Jannum Ynhâld Skiednis | De tsjerke | Mienskip | Strjitten | Ferskaat | Sjoch ek | Keppeling om utens | Navigaasjemenu53° 18' NB, 5° 54' EL Webstee de Flieterpen53° 19' NB, 5° 54' ELJanum
JannumDoarp of stêd yn DantumadielDoarp of stêd yn FerwerderadielDoarp of stêd yn Noardeast-Fryslân
Noardeast-FryslânFerwerderadielgemeentlike weryndieling1984Dantumadielfolkstelling13e iuwkleaster KlaarkampDantumadielDokkumer IeBurdaardLjouwertFerwertDokkumJannumer FeartReitsumGinnum1984FlieterpenGinnumReitsumLichtaardbeskerme doarpsgesichtromaanskgoatyske13001200likebruorrenJ.J.M. VegterDútslânFrysk Museum12e iuwStifting Monuminten Ferwerderadiel17e iuwAlvestêdetochtBartlehiem
Jannum
Jump to navigation
Jump to search
Jannum | |
---|---|
Gemeente | Noardeast-Fryslân |
Gritenij | Dantumadiel |
Stimmen | 9 |
Ynwenners (2014) | 63 |
Huzen | huzen |
Koördinaten | 53° 18' NB, 5° 54' EL |
Netnûmer | 0519 |
Postkoade | 9107 |
Webstee | webstee |
Jannum is in plak yn de gemeente Noardeast-Fryslân dat fan 1984 oant 2019 yn de gemeente Ferwerderadiel lei. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde it ta Dantumadiel. It hat no 63 ynwenners (1 jannewaris 2014). It hawwe mear west, mar ek minder. Van der Aa neamt 100 ynwenners. In iuw earder, by de folkstelling fan 1744, wienen dat 44.
Ynhâld
1 Skiednis
1.1 Kleaster
1.2 Alde ferbinings
1.3 Ferwerderadiel
2 De tsjerke
2.1 Restauraasje
2.2 Museum
3 Mienskip
3.1 Befolking
3.2 Diakonijwenten
4 Strjitten
5 Ferskaat
6 Sjoch ek
7 Keppeling om utens
Skiednis |
Kleaster |
Der wurdt tocht dat Jannum sûnt de 13e iuw bewenne west hat. It kleaster Klaarkamp hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn Dantumadiel grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de Dokkumer Ie, in part fan Dantumadiel wurden.
De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de Reformaasje waard Jannum mei Burdaard kombinearre.
Alde ferbinings |
Jannum wie ek wichtich yn de ferbining tusken Ljouwert, Ferwert en Dokkum. De rydwei tusken dy plakken rûn oer Jannum. Troch de Jannumer Feart, in sydfeart fan de Ie, setten ek skippers harren dêr ta wenjen.
Ferwerderadiel |
Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út Reitsum en Ginnum. By de grinswiziging yn 1984 waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de Flieterpen: Ginnum, Jannum, Reitsum en Lichtaard. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan beskerme doarpsgesicht krige.
De tsjerke |
De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e iuw is it nedige feroare.
Restauraasje |
De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt J.J.M. Vegter. Dat wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden.
De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Dêr hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de Midsiuwske foarm.
Museum |
Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it Frysk Museum dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de 12e iuw. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.
Letter hat it Frysk Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de Stifting Monuminten Ferwerderadiel oprjochte. Dy hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht.
Mienskip |
De eardere grifformearde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn't jier.
Befolking |
1954 - 74
1959 - 72
1964 - 55
1969 - 66
1974 - 54
2004 - 65
2008 - 61
2009 - 63
2014 - 63
Diakonijwenten |
By tsjerke steane trije diakonijwenten út de 17e iuw. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.
Strjitten |
Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.
Ferskaat |
Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.
Sjoch ek |
- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
Keppeling om utens |
- Webstee de Flieterpen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Janum fan Wikimedia Commons. |
Kategoryen:
- Jannum
- Doarp of stêd yn Dantumadiel
- Doarp of stêd yn Ferwerderadiel
- Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.040","walltime":"0.064","ppvisitednodes":"value":174,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":2889,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":352,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":4,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 19.281 1 -total"," 68.68% 13.243 1 Berjocht:Plak"," 48.14% 9.282 1 Berjocht:Koördinaten_yn_tekst"," 15.94% 3.073 2 Berjocht:MapsServer"," 14.70% 2.834 1 Berjocht:CommonsBalke"," 14.59% 2.813 1 Berjocht:Koördinaten"],"cachereport":"origin":"mw1254","timestamp":"20190331030513","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Jannum","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Jannum","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q2109659","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q2109659","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2005-10-24T14:20:45Z","dateModified":"2019-01-09T13:19:18Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/9/9d/Map_NL_Ferwerderadiel_Jannum.png"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":161,"wgHostname":"mw1328"););