Akkrum Ynhâld Ferbinings | Skiednis | Untwikkeling | It besjen wurdich | Doarpslibben | Ferskaat | Ynwenners | Strjitten yn Akkrum | Sjoch ek | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuWebstee fan AkkrumWebstee fan AkkrumTe besjen yn Akkrum53° 3' NB, 5° 50' EL
AkkrumDoarp of stêd yn UtingeradielDoarp of stêd yn BoarnsterhimDoarp of stêd yn It Hearrenfean (gemeente)
doarpenIt Hearrenfean1 maart2009Wei nei OeriselA32Leppe-akwaduktBoarnDe BoarnNesKromme KnillesAldskouMeinesleatSnitser MarPolsleatHearrenfeanster KanaalSpoar fan Swol nei Ljouwert525725terpSteamreedmakkerij Ruitergemeentlike weryndieling1984UtingeradielKromme KnillesAldskoumidsiuwen1400beginen15211580strjitten yn Akkrum
Akkrum
Jump to navigation
Jump to search
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | It Hearrenfean | ||||
Ynwennertal (2010) | 3399 | ||||
Webstee | Webstee fan Akkrum | ||||
de himrik fan Akkrum
Herfoarme tsjerke
It âlde gemeentehûs fan Utingeradiel
hotel Goerres
Akkrum is ien fan de doarpen yn de gemeente It Hearrenfean. It doarp hie op 1 maart 2009 3.369 ynwenners.
Ynhâld
1 Ferbinings
2 Skiednis
2.1 Ferhaal oer it ûntstean
2.2 Kleaster Ealsum
2.3 Earder yn Akkrum
3 Untwikkeling
4 It besjen wurdich
5 Doarpslibben
5.1 Aktiviteiten
5.2 Ferienings
6 Ferskaat
7 Ynwenners
7.1 Ferneamde Akkrumers
7.2 Untwikkeling ynwennertal
8 Strjitten yn Akkrum
9 Sjoch ek
10 Boarnen, noaten en referinsjes
Ferbinings |
Akkrum leit oan de âlde Wei nei Oerisel, en de nije A32. Dy lêste giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it súdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert.
Skiednis |
Akkrum is tusken 525 - 725 ûntstien op in terp besuden De Boarn en is de dyk bylâns fierder woeksen. Om 1500 hinne is it âlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud. Yn likernôch 1860 waard hjir de earste reedmakkerij fan Nederlân stifte: Steamreedmakkerij Ruiter.
Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel.
Ferhaal oer it ûntstean |
Akkrum komt wierskynlik fan op de akker of it hiem fan Akker. Yn in reuzeteltsje binne twa reuzen De Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". Fan dêr de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Yn Akkrum stiet in keunstwurk fan twa reuzen.[1]
Kleaster Ealsum |
Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn, no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dêr it dûbelkleaster 'Maria's hûs yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ôf, waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[2]
Earder yn Akkrum |
- In ULO (letter in MAFÛ ) en in húshâldskoalle.
- It fabryk fan UT (Ulbe Twynstra), letter UTD nei de fúzje mei Delfia en op’t lêst Hendriks-UTD. De hege silo is ôfbrutsen.
- Oan it begjin fan de 18e iuw wurdt Akkrum bekend troch syn eksportslachterij FCE nei Londen.
Untwikkeling |
Boarnstee is de nijste útwreiding oan de eastkant, by Nes.
It besjen wurdich |
Coopersburg (2009)
Fermanje fan Akkrum
Coopersburg - wie in hûs foar âlderein út 1901, stifte troch miljonêr Folkert Kuipers, “Cooper’’ op syn Amerikaansk.
Welgelegen mei syn teekoepeltsje út de 18e iuw.- Yn de herfoarme tsjerke (1759 op it Heechein sitte brânskildere glêzen fan Thomas en Tsjalling Gonggryp fan Snits út 1761 en 1762. It Van Oeckelenoargel út 1856 sil opknapt wurde.
- Restaurearre spinnekopmole oan de Polsleat.
Museum Boere-ark - ark en wurktugen fan foar de Twadde Wrâldoarloch, alles brûkt op deselde pleats.- Yn de buorren fan Akkrum stiet de meniste tsjerke (Fermanje), dy’t dêr al foar 1600 stien hawwe moat. Der is oan ’e ein fan de 20e iuw in oerkape leagenbankje tsjinoan setten.
- Op de herfoarme tsjerke út de 18e iuw stiet (boppe it koer) in seemearman ynstee fan in hoanne. In seemearman is de tsjinhinger fan in (see)mearmin. Yn de Grykske mytology soenen seemearmannen grutte stoarmen oproppe kinne om sa skippen fergean te litten.
Doarpslibben |
- Op de lêste skoaldei fan it jier geane de bern dy’t fan skoalle gean sjongend troch de buorren: “Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lêste…ensfh”.
- Mei Palmpeaske giet der in prosesje troch it doarp.
- Yn maaie 2005 waard in Winterfeest hâlden. Der waard snie makke en doe snieballen smiten, sniepoppen makke en mei in prikslide fan in 4 meter hege skeante roetst.
Aktiviteiten |
- Kampioenskip Mêstklimmen 1e sneon fan july.
- De Fryske Dei, de earste sneon yn augustus.
- Op 25 augustus 2007 waard foar de 25e kear it Iepen Frysk kampioenskip Slingeraap holden.
Tûnelûke - spektakel dat yn Akkrum ûntstien is- De Shantydei, de earste sneon yn septimber.
Ferienings |
- Fuotbalferiening Akkrum
De Kromme Knilles – shantykoar
Muzykferiening De Harmony – fanfarekorps
De Swiepers – badminton
Hercules - gymnastykferiening
Iisklup Foarút (Akkrum) - iisklup
Akkrum Ald en Nij - histoaryske feriening
Ferskaat |
- Akkrum foarmet de noardwestpunt fan de Turfrûte.
- It fersoargingshûs Leppehiem stiet yn de wyk De Himmen.
- Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.
- Sûnt 1998 hat Akkrum in eigen ”wettertaksy”. Dy fart troch hiel Akkrum, om de toeristen út de haven hinne en werom nei it doarp te bringen.
- Hotel Goerres is in hotel dat al hiel lang yn Akkrum stiet.
Ynwenners |
Ferneamde Akkrumers |
Johannes Acronius Frisius - wis- en natuerkundige
Adam Ruurds de Boer – ek wol Adam Hurdrider
Wieger Hendrikus Idzerda - politikus
Wim Duisenberg -brocht syn jonge jierren troch yn Akkrum
Sjoukje Dykstra - keunstrydster
Hartgert Langman - politikus
Willem en Hans Anker - de strafpleiterstwilling
Foppe de Haan - fuotbaltrener
Afke Hylkema - keatster
Herre Hooghiemster - keunstner
Nine van der Schaaf - skriuwster en dichteresse
Ids Willemsma, keunstner
Jan Kleefstra, dichter
Romke Kleefstra, muzikant
Andries Kramer, reedrider
Untwikkeling ynwennertal |
2010 - 3.399
2009 - 3.369
2008 - 3.311
2004 - 3.128
2003 - 3.184
1999 - 3.213
1973 - 2.491
1969 - 2.564
1964 - 2.571
1959 - 2.530
1954 - 2.491
1913 - 2.050
1848 - 1.143
Strjitten yn Akkrum |
Alle strjitten yn Akkrum.
Sjoch ek |
- Fryske doarpen
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Akkrum
- Doarp of stêd yn Utingeradiel
- Doarp of stêd yn Boarnsterhim
- Doarp of stêd yn It Hearrenfean (gemeente)
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.096","walltime":"0.127","ppvisitednodes":"value":278,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":2789,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":655,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":4,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":753,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 51.960 1 -total"," 20.05% 10.418 1 Berjocht:Boarnen"," 16.76% 8.710 1 Berjocht:Doarpstabel"," 12.45% 6.469 1 Berjocht:Koördinaten"," 9.99% 5.191 1 Berjocht:Border"," 6.12% 3.181 1 Berjocht:MapsServer"," 5.27% 2.737 2 Berjocht:EvF"," 4.38% 2.276 3 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1303","timestamp":"20190316160855","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Akkrum","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Akkrum","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q2250527","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q2250527","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-06-15T18:07:57Z","dateModified":"2019-03-11T14:35:16Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/5/5c/Akkrum_flag.svg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":143,"wgHostname":"mw1269"););
