Skip to main content

Deade taal Navigaasjemenu

Utstoarne taalTaalTaalkunde


taaldialektlibbene talenSûmearyskAkkadyskHettityskAldheidHeine EastenAldfryskMidnederlânskAngelsaksyskFryskNederlânskIngelsktsjerketaalliturgykristlike tsjerkenLatynTsjerkeslavyskKoptyskAvestaanskjoadskeIsraelHebriuwsknjoggentjinde iuwsionistyske beweging1948IsraelMankskKornyskBritske EilannenSanskrytYndiaNoardgermaanskeNornOrkney-SjetlâneilannenBaltyskeAldprusyskLitouwenWyt-Ruslân












Deade taal




Ut Wikipedy

(Trochwiisd fan Útstoarne taal)





Jump to navigation
Jump to search


In deade taal is in taal (of in dialekt), dy't, oars as libbene talen, net mear brûkt wurdt as in natuerlik deistich middel foar sprutsen kommunikaasje binnen in beskate taal- of dialektmienskip. It proses dat derta liedt dat in taal net mear sprutsen wurdt, hjit it útstjerren fan in taal of linguïside (hiel inkeld ek wol glottofagy neamd).


Foarbylden fan deade talen binne bgl. it Sûmearysk, it Akkadysk en it Hettitysk, talen dy't yn 'e Aldheid yn it Heine Easten rûnom sprutsen waarden. Histoaryske taalfoarmen, lykas Aldfrysk, Midnederlânsk en Angelsaksysk wurde net beskôge as deade talen, of alteast net yn deselde sin, mei't dy har ûntjûn hawwe ta hjoeddeiske libbene talen lykas (yn it gefal fan 'e brûkte foarbylden) Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.


In spesifyk soarte deade taal is in tsjerketaal; sa'n taal wurdt net mear bûkt foar deistige kommunikaasje, mar noch wol as fiertaal foar de liturgy fan ien of mear leauwensmienskippen (net needsaaklikerwize kristlike tsjerken, sa't de namme liket oan te jaan). Foarbylden fan tsjerketalen binne Latyn, Tsjerkeslavysk, Koptysk, Avestaansk en, yn joadske mienskippen bûten Israel, it Hebriuwsk.


It is ek mooglik om deade talen wer nij libben yn te blazen, sa't dien is mei it Hebriuwsk, dat fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ôf troch de sionistyske beweging wer ta libben brocht waard en sûnt 1948 de offisjele taal fan 'e steat Israel is. Oare talen dy't útstoarn wiene, mar no wer sprutsen wurde, binne it Manksk en it Kornysk op 'e Britske Eilannen en it Sanskryt yn Yndia. Ek binne der bewegings dy't besykje om it Noardgermaanske Norn fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen en it Baltyske Aldprusysk yn Litouwen en Wyt-Ruslân wer nij libben yn te blazen.









Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Deade_taal&oldid=773315"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.012","walltime":"0.017","ppvisitednodes":"value":1,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":1,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1243","timestamp":"20190410092308","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Deade taal","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Deade_taal","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q45762","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q45762","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2013-06-21T19:37:09Z","dateModified":"2016-03-19T06:51:04Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":106,"wgHostname":"mw1274"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Why is this an NFA, but not an FA? The 2019 Stack Overflow Developer Survey Results Are InConvert from DFA to NFAProve that a PDA with accept states accepts all context-free languagesHow can a DFA corresponding to an NFA have a transition that the original NFA does not?Intersection of 2 deterministic finite state automata, but nondeterministicallyFinite automata as dynamical systemsLanguages acceptable with just a single final stateFind equivalence classes of given regular expressionWhy is this transition considered to be non deterministic?Converting NFA to DFA. Loops and exits.Given a transition table do digraph, determine if it is DFA or NFA and build grammar