Skip to main content

Kleaster Klaarkamp Ynhâld Skiednis | Archeologysk ûndersyk | Literatuer | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuWebstee oer kleaster KlaarkampKlaarkamp53° 18′ 43″ N, 5° 56′ 22″ E

RinsumageastEarder bouwurk yn FryslânKleaster yn FryslânBouwurk yn DantumadielSistersjinzer kleasterEigner fan SkiermûntseachOrganisaasje oprjochte yn 1165Organisaasje opheft yn 1580Bouwurk út 1165Bouwurk sloopt yn 1580


sistersjenzerkleasterRinsumageast1165RiddagshausenAbdij fan ClairvauxlikebruorrenBoalsertKleaster Blomkamp1190Aduard 1192GerkeskleasterJeruzalemIhlowbakstiennenklaaiKlaarkampster MarSteatsboskbehearturflikebruorrenúthôvenSibrandahûsJannumSkierstinsFeanwâlden1439SkiermûntseachSkieringers en FetkeapersFoswertFerwert1387wraakTachtichjierrige Oarlochkatolisismeprotestantisme31 maart1580Steaten fan Fryslân18581941terpRomeinske tiidVan Giffenkleastermoppen












Kleaster Klaarkamp




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search


Filiation-Ihlow.svg

Kleaster Klaarkamp, ek wol skreaun as Claerkamp of Claarkamp, offisjeel Monasterium beate Maria de Claro Campo (kleaster fan de Hillige Marije fan Klaarkamp) wie in sistersjenzer kleaster tichtby it doarp Rinsumageast.




Ynhâld





  • 1 Skiednis


  • 2 Archeologysk ûndersyk


  • 3 Literatuer


  • 4 Keppelings om utens


  • 5 Boarnen, noaten en referinsjes




Skiednis |




Opgravingskaart Van Giffen 1939/40


It kleaster waard om 1165 stifte fanút it Dútske sistersjenzerkleaster Riddagshausen. Klaarkamp wie it earste sistersjenzerkleaster yn Noard-Nederlân. De sistersjenzermûntsen kamen oarspronklik út de Frânske Abdij fan Clairvaux, wat "it ljochte dal" betsjut. Klaarkamp betsjut "it ljochte fjild". De mûntsen droegen wite kapen. De likebruorren droegen grize kapen en waarden skiere mûntsen neamd.


Ut Klaarkamp wei waarden in soad oare kleasters stifte, ûnder oaren by Boalsert (Kleaster Blomkamp; 1190), Aduard (1192) en Gerkeskleaster (Jeruzalem; 1249). Mar ek yn it Dútske Ihlow wie in dochterkleaster.


De mûntsen fan Klaarkamp makken ûnder oaren âlde friezen, bakstiennen makke fan de klaai dy't se tichtby it kleaster ôfgroeven. Dêrtroch ûntstie de Klaarkampster Mar, tsjintwurdich in dridzich gebiet dat troch Steatsboskbehear beheard wurdt. De mûntsen bebouden ek it lân en stutsen turf.


Op it hichtepunt hie it kleaster 2500 hektare grûn en sa'n 80 pleatsen yn eigendom. Yn it kleaster wennen tsientallen mûntsen en inkele hûnderten likebruorren. Teffens hie it kleaster ferskate úthôven, dêr't Sibrandahûs nei alle gedachten ien fan wie. Dêrneist wie der in úthôf yn Jannum en ek de Skierstins tichtby Feanwâlden hearde fan 1439 ôf by it kleaster. Ek Skiermûntseach ("eilân fan de skiere mûntsen") hearde ta it kleaster Klaarkamp. It kleaster hie ek in grutte wrâldske betsjutting. Sels de Frânske kening is op besite west.


By de twisten tusken de Skieringers en Fetkeapers hearde Klaarkamp uteraard ta de Skieringers. In oar kleaster, Foswert by Ferwert, hearde ta de Fetkeapers. Doe't yn 1387 de tsjerke fan Foswert ôfbaarnde krige Klaarkamp dêrfan de skuld en by wize fan wraak waarden fjouwer mûntsen út Klaarkamp deaslein. Pas folle letter waard it skeel bylein.


Yn de Tachtichjierrige Oarloch gie Fryslân oer fan it katolisisme nei it protestantisme. De kleasters, wêrûnder Klaarkamp, waarden op 31 maart 1580 opheft en de besittings ferfoelen oan de Steaten fan Fryslân. De kleasters waarden ôfbrutsen, de grûn en de stiennen dêr't de kleasters fan boud wienen waarden ferkoft.


Tusken 1858 en 1941 waard de terp dêr't Klaarkamp op boud wie ôfbrutsen en de grûn waard ferkoft. Oarspronklik wie de terp sa'n fjouwer en in heale meter heech. It terrein is in archeologyske monument.



Archeologysk ûndersyk |




Byldhoude kop fûn op it stee fan Klaarkamp


By it ôfgraven fan de terp waarden in protte archeologyske fynsten dien út de tiid fan it kleaster, mar ek in soad âldere, út de Romeinske tiid. De archeolooch Van Giffen hat yn de jierren '40 ûndersyk dien, mar fan de resultaten is it measte nea publisearre. Yn septimber 2010 is it terpoerbliuwsel wer ûndersocht troch de Rykstsjinst foar Kultuereel Erfguod. Der binne trije troch proefslûven dold. Wol is in part fan de út kleastermoppen leine fûneminten fûn en in part fan de eardere greft, mar it grutste part fan it boaimargyf is al wei troch de ôfgravingen yn it ferline.[1]



Literatuer |


  • Praamstra/Boersma: Die archäologischen Untersuchungen der Zisterzienserabteien Clarus Campus (Klaarkamp) bei Rinsumageest (Fr.) und St. Bernardus in Aduard (Gr.), Palaeohistoria 19, 1977, s. 173-259;

  • Boersma: De voormalige abdij Klaarkamp bij Rinsumageest archeologisch verkend, Publikatieband Stichting Alde Fryske Tsjerken 2, 1978, s. 77-88;

  • J.A. Mol: Besitzerwerbungen der friesischen Zisterzienserklöster Klaarkamp, Bloemkamp und Gerkesklooster, yn: K. Elm (Hrsg.)., Erwerbspolitik und Wirtschaftsweise mittelalterlicher Orden und Klöster, Berliner Historische Studien 17, Ordensstudien 7 (Berlin 1992), s. 67-96.


Keppelings om utens |



  • (ned) *Webstee oer kleaster Klaarkamp
Commons




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Actief 22 sept. 2010: Klooster Claercamp weer even bovengronds

Internet-web-browser.svg 53° 18′ 43″ N, 5° 56′ 22″ E








Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Kleaster_Klaarkamp&oldid=925274"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.056","walltime":"0.081","ppvisitednodes":"value":126,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":1879,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":187,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":313,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 20.337 1 -total"," 34.04% 6.922 1 Berjocht:Koördinaten"," 26.77% 5.445 1 Berjocht:Nl"," 21.84% 4.441 1 Berjocht:Boarnen"," 18.98% 3.860 1 Berjocht:MapsServer"," 15.73% 3.199 1 Berjocht:Commonscat"," 12.28% 2.498 1 Berjocht:Taalwerjefte"],"cachereport":"origin":"mw1331","timestamp":"20190329023233","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":115,"wgHostname":"mw1250"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ