Skip to main content

Hillige Kristlike hilligen | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuReferences, op dizze sideSaints

HilligePersoan nei juridyske statusReligy


GodgoadenFryskesynonimenmanlikefroulikeroomsk-katolikeanglikaanskeeastersk-otterdokseoriïntaalsk-otterdoksekristendomgodstsjinsthistoarisyjoadendomislaamhindoeïsmeboedismegoeroessikhismekristendomprotestantismeRoomsk-Katolike TsjerkeTsjerkehillichferklearringsillich ferkearrepausRomeMidsiuwenbiskopakklamaasjehjeldeifolkshilligenReferences, op dizze side












Hillige




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search




Yn 'e tradisjonele kristlike ikonografy waarden hilligen werjûn mei strielekrânsen om 'e holle hinne, lykas op dizze werjefte fan it Lêste Jûnsmiel. (Merk op dat de ferrieder Judas Iskariot de iennichste is dy't gjin strielekrâns hat.)


In hillige is persoan dy't rûnom bekenstiet om syn bûtengewoane graad fan 'hillichheid', oftewol likenis mei God of de goaden. Alde, yn ûnbrûk rekke Fryske synonimen binne sant foar in manlike hillige en santinne foar in froulike hillige. Hoewol't de oantsjutting 'hillige' yn 'e regel assosjearre wurdt mei de roomsk-katolike, anglikaanske, eastersk-otterdokse en/of oriïntaalsk-otterdokse streamings fan it kristendom, brûke godstsjinsthistoarisy dyselde term no ek yn in bredere sin foar it soarte fan 'hillichheid' dat ek oare religyen oan beskate persoanen taskriuwe. Sadwaande wurde de tzadiks fan it joadendom, de mu'min fan 'e islaam, de rishi fan it hindoeïsme, de bodhisattva fan it boedisme en de goeroes fan it sikhisme no allegear wol oantsjut as hilligen.



Kristlike hilligen |


Yn beskate dielen fan it kristendom (eins alle streamings útsein it meastepart fan it protestantisme) wurde hilligen sjoen as midslju tusken de leauwenden en God, en wurde se fereare mei as doel om harren foarspraak by God ôf te smeekjen. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke moatte hilligen kanonisearre wurde om foar harren ferearing offisjele erkenning en goedkarring fan 'e Tsjerke te krijen. In hillichferklearring of kanonisaasje kin (tsjintwurdich) inkeld plakfine nei it ferstjerren fan 'e persoan yn kwestje, om't de kâns bestiet dat sa'nent by syn libben noch yn sûnde ferfalle kinne soe.


Nei syn of har dea jildt yn normale gefallen in wachtperioade fan tolve jier. Dan moatte der 'bewizen' sammele wurde fan twa wûnders dy't postúm ferrjochte wêze soene troch de persoan dêr't it om giet. As ien sa'n wûnder troch de Tsjerke erkend wurdt, kin de persoan yn kwestje sillich ferkearre wurde, wat yn 'e regel in opstapke is nei in hillichferklearring, dy't plakfynt sadree't twa wûnders erkend binne. Tsjintwurdich is de paus fan Rome de iennichste dy't noch in hillichferklearring útsprekke kin (yn 'e Midsiuwen koe eltse biskop dat dwaan). Fan dit stramyn kin ôfwykt wurde as de paus dat wol; dan kin it proses ferflugge wurde of kin immen sels sûnder ûndersyk nei wûndertekens by akklamaasje hillich ferklearre wurde. Dat lêste bart hjoed de dei frijwol nea mear.


As in persoan ienris hillich ferklearre is, kriget hy of sy in offisjele hjeldei taparte. De Roomsk-Katolike Tsjerke ûnderskiedt fjouwer soarten hilligefierings:


  • heechfeest

  • feest

  • ferplichte betinking

  • frije betinking

Guon hilligen dy't wol fereare wurde, binne feitlik nea offisjeel hillich ferklearre. Sokke persoanen wurde folkshilligen neamd.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.



Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Hillige&oldid=918262"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.028","walltime":"0.035","ppvisitednodes":"value":53,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":1752,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":766,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":4,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 6.963 1 Berjocht:Boarnen","100.00% 6.963 1 -total"," 49.26% 3.430 1 Berjocht:Commonscat"],"cachereport":"origin":"mw1319","timestamp":"20190407031415","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":106,"wgHostname":"mw1328"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ