Skip to main content

Fryslân YnhâldGeografySkiednisBestjoerDemografyPlakkenTaalEkonomyFerdivedaasjeSjoch ekKeppelings om utens Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.fryslan.frlCommons: FryslânWebstee fan de Provinsje Fryslân.ahn.nlSinnekaart NederlânAktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons NederlânKNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000CBS Bevolking 2010Emigraasje nei de Feriene Steatenfryslan.frlReligie; naar regio; 2000/2002 of 2003Fryske taalatlas 2011 (side 4 en 5)Fryske taalatlas 2011 (side 12)CBSEurostat Jahrbuch der Regionen 2009PDFXLSCBSMuseumfederaasje Fryslân

TopsideFryslânProvinsje fan NederlânBestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814


provinsjeNederlânFrânske Tiid181431 desimber2018oerflakkm²wetterkustwaadeilannenâlve stêdengemeentenFryske wengebietGrinslânDrinteOeriselNoardeastpolderOfslútdykWest-FryslânNoard-HollânSurchIselmarWaadseeIselmarWaadseeWaadseeNoardseeFjoerboetsdúnFlylânBoskberchAppelskeaFryske marrenAppelskeaNasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâldit OranjewâldSteatsboskbehearNatuermonumintenIt Fryske GeaSúdwest-FryslânOpsterlângemeente LjouwertNederlânskeklimaatklassifikaasje fan KöppenNoardseegemalenôfwetteringsynstallaasjesWetterskip FryslânFrisiiGrutte FolkeferfarrenSkiednis fan FryslânSkiednis fan de FriezenTiidline fan de Fryske skiednisFryske RykFryske FrijheidUpstalbeamFrisian flag.svgHearlikheid FryslânFlag Ommelanden.svgGrinzer OmmelannenFlag of East Frisia.svgEastfrysk Greefskip en FoarstedomWest-Friesland vlag.svgWest-FryslânFrisian flag.svgWesterlauwersk-FryslânFlag Groningen.svgGrinslânFlag of East Frisia.svgEast-FryslânNordfriesischeflagge.svgNoard-FryslânterpenRomeinenFlyIemsGrutte FolkeferfarrenRedbadFrankenBonifatiusDokkumFryske frijheidAldfryskSân seelannenUpstalbeamSkieringers en FetkeapersSân Feriene NederlannenHearlikheid Fryslânfjouwer goaënWestergoaEastergoaSânwâldenAlve StêdenLjouwertUniversiteit fan FrjentsjerAdmiraliteit fan FryslânFrânske tiidKeninkryk HollânKeninkryk fan 'e NederlannenProvinsjehûsProvinsjale Steaten fan FryslânDeputearre SteatenKommissaris fan de KeninginneJohn Jorritsma2011PvdACDAFNPBevolkingsontwikkeling Friesland.jpglânboukrisis fan 1880Feriene Steaten31 desimber2018befolkingAlve StêdenAlvestêdetochtbeskerme stedsgesichtenbeskerme doarpsgesichtenWesterlauwersk FryskNederlânskFryske talenSealterfryskNoardfryskFryskDantumadielNederlânsktrijetalige skoallenIt BiltFryske MarreprojektFryske eilannenLjouwertIt HearrenfeanDrachtenBYPA6A7A31A32njoggen akwaduktenFryske MarrenprojektLjouwert-StarumLjouwert-Swolspoar fan Grins nei It Hearrenfeanhaven fan HarnsVan HarinxmakanaalPrinses MargrietkanaalRederij DoeksenFlylânSkylgeRederij Eigen Feartsjinst SkylgeWagenborgHolwertIt AmelânLauwerseachSkiermûntseachFleanfjild DrachtenAmelân Fleanfjild BallumFleanbasis LjouwertUNESCO-wrâlderfskiplistWaadseeYr. D.F. WoudagemaalMuseumfederaasje FryslânNatuermuseum It AmelânTresoarJopie Huisman MuseumNatoermuseum FryslânEise Eisinga PlanetariumFrysk MuseumMuseum BelvédèreGysbert JapiksJoast HalbertsmaPiter Jelles TroelstraSimke KloostermanFedde SchurerRely JorritsmaObe PostmaRink van der VeldePortal.svg












Fryslân




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



Fryslân




Frisian flag.svg

Friesland wapen.svg


Folksliet: De Alde Friezen

Friesland in the Netherlands.svg



Haadstêd
Ljouwert



Kommissaris fan de Kening
Arno Brok (VVD)



Gemeenten18







Oerflak5.748,76 km² (2015)
  •  dêrfan lân3.323,65 km² (2015)
  •  dêrfan wetter2.425,11 km² (2015)





Ynwennertal647.784  (aug. 2015)
Befolkingstichtens200 ynw./km²





Religy
Protestantsk (28,5%)1

Roomsk-katolyk (6,6%)1



ISO 3166NL-FR



Webstee
www.fryslan.frl


1. Sifers binne fan 2015 en publisearre troch it Sintraal Buro foar de Statistyk.




1rightarrow.pngDizze side giet oer de Nederlânske provinsje Westerlauwersk Fryslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fryslân (betsjuttings).


Fyslân (2019)


Fryslân is in provinsje fan Nederlân, en waard as sadanich oprjochte oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid, yn 1814. De provinsje hie op 31 desimber 2018 647.784 ynwenners. It oerflak beslacht 6198,64 km², wêrfan 2849,38 km² wetter. Fryslân hat om-ende-by 350 km kust, krekt mear as de helte dêrfan op de fjouwer waadeilannen. De provinsje hat âlve stêden en sân-en-tweintich gemeenten. De provinsje is in part fan it Fryske wengebiet en om it krekte plak binnen dy gruttere regio Fryslân oan te jaan wurdt de provinsje Fryslân ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd.




Ynhâld





  • 1 Geografy

    • 1.1 Lânskipsgebieten


    • 1.2 Gemeenten


    • 1.3 Klimaat



  • 2 Skiednis


  • 3 Bestjoer

    • 3.1 Utslaggen Steateferkiezings



  • 4 Demografy

    • 4.1 Religy



  • 5 Plakken

    • 5.1 Alve stêden


    • 5.2 Grutste plakken


    • 5.3 Beskerme steds- en doarpsgesichten



  • 6 Taal

    • 6.1 Frysk


    • 6.2 Nederlânsk


    • 6.3 Oare taalfarianten



  • 7 Ekonomy

    • 7.1 Ferkear


    • 7.2 Media



  • 8 Ferdivedaasje

    • 8.1 Sport


    • 8.2 UNESCO


    • 8.3 Musea


    • 8.4 Eveneminten


    • 8.5 Literatuer



  • 9 Sjoch ek


  • 10 Keppelings om utens


  • 11 Boarnen, noaten en referinsjes



Geografy


De Fryske fêstewâl wurdt yn it easten en it suden troch lân omsletten. Yn it easten troch de provinsjes Grinslân en Drinte, en yn it suden troch Oerisel en de Noardeastpolder. De Ofslútdyk ferbynt West-Fryslân yn Noard-Hollân mei de Fryske fêstewâl by it plak Surch en is de skieding tusken de Iselmar en de Waadsee. De Iselmar leit westlik/súdwestlik fan de Fryske fêstewâl en oan de west- en noardkante leit de Waadsee. De fjouwer Waadeilannen dy't by de provinsje hearre binne de natuerlike skieding tusken Waadsee en Noardsee.


It heechste punt fan de provinsje Fryslân is de 45 meter hege Fjoerboetsdún op Flylân. Op de fêstewâl is de Boskberch by Appelskea mei 27 meter it heechste punt, it djipste punt fan de provinsje is −2 meter.[1]



Lânskipsgebieten


It gea kin ferdielt wurde yn ferskate lânskipsgebieten:


  • It Lege Midden leit sintraal yn de provinsje.

  • Yn it súdeasten lizze de Stellingwerven.

  • Yn it easten fan de provinsje lizze de Fryske Wâlden.

  • Yn it noarden en it westen leit de Klaaistreek.

  • Yn it súdwesten leit de Súdwesthoeke dêr't it Gaasterlân ek ta rekkene wurdt.

  • Yn it noarden de fjouwer Waadeilannen (Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach).

Fryslân hat in ferskaat oan natuergesichten. De Fryske marren yn, benammen de Súdwesthoeke, binne ferneamd. Yn de Stellingwerven by Appelskea binne grutte heidefjilden en stodunen te sjen, lykas yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De boskgebieten lizze benammen yn it suden en easten fan de provinsje, lykas de bosken yn de omkriten fan it Oranjewâld. De grutste natoerbehearders yn de provinsje Fryslân binne: Steatsboskbehear, Natuermonuminten en It Fryske Gea.



Bosk, greide, eilannen en wetter

Aekingersân

Aekingersân
 
Greiden by Dearsum

Greiden by Dearsum

 
Beamwâl (Fryske Wâlden)


Beamwâl (Fryske Wâlden)
 
Heide by Bakkefean
Heide by Bakkefean
 
Waadsee mei Skylge

Waadsee mei Skylge
 
Skylger dunen

Skylger dunen
 
De Tsjûkemar

De Tsjûkemar

 
Fjoerboetsdún, Flylân


Fjoerboetsdún, Flylân

 

Gemeenten



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side Fryske gemeenten.

Fryslân bestiet sûnt 2019 út 18 gemeenten. Nei lânoerflak is Súdwest-Fryslân de grutste gemeente, dêrnei folget Opsterlân. Nei ynwennertal is de gemeente Ljouwert mei 94.131 ynwenners fierwei it grutst. De twadgrutste gemeente nei ynwennertal is sûnt 1 jannewaris 2011 de gemeente Súdwest-Fryslân, mei in ynwennertal fan 82.284 minsken.


Yn ûndersteande tabel steane alle 18 gemeenten, mei dêrefter it lânoerflak, it tal ynwenners (per 31 des. 2018), de befolkingstichtens, it trochsneed ynkommen nei ynwenners en it haadplak. Gemeenten mei in stjerke efter de namme hawwe offisjeel in Nederlânske of tuskenbeiden namme, dy't net gelyk is oan de Fryske namme.







































































































































Nr.
Namme
Lânoerflak
(km2)
Ynwenners
Befolkingstichtens
inw./km²
Trochsneed ynkommen
€ de ynw.
Haadplak
1Achtkarspelen102,6127.89727411.400
Bûtenpost
2
It Amelân*
59,183.6775911.700
Ballum
3Dantumadiel85,6718.92822511.100
Damwâld
4
Eaststellingwerf*
224,1625.52011711.900
Easterwâlde
5
Flylân*
36,161.1423213.300
East-Flylân
6De Fryske Marren559,9351.447
De Jouwer
7
Harns*
25,0215.76663112.000
Harns
8
It Hearrenfean*
135,2150.26032112.900
It Hearrenfean
9
Ljouwert* (haadstêd)
79,16123.054116512.300
Ljouwert
10Noardeast-Fryslân516,4545.157
Dokkum
11
Opsterlân*
224,8629.68913412.500
Beetstersweach
12
Skiermûntseach*
40,799402314.200
Skiermûntseach
13
Skylge*
87,114.8935413.400
West-Skylge
14
Smellingerlân*
118,4655.93246712.200
Drachten
15Súdwest-Fryslân433,0989.715190-
Snits
16Tytsjerksteradiel149,5931.74321612.500
Burgum
17
De Waadhoeke*
316,0046.163
Frjentsjer
18Weststellingwerf221,5325.82811712.000
Wolvegea

Klimaat


Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Fryslân yn in sône mei in Cfb-klimaat: In myld maritym seeklimaat (mei troch de ynfloed fan de Noardsee). De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5°C. It tal sinne-oeren yn Fryslân is 1.475 yn ’t jier. [2] De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein. By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum, op Flylân, en op Skylge.[3]






















































































Moanne
Jan
Feb
Maa
Apr
Maa
Jun
Jul
Aug
Sep
Okt
Nov
Des
Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C
12,6
14,4
20,4
26,0
28,7
32,5
31,4
32,8
29,1
23,8
16,4
14,2

32,8
Maks. trochsneed temp. °C
4,6
5,1
8,3
11,4
15,9
18,1
20,3
20,8
17,6
13,4
8,7
5,8

12,5
Min. trochsneed temp. °C
-0,2
-0,4
1,6
3,2
6,9
9,8
12,2
12,0
9,8
6,6
3,3
1,1

5,5
Leechste temp. ea metten °C
-19,9
-16,3
-16,3
-5,9
-1,7
1,3
5,7
5,4
2,0
-6,5
-14,2
-19,2

-19,9
Reinfal yn mm
65,6
42,1
59,4
38,4
51,4
68,7
64,2
60,2
82,1
78,4
83,7
73,0

767,2
Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 [4][5]

Skiednis



Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren



Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis



Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)



Dieling nei de midsiuwen
Frisian flag.svg Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Flag Ommelanden.svg Grinzer Ommelannen
Flag of East Frisia.svg Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)



Hjoed
West-Friesland vlag.svg West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Frisian flag.svg Westerlauwersk-Fryslân
Flag Groningen.svg Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
Flag of East Frisia.svg East-Fryslân
Nordfriesischeflagge.svg Noard-Fryslân



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

Tusken 400 en 200 foar Kristus setten de earste minsken har yn it gebiet nei wenjen. De minsken wennen doe op terpen. Troch de Romeinen waarden de bewenners op de terpen tusken Fly en Iems Frisii neamd. Nei it Grutte Folkeferfarren wie Fryslân in heidensk gebiet dêr't de minsken noch hieltyd op terpen wennen. Om it jier 700 hinne ferdigenet kening Redbad mei sukses it heidenske Fryslân tsjin de kristlike Franken. Nei de dea fan Redbad folget stadichwei de oermastering fan Fryslân troch de Franken. Mei de Franken komme yn de achtste iuw ferskate missionarissen nei Fryslân dy't de Friezen kerstenje wolle. Ien fan de meast ferneamde missionarissen wie Bonifatius, dy't yn 'e omkriten fan Dokkum stoarn is.


Om it jier 1100 hinne begjint de tiid fan de Fryske frijheid. De Fryske frijheid wie in útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Ut dy tiid binne Fryske rjochtsteksten en oarkonden oerlevere dy't foar it grutste part skreaun wienen yn it Aldfrysk. It konsept fan de Sân seelannen en de Upstalbeam binne twa wichtige eleminten yn de Fryske frijheid. De Sân Seelannen wienen de sân Fryske lannen dy't de Fryske frijheid dielden. De Upstalbeam wie it plak dêr't ôffurdigen út de ferskate Fryske lannen benammen yn de 14e iuw gearkamen om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De provinsje Fryslân is ûntstien út trije fan de Sân seelannen. Yn 1498 einige de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers en it gebiet kaam ûnder Saksysk gesach. De Saksen ferkochten it gebiet yn 1515 oan de Boergondjers.


Yn de tiid fan de Sân Feriene Nederlannen waard mei it Hearlikheid Fryslân de grûnslach lein foar de lettere provinsje Fryslân. It Hearlikheid Fryslân hie fjouwer goaën: Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden en de Alve Stêden. Haadstêd en bestjoerlik sintrum waard de stêd Ljouwert. Yn de jierren 1579-1795 wie it Hearlikheid Fryslân feitlik in autonoom gebiet mei in eigen universiteit (Universiteit fan Frjentsjer) en de Admiraliteit fan Fryslân. Yn de Frânske tiid waard de hjoeddeiske provinsje Fryslân ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân. Nei de Frânske tiid waard Fryslân in provinsje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mar ferlear syn autonome status dy't it wol hân hie yn de tiid fan de Republyk.


Bestjoer



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side Provinsjale Steaten fan Fryslân.

De provinsje Fryslân wurdt bestjoerd fan it Provinsjehûs yn Ljouwert út troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân en telt op it stuit 43 leden. It kolleezje fan Deputearre Steaten is op it stuit seis man machtich, foarsitter hjirfan is de Kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma. Sûnt 2011 bestiet it kolleezje fan Fryslân út de partijen PvdA, CDA en FNP.


Yn it kolleezje fan Deputearre Steaten sitte:


  • Kommissaris fan de Keninginne: John Jorritsma - VVD

  • Deputearre/loko-kommissaris: Jannewietske de Vries - PvdA

  • Deputearre: Johannes Kramer - FNP

  • Deputearre: Hans Konst - PvdA

  • Deputearre: Tineke Schokker-Strampel - CDA

  • Deputearre: Sietske Poepjes - CDA

  • Sekretaris-direkteur: Jan Wibier

Utslaggen Steateferkiezings




Ferdieling fan de sitten nei de Steateferkiezings 2011



























































































































































































Utslaggen Steateferkiezings
2003200720112015
PartijStimmen
(persint)
SittenStimmen
(persint)
SittenStimmen
(persint)
SittenStimmen
(persint)

Sitten
CDA27,41625,81217,71220,89
PvdA26,21525,61223,71115,57
VVD10,9610,8513,86115
SP4,829,648,4310,95
FNP13,2710,759,249,54
PVV----8,448,74
CU5,638,236,437,43
D662,511,3-4,226,93
GrienLinks5,433,925,223,61
Partij foar de Dieren------2,61
50Plus----1,4-2,41
Friese Koers------0,4-
Libertarische Partij------0,2-
Feriene Lofts----0,1-0,1-
PBF----1,2---
PvhN----0,3---
Gemeentebelangen
Fryslân
1,91------
LPF1,71------
Opkomst/sitten56,15554,14359,94353
43

Demografy







Befolkingsûntjouwing provinsje[6][7]



























Jier
Tal ynwenners
1714129.243
1748135.195
1796161.513
1811175.366
1830204.909
1840227.859
1850243.191
1860269.701
1870300.863
1880329.877
1890335.558
1900340.263





























Jier
Tal ynwenners
1910363.625
1920385.362
1930402.051
1940424.462
1950465.267
1960478.206
1970521.820
1982592.314
1990599.151
1999621.222
2010646.305
2017647.083
2018647.784

Bevolkingsontwikkeling Friesland.jpg


It tiidrek 1880-1900 lit in stadige befolkingsoanwaaks sjen. Troch de lânboukrisis fan 1880 setten mear as 20.000 Fryske lânferhuzers nei de Feriene Steaten ta.[8]


Op 31 desimber 2018 hie Fryslân in befolking fan 647.784 minsken.[9] Mei in befolkingstichtens fan 193 ynwenners de km² is de provinsje Fryslân nei Drinte de tinst befolke provinsje fan Nederlân.


Neffens ferwachting sil de provinsje yn 2025 sa likernôch 657.000 ynwenners hawwe, dêrnei sil it ynwennertal nei alle wierskyn ôfnimme.[10]


Religy


Sa likernôch de helte fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân is kristlik. De sifers binne fan it CBS fan 2003[11]:













Religy yn Fryslân
Roomsk-KatolykGrifformeardNederlânsk HerfoarmeIslamNet religieus
7,6 %18,4 %18,5 %1,9 %47,9 %

Plakken



Alve stêden




In loftfoto fan Westerlauwersk Fryslân út it ISS wei.


Fan âlds binne der alve stêden (de Fryske Alve Stêden) yn de provinsje Fryslân. De measte fan dizze stêden lizze yn it westlik part fan Fryslân. By dizze stêden del fynt ek de Alvestêdetocht plak.


Grutste plakken


Hjirûnder in list fan de tsien grutste plakken yn Fryslân.



































Nr.Plaknamme
Tal ynwenners
1Ljouwert94.073
2Drachten44.795
3Snits33.000
4It Hearrenfean29.750
5Harns15.878
6Frjentsjer13.045
7Dokkum12.997
8De Jouwer12.970
9Wolvegea12.738
10De Lemmer10.050

Boarne: Keamer fan Keaphannel (1 febrewaris 2012)


Beskerme steds- en doarpsgesichten



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân.

Fryslân hat tsien beskerme stedsgesichten en 46 beskerme doarpsgesichten en in beskerme gebiet.


Taal




It hjoeddeiske Fryske taalgebiet


Yn Fryslân wurdt it Westerlauwersk Frysk, it Nederlânsk en in ferskaat oan oare taalfarianten sprutsen.


Frysk



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side Frysk.

It Frysk fan de provinsje Fryslân wurdt ek wol Westerlauwersk Frysk neamd, om sa it plak fan de Fryske taal tusken de oare Fryske talen (it Sealterfrysk en Noardfrysk) dúdlik te meitsjen. Wat mear as de helte fan de Friezen yn de provinsje Fryslân hat it Frysk as memmetaal, te witten 53,6% (2001). Dantumadiel is de gemeente dêr’t de measte ynwenners it Frysk as memmetaal hawwe, te witten 83,3%. Yn Harns is dat it leechst (21,6%).[12] Sa likernôch in fearnspart fan de befolking kin 'frij aardich' Frysk skriuwe (12,1 persint goed).


Dantumadiel wie de earste Fryske gemeente dy't sawol Fryske plaknammen en strjitnammen as ek in Frysktalige gemeentenamme hat. Yn 2012 wienen der 7 gemeenten dy't offisjeel Fryske plaknammen brûke. De offisjele wetternammen binne rûnom yn de provinsje (útsein de Stellingwerven) yn it Frysk. It Frysk hat yn de Fryske steaten en yn by de Fryske gemeenten de status fan offisjele bestjoerstaal.



Nederlânsk


It Nederlânsk is de twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân. Ferskate media lykas de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en GPTV brûke mear Nederlânsk as Frysk. It Nederlânsk komt yn it ûnderwiis op it foarste plak, op trijetalige skoallen is it neist it Frysk en Ingelsk de tredde taal. Yn de haadstêd Ljouwert hie yn 1967 sa'n 28 persint fan de befolking it Nederlânsk as memmetaal, yn 1993 wie dat 46 persint.[13]


Oare taalfarianten


De oare taalfarianten yn de provinsje Fryslân kinne sa yndield wurde:


  • Hollânsk-Fryske mingdialekten: Amelânsk - Biltsk - Midslânsk


  • Westfryske dialekt: Flylânsk


  • Stedsk: Ljouwertersk - Snitsersk - Frjentsjertersk - Harnzersk - Boalsertersk - Dokkumersk - Starumersk - Kollumersk


  • Nederdútske dialekten (ek Friso-Saksyske taalfarianten neamd): Pompstersk - Oertsjongersk - Westerkertiersk

It brûken fan de dialekten nimt yn de provinsje Fryslân sterk ôf. It Oertsjongersk (Stellingwerfsk) waard yn 2011 troch 22 persint yn Weststellingwerf en troch 11 persint fan de befolking yn Eaststellingwerf praat. Yn It Bilt kin sa'n tritich persint fan de befolking Biltsk prate.[14] In foarbyld fan it ôfnimmen fan de dialekten is de delgong fan it Stedsk yn Ljouwert. Prate yn 1967 noch 37 persint fan de Ljouwerters stedsk, yn 1993 wie dat tebekrûn oant 15 persint.[15]


Ekonomy


De provinsje Fryslân is foar in relatyf grut part agrarysk. Troch it agraryske karakter is de provinsje mei troch de suvelyndustry bekend wurden. De toeristyske sektor nimt ek in wichtich plak yn. Mei it Fryske Marreprojekt jout de provinsje in stimulâns oan it wettersporttoerisme yn it súdwesten en midden fan de provinsje. Foar de toeristyske sektor binne Fryske eilannen fan grut belang. De tsjinstesektor kriget foaral syn beslach yn de gruttere plakken lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten.


De beropsbefolking bestie yn 2009 út sa likernôch 300.000 minsken[16], dat wie doe 3,8 persint fan de Nederlânske beropsbefolking. Yn it jier 2006 wie it regionale BYP per ynwenner, neffens keapkrêft, by 105,1 persint fan trochsnee fan de 27 EU-lannen.[17] It BYP fan de provinsje besloech € 18,9 miljard yn 2008[18], sa'n 3,17% it Nederlânske BYP.


Ferkear





Akwadukt Mid-Fryslân mei dêrnjonken de spoarbrêge, ûnder it akwadukt troch rint de A6.


Troch de provinsje hinne lizze fjouwer sneldiken: de A6, A7, A31 en A32. Yn de provinsje binne njoggen akwadukten, foar in part binne se ûnderdiel fan it Fryske Marrenprojekt.


Yn de provinsje Fryslân lizze fjouwer spoarlinen: Ljouwert-Harns, Ljouwert-Starum, Ljouwert-Grins en Ljouwert-Swol. In mooglik takomstich spoar is it spoar fan Grins nei It Hearrenfean.


De haven fan Harns is de wichtichste seehaven fan Fryslân. It Van Harinxmakanaal en it Prinses Margrietkanaal binne de wichtichste kanalen foar de grutte skipfeart. Nei de eilannen ta docht Rederij Doeksen de feartsjinst fan Harns nei Flylân en Skylge. Rederij Eigen Feartsjinst Skylge fart allinnich út Harns nei Skylge ta. De rederij Wagenborg fart fan Holwert nei It Amelân en fan Lauwerseach nei Skiermûntseach.


Foar it loftferkear binne fan belang: It Fleanfjild Drachten mei in ferhurde baan fan 950 meter en it Amelân Fleanfjild Ballum mei in gersbaan fan 998 meter. De Fleanbasis Ljouwert hat twa ferhurde banen en wurdt foar de militêre loftfeart brûkt. Op Flylân is oan de eastkant fan it eilân in lytse helikopterhaven.


Media


  • Deistige kranten: Ljouwerter Krante en Frysk Deiblêd.

  • Provinsjale omroppen: Omrop Fryslân en GPTV.

Ferdivedaasje


Sport




Keatsen op it Sjûkelân yn Frjentsjer.



  • Fuotbal (de provinsje Fryslân hat twa profesjonele fuotbalklups):

    • SK It Hearrenfean is in klup út de Earedifyzje en spilet yn it Abe Lenstra Stadion.


    • SK Cambuur Ljouwert is in klup út de Earedifyzje en spilet yn it Cambuurstadion.



  • Reedriden: de Alvestêdetocht en it reedridersstadion Thialf. De Flyers It Hearrenfean is in iishockeyklup út de Earste difyzje (heechste difyzje fan it Nederlânske iishockey) spilet syn thúswedstriden ek yn Thialf.


  • Wettersport: it skûtsjesilen en de Snitswike.

  • Oare sporten (Fryske sporten of sporten dy't relatyf populêr binne yn Fryslân):

    • Keatsen: de wichtichste wedstriden binne de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer en de Freulepartij yn Wommels.


    • Fierljeppen: plakken dêr't wedstriden hâlden wurde binne Burgum, Bûtenpost, It Heidenskip, Drylts, De Jouwer en Winsum.


UNESCO


Op de UNESCO-wrâlderfskiplist stean de Waadsee en it Yr. D.F. Woudagemaal.


Musea



1rightarrow.pngDe Wikipedy hat ek in side List fan musea yn de provinsje Fryslân.


Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer


Yn 2010 hienen de ferskate Fryske musea sa likernôch 890.000 besikers.[19] In ferheging fan sân persint yn ferliking mei it jier 2009. Neffens Museumfederaasje Fryslân krigen de neikommende museu mear as 40.000 besikers: Natuermuseum It Amelân, Tresoar, Jopie Huisman Museum, Natoermuseum Fryslân, Eise Eisinga Planetarium, Frysk Museum/ Fersetsmuseum Fryslân en Museum Belvédère.


Eveneminten



  • Oerol Festival, jierliks festival op Skylge.


  • Harnzer Fiskerijdagen, jierliks evenemint yn Harns.


  • Fryske Ballonfeesten, jierliks evenemint op 'e Jouwer.


  • Slachtemaraton, in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachte dy't alle fjouwer jier plakfynt.

Literatuer


Op it literêre mêd wurde de measte romans dy't yn de provinsje ferskine yn it Frysk skreaun. Ferneamde Fryske skriuwers út it ferline binne: Gysbert Japiks, Joast Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Simke Kloosterman, Fedde Schurer, Rely Jorritsma, Obe Postma en Rink van der Velde. Nei alle niisneamde skriuwers is in literêre priis neamd.


Sjoch ek


Portal.svgTema:Provinsje Fryslân – Wikipedy hat ek in temaside oer de Provinsje Fryslân



  • Skiednis fan Fryslân - Kanon fan de Fryske skiednis


  • Provinsjale Steaten fan Fryslân - Rjocht yn Fryslân

  • Frysk

Keppelings om utens



Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Fryslân – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika


Commons Commons: Fryslân – foto, fideo en harktriemmen


Wikiatlas Wikimedia-atlas: Fryslân – geografyske en histoaryske kaarten

  • Webstee fan de Provinsje Fryslân.


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. ahn.nl


  2. Sinnekaart Nederlân


  3. Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân


  4. KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000


  5. KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000


  6. [1] Tresoar: Histoaryske befolkingsoantallen Fryslân 1714 - 2000


  7. CBS Bevolking 2010


  8. Emigraasje nei de Feriene Steaten


  9. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.


  10. fryslan.frl Befolkingsferwachting 2009-2030 op de webside fan de Provinsje Fryslân


  11. Religie; naar regio; 2000/2002 of 2003 op de webside fan it CBS


  12. Fryske taalatlas 2011 (side 4 en 5) op de webside fan de Provinsje Fryslân


  13. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008


  14. Fryske taalatlas 2011 (side 12) op de webside fan de Provinsje Fryslân


  15. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008


  16. CBS Beropsbefolking Fryslân 2009.


  17. Eurostat Jahrbuch der Regionen 2009: Kapitel 4: Bruttoinlandsprodukt (PDF; 5,4 MB) en (XLS; 134 KB)


  18. CBS BYP fan de provinsje Fryslân.


  19. Museumfederaasje Fryslân 2010 topjaar voor Friese musea.




 
             Provinsje Fryslân

Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Eaststellingwerf • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)



 
Provinsjes fan Nederlân

Flagge fan Nederlân

Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
Artículo bueno-blue.svg









Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fryslân&oldid=943377"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.356","walltime":"0.549","ppvisitednodes":"value":1587,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":33382,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":3833,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":6,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":7777,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 183.245 1 -total"," 34.50% 63.215 1 Berjocht:Gallery"," 12.52% 22.938 1 Berjocht:GemeentenFryslan"," 10.14% 18.579 1 Berjocht:Skiednis_fan_Fryslân"," 8.01% 14.687 1 Berjocht:Boarnen"," 6.72% 12.319 8 Berjocht:Gallery/Sub"," 6.29% 11.522 1 Berjocht:Ynfoboks_provinsje_fan_Nederlân"," 2.56% 4.683 1 Berjocht:WikiwurdboekLyts"," 2.26% 4.143 1 Berjocht:Topside"," 2.04% 3.743 1 Berjocht:WikiatlasLyts"],"cachereport":"origin":"mw1320","timestamp":"20190226125158","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Fryslu00e2n","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Frysl%C3%A2n","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q770","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q770","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2003-10-26T14:39:05Z","dateModified":"2019-01-10T15:55:37Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/c/ca/Frisian_flag.svg"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":172,"wgHostname":"mw1274"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ