ISO 639 Ynhâld Gebrûk fan ISO-639 koades | Alfa-2-koade | Alfa-3-koade | Alfa-4-koade | Keppelings om utens | NavigaasjemenuRegistrearjende autoriteit foar ISO 639-2Registrearjende autoriteit foar ISO 639-3ISO 639 en de EtnologyGeoLangICT Marketing
ISO-standertISO 639
ynternasjonale standertkoadesLatynske alfabettalenWikipediaURLs
ISO 639
Jump to navigation
Jump to search
ISO 639 is in ynternasjonale standert dy koades basearre op it Latynske alfabet fêststelt foar ferskate talen.
ISO 639 hat ferskate parten, dêr't de earste twa parten fan goedkard binne en it tredde part is nominearre foar akkoard. De oare dielen binne noch net klear.
ISO 639-1: 2002 Koades foar it werjaan fan talen -- Part 1: Alfa-2-koades List fan ISO 639-1 koades
ISO 639-2: 1998 Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 2: Alfa-3-koades List fan ISO 639-2 koades
ISO 639-3: 2007 Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 3: Alfa-3-koades foar in gruttere dekking fan talen List fan ISO 639-3 koades
ISO/CD 639-4: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 4: Ymplemintaasje-rjochtlinen en -begripen foar it taalkodearjen yn it generaal
ISO/DIS 639-5: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 5: Alfa-3-koades foar taalfamyljes en -kloften
ISO/CD 639-6: 2007? Koades foar it werjaan fan taalnammen -- Part 6: Alfa-4-koades breder werjaan fan taalfariaasje
Ynhâld
1 Gebrûk fan ISO-639 koades
2 Alfa-2-koade
3 Alfa-3-koade
4 Alfa-4-koade
5 Keppelings om utens
Gebrûk fan ISO-639 koades |
De taalkoades definearje de ferskate seksjes fan ISO-639 foar biblegrafyske doeleinen en, yn kompjûter- en ynternetkriten, as wichtich part fan de lokalisearringsgegevens foar talen. De koades wurde ek brûkt by projekten mei ferskate talen, lykas Wikipedia, dêr't hja ta ûnderskie yn de URLs opnaam binne.
Alfa-2-koade |
"Alfa-2-koades", dat wol sizze koades dy't skreaun wurde mei 2 letters út it Latynske alfabet wei, wurde brûkt by ISO 639-1. Strikt naam is de limyt foar it tal taaloantsjuttings by dizze koade 26 × 26 = 676. It tal fan ornearre koades is net genôch foar alle talen, wat laat hat ta it fêststellen fan ISO 639-2 dêr't Alfa-3-koades by brûkt wurde.
Alfa-3-koade |
"Alfa-3-koades", dat wol sizze koades dy't skreaun wurde mei 3 letters út it Latynske alfabet wei, wurde brûkt by ISO 639-2 en ISO 639-3 en sille mei de tiid brûkt wurde yn ISO 639-5. Mei de 3 letters binne der 26 × 26 × 26 = 17.576 kombinaasjes mooglik, wat genôch is foar alle talen op 'e wrâld.
It normale gebrûk fan Alfa-3-koades by trije parten fan ISO 639 hat wol wat mear ferlet fan koördinaasje yn in grutter systeem.
ISO 639-2 definearret fjouwer spesjale koades mul
, und
, mis
en zxx
, de ornearre rige qaa-qtz
(20 × 26 = 520 koades) en hat 23 dûbele koades, de B/T-koades. Dit betsjut dat der 520 + 23 + 4 = 547 koades binne dy't net brûkt wurde kinne foar it werjaan fan talen of yn part 5 ta it werjaan fan taalfamyljes en -kloften. Der bliuwe 17.029 koades oer ( 17.576 - 547 ).
Alfa-4-koade |
"Alfa-4-koades", dat wol sizze koades dy't skreaun wurde mei 4 letters út it Latynske alfabet wei, sille brûkt wurde by ISO 639-6. Dizze koade-rige omfiemet net allinnich talen mar ek dialekten brûkt. Yn prinsipe kinne hjirmei 26 × 26 × 26 × 26 = 456.976 talen en dialekten werjaan wurde.
Keppelings om utens |
Registrearjende autoriteit foar ISO 639-2 Ingelsk
Registrearjende autoriteit foar ISO 639-3 Ingelsk
ISO 639 en de Etnology Ingelsk
GeoLang — in taalûndersyk- en standerdisearringsbedriuw dat him dwaande hâldt mei it ISO 639-6-projekt Ingelsk
ICT Marketing — yn gearwurking mei Geolang en BSI dwaande mei it ISO 639-6-projekt Ingelsk
Kategoryen:
- ISO-standert
- ISO 639
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.016","walltime":"0.022","ppvisitednodes":"value":50,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":130,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":35,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 3.028 1 -total"," 89.48% 2.709 5 Berjocht:Noat"],"cachereport":"origin":"mw1247","timestamp":"20190409131850","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"ISO 639","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/ISO_639","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q33547","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q33547","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2007-03-12T09:51:33Z","dateModified":"2018-03-02T20:52:19Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":119,"wgHostname":"mw1332"););