Amerikaanske dollar Ynhâld Lannen mei die Dollar as muntienheid | Munten en bankbiljetten | Sjoch ek | Keppeling om utens | NavigaasjemenuAmerikaanske dollar (Bankbiljetten)
MuntienheidFeriene Steaten
1785Feriene SteateneuroTwadde Wrâldkriich2002Renminbi199820081969Dollar
Amerikaanske dollar
Jump to navigation
Jump to search
De Amerikaanske dollar is sûnt 1785 de nasjonale muntienheid fan de Feriene Steaten. Ek yn inkele oare lannen wurd de munt brûkt as muntienheid. De wikselkoers tusken de euro en de dollar is bygelyks €1,- tsjin $1,29. De offisjele ISO-4217-kôde fan de dollar is USD.
Fan de Twadde Wrâldkriich ôf is de dollar de saneamde ‘anker-faluta’. Dit hâld yn dat de priis fan belangrike grûnstoffen as goud, sulver en oalje yn dollars út drukt wurdt. Sûnt de resessie dy’t de wrâld yn 2002 trof komt hjir feroaring yn. De euro wurdt hieltyd in belangriker munt op de wrâld, ek de Sineeske Renminbi is besich in belangrike muntienheid te wurde.
Ynhâld
1 Lannen mei die Dollar as muntienheid
2 Munten en bankbiljetten
3 Sjoch ek
4 Keppeling om utens
Lannen mei die Dollar as muntienheid |
Net allinnich de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske Dollar. Ek in ferskaat oan oare lannen hat dizze munt as muntienheid ynfiert. Dizze lannen binne:
- Britske Maagdeilannen
- Ekwador
- El Salvador
- Marshalleilannen
- Mikroneezje
- East-Timor
- Palau
- Turks- en Caicoseilannen
Ek de oersee gebieten fan de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske Dollar. Dit binne:
- Amerikaanske Maagdeneilannen
- Amerikaansk-Samoa
- Guam
- Noardlike Marianen
- Puerto Riko
Munten en bankbiljetten |
Ien dollar is ferdield yn hûndert sinten. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25 en 50 sint. Ek is der in ien dollar munt, mar dizze wurdt relatyf net safolle brûkt.
Op de munten fan 25 sint, ek wol ‘Quarters’ neamd, dy’t tusken 1998 en 2008 drukt wurde stiet in opdruk fan in staat fan Amearika, lykas by de euro.
Bankbiljetten binne der fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. Yn de Feriene Staten ha der oant 1969 ta ferskeidene biljetten beston mei in nominale wearde fan somtiden wol 100.000 dollar. Mar dizze binne út de merke helle. It dollarbiljet fan 2 dollar wurd hast net mear brûkt, dizze liket folle op it biljet fan 1 dollar en de buorgers binne bang foar betizing.
Sjoch ek |
Dollar foar oare lannen dy't ek in muntienheid ha mei de namme 'dollar' mar wêrby it wol om in oare muntsoarte jit.
Keppeling om utens |
Amerikaanske dollar (Bankbiljetten) (in) (dú)
Kategoryen:
- Muntienheid
- Feriene Steaten
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.024","walltime":"0.036","ppvisitednodes":"value":64,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":993,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":38,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 12.694 1 -total"," 40.51% 5.142 1 Berjocht:En"," 35.82% 4.547 1 Berjocht:Commons"," 22.46% 2.851 1 Berjocht:De"," 19.70% 2.501 2 Berjocht:Taalwerjefte"],"cachereport":"origin":"mw1332","timestamp":"20190409131420","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":136,"wgHostname":"mw1263"););