Tsjerke fan Jellum Ynhâld Skiednis | Ynterieur | Oargel | Keppeling om utens | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuSide PKN Westerwert-MantgumDisposysje oargelReliwiki, oproppen 07.08.2018Kerk en Orgel, oproppen 07.08.2018Jellumer tsjerke
JellumTsjerkegebou yn Ljouwert (gemeente)Tsjerkegebou yn LittenseradielRyksmonumint yn Ljouwert (gemeente)Ryksmonumint yn LittenseradielBouwurk út 1895
JellumBearsJorwertWeidumBaarderadielreformaasjesealtsjerkekoerJannumerAlbertus fan GruisenBakker & Timmenga
Tsjerke fan Jellum
Jump to navigation
Jump to search
Jellumer tsjerke | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Jellum | |
adres | Hegedyk 15 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1895 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8492 (tsjerkhôf, brêge nei it tsjerkhôf) | |
oare ynformaasje | ||
webside | Side PKN Westerwert-Mantgum |
De Tsjerke fan Jellum oan de âlde Middelseedyk is in protestantsk tsjerkegebou út it ein fan de 19e iuw. It tsjerkhôf en de stiennen brêge nei it tsjerkhôf foarmje in ryksmonumint. Tsjerklik foarmet Jellum sûnt 1971 in gemeente mei de doarpen Bears, Jorwert en Weidum.
Ynhâld
1 Skiednis
2 Ynterieur
3 Oargel
4 Keppeling om utens
5 Boarnen, noaten en referinsjes
Skiednis |
De tsjerke fan Jellum waard boud nei't de foargonger troch brân as gefolch fan bliksemynslach ferneatige waard. Dy foargonger datearre út 1700 en wie boud op de fûneminten fan de âlde tsjerke. De toer, yn 1832 al troch de bliksem rekke, wie folle âlder en de heechste fan Baarderadiel. It tsjerkemeubilêr en it oargel datearre foar in grut part út in noch âldere tsjerke fan foar de reformaasje. Oarspronklik hie de foargonger njoggen mei wapens fersierde brânskildere ramen. Yn de toer hong in klok út 1526.[1]
Nei de brân krige Jellum tusken 1893 en 1895 in tsjerke mei in foar dy tiid typyske arsjitektuer. De sealtsjerke hat in fiifsidich koer en in toer fan 21 meter heech.
De tsjerke is gjin ryksmonumint, dêrom is de Stifting Behâld Tsjerke en Toer Jellum oprjochte. De tsjerke waard yn de jierren 1990 restaurearre.
Ynterieur |
De Jellumer tsjerke hat in geef ynterieur út it ein fan de 19e iuw. It romaanske stiennen doopfont út de 13e iuw stiet tsjintwurdich yn it Jannumer tsjerkemuseum.
It oerwurk en de klok stamme út 1895.
Oargel |
Ek it oargel fan Albertus fan Gruisen gyng mei de brân yn 1893 ferlern. Bakker & Timmenga boude foar de nije tsjerke in nij ynstrumint. Sûnt de bou yn 1895 is der nea wat feroare. Der is sels gjin elektryske wynmasjine oanwêzich.[2]
Keppeling om utens |
- Disposysje oargel
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Commons
|
Kategoryen:
- Jellum
- Tsjerkegebou yn Ljouwert (gemeente)
- Tsjerkegebou yn Littenseradiel
- Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente)
- Ryksmonumint yn Littenseradiel
- Bouwurk út 1895
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.096","walltime":"0.127","ppvisitednodes":"value":902,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":7566,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":2672,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":731,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 76.613 1 -total"," 70.75% 54.203 1 Berjocht:Ynfoboks_bouwurk"," 63.81% 48.884 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 12.42% 9.512 1 Berjocht:Boarnen"," 5.56% 4.259 1 Berjocht:Reflist"," 3.64% 2.792 1 Berjocht:Commonscat"," 2.90% 2.225 10 Berjocht:!!"," 2.81% 2.155 2 Berjocht:Ynfoboks/breedte"],"cachereport":"origin":"mw1321","timestamp":"20190318094920","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Tsjerke fan Jellum","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Tsjerke_fan_Jellum","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q4556821","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q4556821","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2018-08-07T17:20:15Z","dateModified":"2018-08-07T23:13:32Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/5/5e/Tsjerke_fan_Jellum.jpg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":119,"wgHostname":"mw1330"););