Bruorren Halbertsma Ofbyldings | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu
Bruorren HalbertsmaFrysk koarte-ferhaleskriuwerFrysk dichterSkriuwer yn it FryskPersoan berne yn Grou
bruorrenachttjinde iuwberneGrouFryske literatuerberneGrousoannenbakkerkeapman17561809frou17671809bernstoarenjonkje1803famke1805heitmemlaachminnistyskmanherfoarmehoulikleauwebrievensakefroumemleauwichheittrouwenfarrensman1784Nederlânskgedichttitelliterêreoanlisâlden1809folksliteratuerproazapoëzijtaalkundigefrisistFoeke Buitenrust Hettemaympressario1822titelboekjesidengedichtenkoart ferhaalfiktiveboeresoanskroarpersonaazje182918341836184018541858ferstjerrenproazapoëzijbibletekarisargivarisGerben ColmjonboekhannelderhistoarikusWopke Eekhoff1871útjouwerijfa.DimterboekFryske literatuerliterêreresinsintenliterêreFrysketradysjetaaliuwensprektaal1949auteurliteratuerkritikusAnne Wadman2018Halbertsmajier
Bruorren Halbertsma
Jump to navigation
Jump to search
De bruorren Halbertsma wiene trije bruorren dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw berne waarden yn Grou en in protte betsjut hawwe foar de Fryske literatuer.[1][2][3] Dêrby giet it om:
Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869).[4] Hy studearre teology yn Amsterdam en wie neitiid minnistysk predikant te Boalsert en fan 1822 ôf te Dimter. Hy wie in wat ôfstanlik en ferstanlik skriuwer fan koarte ferhalen en gedichten. Yn syn wurk giet it mear om ideeën en net sasear om gefoelens. Njonken syn literêre wurk lei er him ek tige ta op taalkundige stúdzjes, en mei syn (ûnfoltôge) Lexicon Frisicum joech er de earste oanset ta it gearstallen fan in Frysk wurdboek.[5][6]
Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852).[7] Hy hold nei it ûntidich ferstjerren fan harren heit dy syn bakkerij geande en waard letter keapman te Grou, wêrby't er ynternasjonaal hannele yn bûter en tsiis. Hy skreau benammen koartswilige gedichten dy't ta de folkslektuer rekkene wurde kinne. Dy wiene literêr sjoen oer it algemien net fan deselde kwaliteit as it wurk fan syn bruorren, mar by de gewoane man foelen se der wakker yn.[8][9]
Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858).[10] Hy studearre medisinen yn Leien en Heidelberch, en waard dokter te Grou. Syn gedichten en koarte ferhalen wiene folle gefoelsmjittiger as dy fan syn broer Joast, en benammen om syn poëzij wurdt er noch altyd tige bewûndere.[11][12]Humor wie neffens him in medisyn tsjin in soad kwalen. Syn oeuvre omfettet û.m. it gedicht De Alde Friezen,[13][14] dat yn 1875 it Frysk folksliet wurden is.[15]
Njonken dizze trije skriuwers, dy't ornaris bedoeld wurde as men it oer 'de bruorren Halbertsma' hat, wie der noch in fjirde broer, dy't gjin literêr wurk neilitten hat. Dat wie:
- Binnert Hiddes Halbertsma (1795-1847).[16] Hy naam de bakkerij oer dy't syn broer Tsjalling sa lang draaiende holden hie en waard bakker yn Grou. Letter ferkocht er it bedriuw en begûn er in hannel yn kûperskluften (Nederlânsk: duigen, dêr't houten fetten fan makke wurde), dy't ûnder it liederskip fan syn soan Hidde Binnerts Halbertsma en syn pakesizzer Pieter Goslik Halbertsma[17] útgroeie soe ta Halbertsma Houtbewerking N.V.[18] Dy ûndernimming waard yn 1990 oernommen en makket sûnt diel út fan 'e Faber Halbertsma Groep.[19]
De bruorren Halbertsma waarden berne yn harren âldershûs oan 'e Kowemerk yn Grou,[20] as de soannen fan bakker en keapman[21][22][23] Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)[24][25] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)[26] Tsjallings Binnerts (1767-1809).[27][28][29] Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,[30] it jonkje yn 1803,[31] en it famke yn 1805.[32] Joast, Tsjalling en Eeltsje lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.[33]
Ruerdtsje Binnerts kaam út in foaroansteand Grouster laach.[34][35] Har famylje wie minnistysk,[36][37] en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.[38] Ut brieven fan Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou,[39] in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.[40] Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.[41] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.[42] Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.[43] Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.[44]
De bruorren Halbertsma hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Joast krekt tweintich jier wie, Tsjalling santjin, Binnert trettjin en Eeltsje noch mar alve.[45][46][47] Joast en Eeltsje begûnen neitiid koarte ferhalen en gedichten te skriuwen dy't oanmurken wurde kinne foar folksliteratuer.[48] Om't Joast syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wiene harren proaza en poëzij fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.[49] De taalkundige en frisist Foeke Buitenrust Hettema omskreau Halbertsma sadwaande as de 'ympressario' fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling.[50]
Yn 1822 waard it iere wurk fan Joast en Eeltsje bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[51] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side rûn en dêrom skroar waard.[52][53] Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west.[54] Jin te ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal.[55][56] In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[57][58][59][60]
Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[61][62] Meitiid waarden dêryn ek bydragen opnommen fan 'e trêde broer, Tsjalling.[63] Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poëzij ûnder tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff[64][65] gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[66][67][68][69][70]
Dat wurk wurdt no beskôge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[71] en hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[72] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes (en De Lapekoer fan Gabe Skroar, dêr't se út fuortkommen binne) in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[73][74] Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's "it Fryske folk in literêr monumint [jûn hiene], dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach."[75] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literêre klassikers.[76] Yn 2018 wurdt it Halbertsmajier holden, wêryn't mei in ferskaat oan aktiviteiten omtinken jûn wurde sil oan 'e Halbertsma's en harren wurk.[77]
Ofbyldings |
Joast Hiddes Halbertsma
Joast Hiddes Halbertsma
Joast Hiddes Halbertsma
Tsjalling Hiddes Halbertsma
Buste fan Joast Hiddes Halbertsma yn Dimter
Tinkstien foar Eeltsje Hiddes Halbertsma yn Grou
Gevelstiennen mei byltenis fan Joast (l.) en Eeltsje (rj.) Hiddes Halbertsma yn Grou
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Bruorren Halbertsma
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk dichter
- Skriuwer yn it Frysk
- Persoan berne yn Grou
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.180","walltime":"0.230","ppvisitednodes":"value":1030,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":4921,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":3530,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":5,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":24838,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 37.721 1 Berjocht:Boarnen","100.00% 37.721 1 -total"," 89.64% 33.812 1 Berjocht:Reflist"," 8.52% 3.213 17 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1254","timestamp":"20190310034951","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":99,"wgHostname":"mw1267"););