Mechiel Versluis Libben en karriêre | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuMechiel Versluis op WorldRowing.comBronnen, noten en/of referenties, op dizze side
Frysk roeierFrysk Olympysk dielnimmerNederlânsk roeierNederlânsk Olympysk dielnimmerNederlânsk persoan fan Frysk komôfStellingwerfsk persoanPersoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)EaststellingwerfPersoan berne yn 1987
Eaststellingwerf29 july1987NederlânskroeierStellingwerfskNederlânsporteveneminten2016brûnzene medaljemanljus-achtOlympyske SpullenRio de Janeirohurdfytsenhurddraven1987Eaststellingwerfdesimber2006roeierRSVU OkeanosAmsterdam2008sulverne medaljeRačice 2010manljus-achtwrâldbekerwedstridenSloveenskeBled2012fjouwer sûnder stjoermanBelgradoKaj HendriksRuben KnabBoaz MeylinkOlympyske SpullenLondenfinale2013goudene medaljeOlympyske SpullenRio de JaneiroRobert LückenBoudewijn RöellOlivier SiegelaarDirk UittenboogaardTone WietenstjoermanPeter Wiersum2015augustus2016brûnzene medaljeBronnen, noten en/of referenties, op dizze side
Mechiel Versluis
Jump to navigation
Jump to search
Mechiel Versluis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Mechiel Versluis | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 29 july 1987 | |
| berteplak | yn Eaststellingwerf (Fryslân) | |
| etnisiteit | ||
| reg. identiteit | ||
| lingte | 1.98 m | |
| gewicht | 93 kg | |
sportive ynformaasje | ||
| sport | roeien | |
| ûnderdiel | manljus-acht, fjouwer sûnder stjoerman | |
| O.S. | Rio de Janeiro 2016 | |
| debút | 2006 | |
wichtige prestaasjes | ||
Mechiel Versluis (yn Eaststellingwerf, 29 july 1987) is in Nederlânsk roeier fan Stellingwerfsk komôf. Hy fertsjintwurdige Nederlân op ferskate grutte ynternasjonale sporteveneminten. Yn 2016 wûn er mei syn tiim de brûnzene medalje by manljus-acht op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro. Njonken roeien docht Versluis ek oan hurdfytsen en hurddraven.
Libben en karriêre |
Versluis waard yn 1987 berne yn Eaststellingwerf. Hy sette yn desimber 2006 mei syn karriêre as roeier útein by de RSVU Okeanos yn Amsterdam. Yn 2008 mocht er dielnimme oan it FISU WK (it wrâldkampioenskip foar studinten), dêr't er in sulverne medalje wûn. It jiers dêrop behelle er in trettjinde plak op it WK foar neo-senioaren yn Račice . Yn 2010 wûn er fierders mei de Nederlânske manljus-acht in sulverne medalje by de wrâldbekerwedstriden yn it Sloveenske Bled.
Yn 2012 waard Versluis op it ûnderdiel fjouwer sûnder stjoerman fyfde by de wrâldbekerwedstryd yn Belgrado. Dêrmei twongen hy en syn tiimgenoaten, Kaj Hendriks, Ruben Knab en Boaz Meylink, in kwalifikaasje ôf foar de Olympyske Spullen fan dat jier yn Londen. Dêr wisten se har te pleatsen foar de finale, en behellen se in fyfde plak. Yn 2013 wûn Versluis mei de fjouwer sûnder stjoerman sawol op it WK as op it Ek in goudene medalje.
Yn 'e oanrin ta de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro, waard der in nij roeitiim foar it ûnderdiel manljus-acht formearre. Dêrby waard de basis foarme troch Versluis, Hendriks en Meylink út 'e súksesfole fjouwer sûnder stjoerman. De oare fiif roeiers fan it nije achttal wiene: Robert Lücken, Boudewijn Röell, Olivier Siegelaar, Dirk Uittenboogaard en Tone Wieten, mei as stjoerman Peter Wiersum. Nei in stroeve start en minne resultaten yn 2015 wist dit tiim yn augustus 2016 yn Rio dochs in brûnzene medalje te beheljen.
Keppelings om utens |
(in) Mechiel Versluis op WorldRowing.com
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |
Kategoryen:
- Frysk roeier
- Frysk Olympysk dielnimmer
- Nederlânsk roeier
- Nederlânsk Olympysk dielnimmer
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Stellingwerfsk persoan
- Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)
- Eaststellingwerf
- Persoan berne yn 1987
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.076","walltime":"0.093","ppvisitednodes":"value":884,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":8279,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":3515,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 50.942 1 -total"," 85.26% 43.432 1 Berjocht:Ynfoboks_sporter"," 77.87% 39.668 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 9.29% 4.731 1 Berjocht:En"," 5.81% 2.960 12 Berjocht:!!"," 5.04% 2.566 1 Berjocht:Boarnen"," 5.00% 2.545 1 Berjocht:Taalwerjefte"," 4.42% 2.253 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"],"cachereport":"origin":"mw1327","timestamp":"20190409165747","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":109,"wgHostname":"mw1241"););