1964 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Films | Muzyk | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1964
196420e iuw
desennium1960-er jierren
1964
Jump to navigation
Jump to search
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
| Jierren: | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 | 1969 |
Gregoriaanske kalinder | 1964 MCMLXIV |
Ab urbe condita | 2717 |
Armeenske kalinder | 1413 ԹՎ ՌՆԺԳ |
Etiopyske kalinder | 1956 – 1957 |
Hebriuwske kalinder | 5724 – 5725 |
Hindoekalinders | |
| - Vikram Samvat | 2019 – 2020 |
| - Shaka Samvat | 1886 – 1887 |
| - Kali Yuga | 5065 – 5066 |
Iraanske kalinder | 1342 – 1343 |
Islamityske kalinder | 1384 – 1384 |
Juliaanske kalinder | Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4660 – 4661 庚卯 – 辛辰 |
1964 is in skrikkeljier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1964.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Ynhâld
1 Foarfallen
2 Berne
3 Ferstoarn
4 Literatuer
5 Films
6 Muzyk
7 Boarnen, noaten en referinsjes
Foarfallen |
12 jannewaris - By in bloedige steatsgreep yn Sansibar wurdt de lêste sultan, Djamsjyd bin Abdûlla, ôfset. It lân wurdt no de Folksrepublyk Sansibar en Pemba.
29-9 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde hâlden yn Innsbruck, yn Eastenryk.
31 jannewaris - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapport Smoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker.
27 maart - By in ierdbeving yn Alaska, ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 139 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is.
31 maart-1 april - By in steatsgreep yn Brazylje wurdt it demokratysk keazen regear fan presidint João Goulart ôfset en komt in militêre diktatuer oan 'e macht, dy't it lân mear as tweintich jier ûnderdrukke sil.
26 april - De Republyk Tanganjika en de Folksrepublyk Sansibar en Pemba ferrane ta in nij lân: de Feriene Republyk Tanzania.
29 april - De Nederlânske prinsesse Irene trout yn Rome mei de roomske Spaanske ealman Karel Hugo fan Boerbon-Parma.
12 juny - Yn Súd-Afrika wurdt de swarte anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.
19 juny - De Ljouwerter fuotbalklub SK Cambuur Ljouwert wurdt oprjochte.
21 juny - Yn 'e Amerikaanske steat Mississippy fine de saneamde Frijheidssimmermoarden plak. Derby wurde trije aktivisten fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, James Chaney, Andrew Goodman en Mickey Schwerner, fermoarde troch de Ku Klux Klan yn gearwurking mei de pleatslike plysje.
2 july - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Boargerrjochtewet fan 1964, wêrmei't rasseskieding op skoallen, op it wurk en yn iepenbiere romten yllegaal wurdt.
6 july - Malawy wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
2 augustus - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaansk marineskip yn 'e Golf fan Tonkin, foar de kust fan Noard-Fjetnam, oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.)
7 augustus - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch.
21 septimber - Malta wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
27 septimber - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich.
10-24 oktober - De Olympyske Simmerspullen wurde hâlden yn Tokyo.
15 oktober - Fanwegen syn almar ûnfoarsisberder hâlden en dragen wurdt Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov út al syn funksjes set. As siktaris-generaal wurdt er opfolge troch Leonid Brezjnjev.
16 oktober - De Folksrepublyk Sina bringt foar it earst mei súkses in atoombom ta ûntploffing.
24 oktober - Sambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
4 novimber - De Iraanske geastlike Rûholla Chomeiny, in skerp kritikus fan 'e sjah, wurdt út syn heitelân ferballe.
24 novimber - Belgyske kommando's befrije yn 'e Demokratyske Republyk Kongo in groep fan 60 Amerikanen en 800 Belgen dy't yn Stanleystad gizele waarden troch rebellen. By de operaasje falle in protte deaden.
sûnder datum - Kees van Kooten en Wim de Bie hawwe har debút as Klisjeemannetjes yn it radio-programma Uitlaat (fan de VARA).
Berne |
17 jannewaris - Michelle Obama, Amerikaansk presidintsfrou
20 jannewaris - Mustapha Oukbih, Nederlânsk sjoernalist en ferslachjouwer († 2017)
3 febrewaris - Søren Malling, Deensk akteur
11 febrewaris - Sarah Palin, Amerikaansk politika
3 maart - Laura Harring, Meksikaansk-Amerikaansk aktrise en model
7 maart - Eva Wiessing, Nederlânsk ferslachjouster
9 maart - Juliette Binoche, Frânsk aktrise
18 maart - Seymore Butts, Amerikaansk pornoakteur en -produsint en realitypersoanlikheid
21 maart - Douwe Heeringa, Frysk sjonger en programmamakker
31 maart - Monique Knol, Frysk hurdfytster
12 april - Pandora Peaks Amerikaansk neakenmodel en aktrise
23 april - Bill Browder, Amerikaanske sakeman en aktivist
1 maaie - Yvonne van Gennip, Nederlânsk hurdrydster
4 maaie - Rocco Siffredi, Italjaansk pornoakteur
22 juny - Dan Brown, Amerikaansk skriuwer
1 july - Geartsje de Vries, Frysk sjoernaliste, redaktrise en presintatrise
19 july - Henk Rouwé, Frysk roeier
26 july - Johan Leutscher, Frysk roeier
4 augustus - Jan Tekstra, Frysk sjonger, muzikant en komponist- 4 augustus - Wout Zijlstra, Frysk krêftsporter
9 oktober - Jacqueline Carey, Amerikaansk skriuwster
11 novimber - Ron van den Hout, Nederlânsk biskop
1 desimber - Jo Walton, Welsk-Kanadeesk skriuwster
3 desimber - Sjieuwe Borger, Frysk skriuwer
- datum ûnbekend
Shada Nasser, Jemenitysk abbekate en minskerjochte-aktiviste
Ferstoarn |
10 jannewaris - A. Marja, Nederlânsk skriuwer (* 1917)
25 febrewaris - Maurice Farman, Frânsk loftfeartpionier (* 1877)
11 juny - Lolle Piers de Boer, Frysk skiedkundige en frisiast (* 1881)
22 juny - Wike Zijlstra, Frysk ûnderwizeres en pedagoge (* 1893)
22 juny - Havank (Hans van der Kallen), Frysk skriuwer (* 1904)
26 juny - Gerrit Rietveld, Nederlânsk arsjitekt en meubelmakker (* 1888)
17 desimber - Jurjen Koksma, Frysk wiskundige (* 1904)
Literatuer |
- prizen
Jean-Paul Sartre wint de Nobelpriis foar de Literatuer, mar wegeret dy
- romans
Simon Vestdijk, Het Genadeschot
Jan Cremer, Ik Jan Cremer
Elizabeth Bowen, The Little Girls
Elie Wiesel - Les Portes de la Forêt (oerset yn it Frysk as De Poarten fan it Wâld)
- novelles
Tonke Dragt, De Blauwe Boekanier (berneboekewikegeskink)
- poëzij
Ezra Pound - The Cantos (foar in diel oerset yn it Frysk as De Kanto's)
- non-fiksje
Susan Sontag, Notes on Camp (essay)
Films |
- Zulu
Muzyk |
Beatlemania
- albums
The Beatles, A Hard Day's Night- The Beatles, Beatles For Sale
The Rolling Stones, The Rolling Stones- The Rolling Stones, The Rolling Stones: England's Newest Hit Makers
- The Rolling Stones, 12 x 5
- singles
The Beach Boys, I Get Around
Billy J. Kramer with The Dakotas, Little Children
Bobby Fuller Four, I Fought the Law
Chad & Jeremy, A Summer Song- Chad & Jeremy, Yesterday's Gone
Chubby Checker, Lovely Lovely
Cilla Black, You're My World
Cliff Richard, Constantly- Cliff Richard, I Could Easily Fall in Love
The Dave Clark Five, Bits and Pieces- The Dave Clark Five, Glad All Over
The Supremes, Baby Love- The Supremes, Where Did Our Love Go
Dixie Cups, Chapel of Love
Freddie & the Dreamers, Over You
Gerry & The Pacemakers, Ferry Cross the Mersey
Geschwister Jacob, Träume der Liebe
Herman's Hermits, I'm into Something Good
Imca Marina, Harlekino
Jim Reeves, I Love You Because
Julie Rogers, The Wedding
The Jumping Jewels, Irish Washer Woman- The Jumping Jewels, Jumping Can-Can
- The Jumping Jewels, Zambezi
Lucille Starr, Colinda- Lucille Starr, Quand le Soleil Dit Bonjour aux Montagnes (The French Song)
Lulu, Shout
Manfred Mann, Do Wah Diddy Diddy
Marianne Faithfull, As Tears Go By
Martha Reeves & The Vandellas, Dancing in the Street
Mary Wells, My Guy
Millie Small, My Boy Lollipop
Peter & Gordon, True love Ways
Petula Clark, Downtown
The Rolling Stones, It's All Over Now- The Rolling Stones, Little Red Rooster
- The Rolling Stones, Tell Me
- The Rolling Stones, Time Is on My Side
- The Rolling Stones, You Better Move On
Roy Orbison, Pretty Woman
Royal Showband Waterford, Huckle Buck
The Swinging Blue Jeans, Hippy Hippy Shake
The Animals, House of the Rising Sun
The Beatles, A Hard Day's Night- The Beatles, Ain't She Sweet
- The Beatles, All My Loving
- The Beatles, Can't Buy Me Love
- The Beatles, I Feel Fine
- The Beatles, I Should Have Known Better
The Drifters, Saturday Night at the Movies
The Fortunes, Caroline
The Hollies, Here I Go Again- The Hollies, Just One Look
The Searchers, Needles and Pins
Trini Lopez, This Land Is Your Land
Willeke Alberti, Mijn Dagboek
| Jierren: | 1959 | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 | 1969 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Commons
|
Kategoryen:
- 1964
- 20e iuw
(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.128","walltime":"0.165","ppvisitednodes":"value":1570,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18310,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 61.741 1 -total"," 41.99% 25.926 1 Berjocht:Kalinders"," 31.66% 19.550 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 17.30% 10.683 2 Berjocht:IuwPart"," 15.48% 9.556 2 Berjocht:JierPart"," 9.26% 5.716 1 Berjocht:JiersideUnder"," 8.92% 5.508 1 Berjocht:Boarnen"," 7.52% 4.643 1 Berjocht:Kalinderjier"," 5.27% 3.255 1 Berjocht:Romeinsk"," 4.75% 2.935 1 Berjocht:Armeenskal"],"cachereport":"origin":"mw1262","timestamp":"20190328081556","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":126,"wgHostname":"mw1244"););