |
GrienLinks | 5,4 | 3 | 3,9 | 2 | 5,2 | 2 | 3,6 | 1 |
Partij foar de Dieren | - | - | - | - | - | - | 2,6 | 1 |
50Plus | - | - | - | - | 1,4 | - | 2,4 | 1 |
Friese Koers | - | - | - | - | - | - | 0,4 | - |
Libertarische Partij | - | - | - | - | - | - | 0,2 | - |
Feriene Lofts | - | - | - | - | 0,1 | - | 0,1 | - |
PBF | - | - | - | - | 1,2 | - | - | - |
PvhN | - | - | - | - | 0,3 | - | - | - |
Gemeentebelangen Fryslân | 1,9 | 1 | - | - | - | - | - | - |
LPF | 1,7 | 1 | - | - | - | - | - | - |
Opkomst/sitten | 56,1 | 55 | 54,1 | 43 | 59,9 | 43 | 53 | 43 |
Demografy
|
|
It tiidrek 1880-1900 lit in stadige befolkingsoanwaaks sjen. Troch de lânboukrisis fan 1880 setten mear as 20.000 Fryske lânferhuzers nei de Feriene Steaten ta.[8]
Op 31 desimber 2018 hie Fryslân in befolking fan 647.784 minsken.[9] Mei in befolkingstichtens fan 193 ynwenners de km² is de provinsje Fryslân nei Drinte de tinst befolke provinsje fan Nederlân.
Neffens ferwachting sil de provinsje yn 2025 sa likernôch 657.000 ynwenners hawwe, dêrnei sil it ynwennertal nei alle wierskyn ôfnimme.[10]
Religy
Sa likernôch de helte fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân is kristlik. De sifers binne fan it CBS fan 2003[11]:
Religy yn Fryslân | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Roomsk-Katolyk | Grifformeard | Nederlânsk Herfoarme | Islam | Net religieus | |||||||||||
7,6 % | 18,4 % | 18,5 % | 1,9 % | 47,9 % |
Plakken
Alve stêden
Fan âlds binne der alve stêden (de Fryske Alve Stêden) yn de provinsje Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.
Grutste plakken
Hjirûnder in list fan de tsien grutste plakken yn Fryslân.
Nr. | Plaknamme | Tal ynwenners |
---|---|---|
1 | Ljouwert | 94.073 |
2 | Drachten | 44.795 |
3 | Snits | 33.000 |
4 | It Hearrenfean | 29.750 |
5 | Harns | 15.878 |
6 | Frjentsjer | 13.045 |
7 | Dokkum | 12.997 |
8 | De Jouwer | 12.970 |
9 | Wolvegea | 12.738 |
10 | De Lemmer | 10.050 |
Boarne: Keamer fan Keaphannel (1 febrewaris 2012)
Beskerme steds- en doarpsgesichten
De Wikipedy hat ek in side Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.
Fryslân hat tsien beskerme stedsgesichten en 46 beskerme doarpsgesichten en in beskerme gebiet.
Taal
Yn Fryslân wurdt it Westerlauwersk Frysk, it Nederlânsk en in ferskaat oan oare taalfarianten sprutsen.
Frysk
De Wikipedy hat ek in side Frysk.
It Frysk fan de provinsje Fryslân wurdt ek wol Westerlauwersk Frysk neamd, om sa it plak fan de Fryske taal tusken de oare Fryske talen (it Sealterfrysk en Noardfrysk) dúdlik te meitsjen. Wat mear as de helte fan de Friezen yn de provinsje Fryslân hat it Frysk as memmetaal, te witten 53,6% (2001). Dantumadiel is de gemeente dêr’t de measte ynwenners it Frysk as memmetaal hawwe, te witten 83,3%. Yn Harns is dat it leechst (21,6%).[12] Sa likernôch in fearnspart fan de befolking kin 'frij aardich' Frysk skriuwe (12,1 persint goed).
Dantumadiel wie de earste Fryske gemeente dy't sawol Fryske plaknammen en strjitnammen as ek in Frysktalige gemeentenamme hat. Yn 2012 wienen der 7 gemeenten dy't offisjeel Fryske plaknammen brûke. De offisjele wetternammen binne rûnom yn de provinsje (útsein de Stellingwerven) yn it Frysk. It Frysk hat yn de Fryske steaten en yn by de Fryske gemeenten de status fan offisjele bestjoerstaal.
Nederlânsk
It Nederlânsk is de twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Ferskate media lykas de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en GPTV brûke mear Nederlânsk as Frysk. It Nederlânsk komt yn it ûnderwiis op it foarste plak, op trijetalige skoallen is it neist it Frysk en Ingelsk de tredde taal. Yn de haadstêd Ljouwert hie yn 1967 sa'n 28 persint fan de befolking it Nederlânsk as memmetaal, yn 1993 wie dat 46 persint.[13]
Oare taalfarianten
De oare taalfarianten yn de provinsje Fryslân kinne sa yndield wurde:
- Hollânsk-Fryske mingdialekten: Amelânsk - Biltsk - Midslânsk
Westfryske dialekt: Flylânsk
Stedsk: Ljouwertersk - Snitsersk - Frjentsjertersk - Harnzersk - Boalsertersk - Dokkumersk - Starumersk - Kollumersk
Nederdútske dialekten (ek Friso-Saksyske taalfarianten neamd): Pompstersk - Oertsjongersk - Westerkertiersk
It brûken fan de dialekten nimt yn de provinsje Fryslân sterk ôf. It Oertsjongersk (Stellingwerfsk) waard yn 2011 troch 22 persint yn Weststellingwerf en troch 11 persint fan de befolking yn Eaststellingwerf praat. Yn It Bilt kin sa'n tritich persint fan de befolking Biltsk prate.[14] In foarbyld fan it ôfnimmen fan de dialekten is de delgong fan it Stedsk yn Ljouwert. Prate yn 1967 noch 37 persint fan de Ljouwerters stedsk, yn 1993 wie dat tebekrûn oant 15 persint.[15]
Ekonomy
De provinsje Fryslân is foar in relatyf grut part agrarysk. Troch it agraryske karakter is de provinsje mei troch de suvelyndustry bekend wurden. De toeristyske sektor nimt ek in wichtich plak yn. Mei it Fryske Marreprojekt jout de provinsje in stimulâns oan it wettersporttoerisme yn it súdwesten en midden fan de provinsje. Foar de toeristyske sektor binne Fryske eilannen fan grut belang. De tsjinstesektor kriget foaral syn beslach yn de gruttere plakken lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten.
De beropsbefolking bestie yn 2009 út sa likernôch 300.000 minsken[16], dat wie doe 3,8 persint fan de Nederlânske beropsbefolking. Yn it jier 2006 wie it regionale BYP per ynwenner, neffens keapkrêft, by 105,1 persint fan trochsnee fan de 27 EU-lannen.[17] It BYP fan de provinsje besloech € 18,9 miljard yn 2008[18], sa'n 3,17% it Nederlânske BYP.
Ferkear
Troch de provinsje hinne lizze fjouwer sneldiken: de A6, A7, A31 en A32. Yn de provinsje binne njoggen akwadukten, foar in part binne se ûnderdiel fan it Fryske Marrenprojekt.
Yn de provinsje Fryslân lizze fjouwer spoarlinen: Ljouwert-Harns, Ljouwert-Starum, Ljouwert-Grins en Ljouwert-Swol. In mooglik takomstich spoar is it spoar fan Grins nei It Hearrenfean.
De haven fan Harns is de wichtichste seehaven fan Fryslân. It Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal binne de wichtichste kanalen foar de grutte skipfeart. Nei de eilannen ta docht Rederij Doeksen de feartsjinst fan Harns nei Flylân en Skylge. Rederij Eigen Feartsjinst Skylge fart allinnich út Harns nei Skylge ta. De rederij Wagenborg fart fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.
Foar it loftferkear binne fan belang: It Fleanfjild Drachten mei in ferhurde baan fan 950 meter en it Amelân Fleanfjild Ballum mei in gersbaan fan 998 meter. De Fleanbasis Ljouwert hat twa ferhurde banen en wurdt foar de militêre loftfeart brûkt. Op Flylân is oan de eastkant fan it eilân in lytse helikopterhaven.
Media
- Deistige kranten: Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd.
- Provinsjale omroppen: Omrop Fryslân en GPTV.
Ferdivedaasje
Sport
Fuotbal (de provinsje Fryslân hat twa profesjonele fuotbalklups):
SK It Hearrenfean is in klup út de Earedifyzje en spilet yn it Abe Lenstra Stadion.
SK Cambuur Ljouwert is in klup út de Earedifyzje en spilet yn it Cambuurstadion.
Reedriden: de Alvestêdetocht en it reedridersstadion Thialf. De Flyers It Hearrenfean is in iishockeyklup út de Earste difyzje (heechste difyzje fan it Nederlânske iishockey) spilet syn thúswedstriden ek yn Thialf.
Wettersport: it skûtsjesilen en de Snitswike.- Oare sporten (Fryske sporten of sporten dy't relatyf populêr binne yn Fryslân):
Keatsen: de wichtichste wedstriden binne de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer en de Freulepartij yn Wommels.
Fierljeppen: plakken dêr't wedstriden hâlden wurde binne Burgum, Bûtenpost, It Heidenskip, Drylts, De Jouwer en Winsum.
UNESCO
Op de UNESCO-wrâlderfskiplist stean de Waadsee en it Yr. D.F. Woudagemaal.
Musea
De Wikipedy hat ek in side List fan musea yn de provinsje Fryslân.
Yn 2010 hienen de ferskate Fryske musea sa likernôch 890.000 besikers.[19] In ferheging fan sân persint yn ferliking mei it jier 2009. Neffens Museumfederaasje Fryslân krigen de neikommende museu mear as 40.000 besikers: Natuermuseum It Amelân, Tresoar, Jopie Huisman Museum, Natoermuseum Fryslân, Eise Eisinga Planetarium, Frysk Museum/ Fersetsmuseum Fryslân en Museum Belvédère.
Eveneminten
Oerol Festival, jierliks festival op Skylge.
Harnzer Fiskerijdagen, jierliks evenemint yn Harns.
Fryske Ballonfeesten, jierliks evenemint op 'e Jouwer.
Slachtemaraton, in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachte dy't alle fjouwer jier plakfynt.
Literatuer
Op it literêre mêd wurde de measte romans dy't yn de provinsje ferskine yn it Frysk skreaun. Ferneamde Fryske skriuwers út it ferline binne: Gysbert Japiks, Joast Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Simke Kloosterman, Fedde Schurer, Rely Jorritsma, Obe Postma en Rink van der Velde. Nei alle niisneamde skriuwers is in literêre priis neamd.
Sjoch ek
Tema:Provinsje Fryslân – Wikipedy hat ek in temaside oer de Provinsje Fryslân
Skiednis fan Fryslân - Kanon fan de Fryske skiednis
Provinsjale Steaten fan Fryslân - Rjocht yn Fryslân- Frysk
Keppelings om utens
Wikiwurdboek: Fryslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons: Fryslân – foto, fideo en harktriemmen
Wikimedia-atlas: Fryslân – geografyske en histoaryske kaarten
- Webstee fan de Provinsje Fryslân.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Eaststellingwerf • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf | |
eardere gemeenten | |
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984) |
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert |
Kategoryen:
- Topside
- Fryslân
- Provinsje fan Nederlân
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.356","walltime":"0.549","ppvisitednodes":"value":1587,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":33382,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":3833,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":6,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":7777,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 183.245 1 -total"," 34.50% 63.215 1 Berjocht:Gallery"," 12.52% 22.938 1 Berjocht:GemeentenFryslan"," 10.14% 18.579 1 Berjocht:Skiednis_fan_Fryslân"," 8.01% 14.687 1 Berjocht:Boarnen"," 6.72% 12.319 8 Berjocht:Gallery/Sub"," 6.29% 11.522 1 Berjocht:Ynfoboks_provinsje_fan_Nederlân"," 2.56% 4.683 1 Berjocht:WikiwurdboekLyts"," 2.26% 4.143 1 Berjocht:Topside"," 2.04% 3.743 1 Berjocht:WikiatlasLyts"],"cachereport":"origin":"mw1320","timestamp":"20190226125158","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Fryslu00e2n","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Frysl%C3%A2n","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q770","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q770","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2003-10-26T14:39:05Z","dateModified":"2019-01-10T15:55:37Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/c/ca/Frisian_flag.svg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":172,"wgHostname":"mw1274"););