Rûanda Ynhâld Skiednis | Geografy | Demografy | Navigaasjemenu
RûandaLân yn AfrikaHistoaryske Dútske koloanjeHistoaryske Belgyske koloanjeBestjoerlike ienheid oprjochte yn de 11e iuwBestjoerlike ienheid opheft yn 1885Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962Republyk
AfrikaKigalyHûtû15e iuwTûtsy19e iuwDútsersDútsk East-AfrikaTwadde WrâldkriichBelgjeFolkebûnFeriene Naasjes1959Matura1961G. Kayibanda1994Firunga-fulkanenNylRûandaNasjonaal Park FirungareligykristendomkatolykprotestantskislamitysknatoerreligyFrânskIngelskRûandeeskSwahily
Rûanda
Jump to navigation
Jump to search
| |||||
Offisjele taal | Rûandeesk, Frânsk, Ingelsk | ||||
Haadstêd | Kigaly | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Ynwenners | |||||
Munt | Rûandese frank (RWF) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 july | ||||
Lânkoade | RWA | ||||
Ynternet | .rw | ||||
Tillefoan | 250 | ||||
Rûanda is in lân yn Sintraal-Afrika. Haadstêd is Kigaly.
It lân wurdt begrinzge troch:
Demokratyske Republyk Kongo,
Oeganda,- Tanzania
- Boerûndy
Ynhâld
1 Skiednis
2 Geografy
3 Demografy
3.1 Befolking
3.2 Religy
3.3 Talen
Skiednis |
De Hûtû wennen ynearsten yn Rûanda doe't yn de 15e iuw de Tûtsy harren ek yn it gebiet fan Rûanda-Boerûndy (de tsjintwurdige republiken Rûanda en Boerûndy) festigen. Op in bepaald stuit wienen der twa keninkriken Rûanda en Oerûndy mei de Tûtsys as feodale hearskjende klasse. Op 'e ein fan de 19e iuw waarden beide lannen troch de Dútsers ynliifd by Dútsk East-Afrika.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Rûanda troch Belgje bestjoerd as mandaat-gebiet fan de Folkebûn, letter fan de Feriene Naasjes. Yn july 1959 ferstoar de Tûtsy kening Matura en ûntstienen der earnstige botsingen tusken Hûtû en Tûtsy en de Tûtsys, dy't mei 9% fan de befolking yn de minderheid, harren oermacht kwytrekken. Yn 1961 waard de republyk útroppen, mei as presidint de evenredige Hûtû-lieder G. Kayibanda. Sûnt dy tiid brutsen hieltyd wer bloedige twisten út, mei as djiptepunt de massaslachtingen fan 1994 mei sawat 1 miljoen deaden.
Geografy |
Gorillamem mei baby yn it Nasjonaal Park Firunga
Rûanda is in lyts lân yn Sintraal-Afrika mei in oerflakte fan 26.338 km². It leit in pear graden ten suden fan de evener. Rûanda is oerwegend in bercheftich lân, dêr't de heechste piken fan yn it westen lizze mei de Firunga-fulkanen op 4507 meter as heechst. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Boerûndy en Rûanda.
Yn it sintrale en eastlike part fan Rûanda lizze fral sêft gloaiende heechflakten meast bedekke mei gêrslannen en lytse boerepleatsen. Oant-en-mei in hichte fan 2500 meter waakse yn it fochtich-tropysk klimaat reinwâlden en fochtige savanne dy't hegerop oergien yn bamboebosken.
Yn de berchgebieten libje mei útstjerren bedrige berchgorillas dêr't it Nasjonaal Park Firunga foar oprjochten is ter beskerming fan dizze dieren.
Demografy |
Befolking |
De Etnyske befolking bestiet foar 84% út Hûtû, 15% Tûtsy en 1% Twa.
Religy |
De wichtichste religy yn Rûanda is it kristendom. Fan de befolking is 56% katolyk, 12% protestantsk en 9% islamitysk. In fearndiel hinget it in natoerreligy oan.
Talen |
Rûanda beskikt oer trije offisjele talen, Frânsk, Ingelsk en Rûandeesk (Kinyarwanda). It meastepart fan de bewenners sprekt wol Rûandeesk, en op de merk yn de stêden wurdt ek in soad Swahily sprutsen. Yn 2008 ferkleare de Rûandeeske regearing dat it Ingelsk mei it Rûandeesk de twa offisjele talen wurde sille yn it neidiel fan it Frânsk.
Kategoryen:
- Rûanda
- Lân yn Afrika
- Histoaryske Dútske koloanje
- Histoaryske Belgyske koloanje
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 11e iuw
- Bestjoerlike ienheid opheft yn 1885
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962
- Republyk
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.028","walltime":"0.057","ppvisitednodes":"value":194,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":2412,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":433,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":4,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 13.900 1 Berjocht:Lântabel","100.00% 13.900 1 -total"," 63.98% 8.893 1 Berjocht:Border"],"cachereport":"origin":"mw1253","timestamp":"20190409174605","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":128,"wgHostname":"mw1269"););