Skip to main content

1945 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1945

194520e iuw


desennium1940-er jierren












1945




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



























Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e
Jierren:

1940

1941

1942

1943

1944

1945

1946

1947

1948

1949

1950






























Calendar-nl.pngKalinders

Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
1945
MCMXLV

Ab urbe condita
2698

Armeenske kalinder
1394

ԹՎ ՌՅՂԴ



Etiopyske kalinder
1937 – 1938

Hebriuwske kalinder
5705 – 5706

Hindoekalinders

- Vikram Samvat
2000 – 2001
- Shaka Samvat
1867 – 1868
- Kali Yuga
5046 – 5047

Iraanske kalinder
1323 – 1324

Islamityske kalinder
1364 – 1364

Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.

Sineeske kalinder
4641 – 4642

辛申 – 壬酉


1945 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1945.)


Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.




Ynhâld





  • 1 Foarfallen


  • 2 Berne


  • 3 Ferstoarn


  • 4 Literatuer


  • 5 Boarnen, noaten en referinsjes




Foarfallen |



  • 17 jannewaris - De totaal ferwuostge Poalske haadstêd Warsjau wurdt befrijd troch it Reade Leger.


  • 18 jannewaris - Hongarije kapitulearret foar de Sovjet-Uny.


  • 19 jannewaris - It Fryske ferset oerfalt in auto fan 'e SD op De Falom. Trije fersetslju wurde befrijd, wylst twa Dútsers om dea reitsje.


  • 20 jannewaris - Hongarije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.


  • 22 jannewaris - By de Moarden fan Dokkum wurde tweintich jonge manlju eksekutearre troch Dútske soldaten, as ferjilding fan de oerfal fan 19 jannewaris.


  • 25 jannewaris - It Dútske Ardinnenoffinsyf wurdt troch de westlike Alliëarden ûnderdrukt.


  • 27 jannewaris - It Dútske ferneatigingskamp Auschwitz wurdt befrijd troch it Reade Leger.


  • 2 febrewaris - Ekwador ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 4-11 febrewaris - Op 'e Konferinsje fan Jalta, op 'e Krim, lizze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin de grûnslach foar de nei-oarlochske reorganisaasje fan Jeropa.


  • 7 febrewaris - Paraguay ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 13 febrewaris - De Hongaarske haadstêd Boedapest wurdt befrijd troch it Reade Leger.


  • 14 febrewaris - By it Bombardemint fan Dresden troch de Britske RAF wurdt dy Dútske stêd frijwol hielendal ferwuostge


  • 15 febrewaris - Oerûguay en Fenezuëla ferklearje de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 19 febrewaris - Amerikaanske mariniers lânje op Iwo Jima. Begjin fan 'e ferheftige Slach om Iwo Jima.


  • 23 febrewaris - Turkije ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 24 febrewaris - Egypte ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.


  • 24 febrewaris - De Filipynske haadstêd Manilla wurdt befrijd troch it de Amerikanen.


  • 26 febrewaris - Syrje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.


  • 27 febrewaris - Libanon ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.


  • febrewaris of maart - Anne Frank komt om yn it Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen.


  • 1 maart - Saûdy-Araabje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân.


  • 6 maart - De sjef fan 'e SS yn beset Nederlân, Hanns Albin Rauter, rekket by in oanslach slim ferwûne. As represaille wurde troch de Dútsers 263 Nederlânske gizelders fermoarde.


  • 7 maart - De Ludendorffbrücke oer de Ryn by Remagen falt ûnskansearre yn 'e hannen fan 'e Alliëarden.


  • 7 maart - De Alliëarden feroverje Keulen.


  • 12 maart - Noardlik Transsylvaanje, dat yn 1940 troch Hongarije anneksearre waard, wurdt troch de Sovjet-Uny weromjûn oan Roemeenje.


  • 13 maart - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen keart werom op Nederlânsk grûngebiet yn Eede, yn Siuwsk-Flaanderen.


  • 16 maart - De Friese Koerier ferskynt foar it earst.


  • 27 maart - Nei it ûnderdrukken fan it lêste Japanske ferset komt der in ein oan 'e Slach om Iwo Jima. Dêrby binne 6.800 Amerikanen sneuvele.


  • 27 maart - Argentynje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 1 april - Amerikaanske troepen lânje op Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. Begjin fan 'e Slach om Okinawa.


  • 6 april - Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst komme op it Nederlânske Waadeilân Teksel yn opstân.


  • 11 april - Sily ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.


  • 11 april - It Dútske konsintraasjekamp Buchenwald wurdt befrijd troch it Reade Leger.


  • 11 april - By de saneamde Dronryp-represaille wurde yn it Fryske doarp Dronryp troch de Dútsers 13 finzenen stânrjochtlik eksekutearre as straf foar in sabotaazje-aksje fan it Fryske ferset.


  • 11 april - De earste Alliëarde troepen (Kanadezen) tsjogge by Wilhelmaoard oer de Fryske Brêge en berikke Noardwâlde.


  • 12 april - It Dútske trochgongskamp Westerbork wurdt befrijd troch de Kanadezen.


  • 12 april - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt komt te ferstjerren oan in oerhaal. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint, Harry Truman.


  • 13 april - It Reade Leger feroveret de Eastenrykske haadstêd Wenen.


  • 15 april - It Dútske konsintraasjekamp Bergen-Belsen wurdt befrijd troch de Britten.


  • 15 april - Fryske Befrijingsdei: mei de befrijing fan Ljouwert is it hiele fêstelân fan Fryslân no befrijd troch de Kanadezen.


  • 15 april - De Nederlânske stêd Arnhim wurdt befrijd troch de Alliëarden.


  • 16 april - It Reade Leger begjint oan 'e Slach om Berlyn.


  • 16 april - Yn Penjum begjint in fûleindich gefjocht tusken it Kanadeeske 1e Leger en in detasjemint fan Dútske skerpskutters.


  • 19 april - Yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân sette de Dútsers de Wieringermar ûnder wetter om 'e opmars fan 'e Alliëarden te kearen.


  • 25 april - Troepen fan it Amerikaanske Leger en it Reade Leger meitsje kontakt oan 'e Elbe by Torgau.


  • 25 april - Italjaanske partizanen meitsje in ein oan 'e Italjaanske Sosjale Republyk fan Benito Mussolini. De diktator sels besiket út te naaien, mar wurdt op syn flecht ynrekkene.


  • 27 april - De Laplânske Oarloch tusken Finlân en nazy-Dútslân einiget mei de folsleine weromlûking fan alle Dútske troepen út Finlân.


  • 28 april - De eardere Italjaanske diktator Benito Mussolini en syn minneresse Claretta Petacci wurde troch it Italjaanske ferset stânrjochtlik eksekutearre.


  • 29 april - It Dútske konsintraasjekamp Dachau wurdt befrijd troch de Amerikanen.


  • 30 april - It Dútske konsintraasjekamp Ravensbrück wurdt befrijd troch it Reade Leger.


  • 30 april - De Dútske diktator Adolf Hitler en syn frou Eva Braun dogge selsmoard.


  • 1 maaie - It Reade Leger plantet de flagge fan 'e Sovjet-Uny op it Ryksdeigebou yn 'e Dútske haadstêd Berlyn.


  • 1 maaie - De stêd Triëst wurdt befrijd troch de Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito.


  • 1 maaie - Joseph Goebbels, de Dútske minister fan Propaganda, docht mei syn hiele gesin selsmoard.


  • 2 maaie - De Dútske troepen yn 'e haadstêd Berlyn jouwe har oer oan it Reade Leger: ein fan 'e Slach om Berlyn.


  • 2 maaie - Martin Bormann, de siktaris fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler, docht selsmoard.


  • 2 maaie - Yn Belgje keare de sosjalisten har tsjin kening Leopold III, dy't troch syn rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn opspraak rekke is. Dit is it begjin fan 'e slepende Keningskwestje.


  • 3 maaie - Britsk-Yndyske troepen tsjogge de troch de Japanners ûntromme Birmeeske haadstêd Rangoon binnen.


  • 5 maaie - Befrijingsdei yn Nederlân: yn Hotel De Wereld, yn Wageningen, ûndertekenje prins Bernhard, de Dútske generaal Johannes Blaskowitz en de Kanadeeske generaal Charles Foulkes de oerjefte fan 'e Dútske troepen yn Nederlân.


  • 5 maaie - Yn Bohemen brekt de Opstân fan Praach út tsjin 'e Dútske SS-troepen dy't dy stêd beset hâlde.


  • 6 maaie - De Opstân fan de Georgiërs op it Nederlânske Waadeilân Teksel wurdt troch de Dútsers bloedich ûnderdrukt. Dêrby fine 570 Georgyske soldaten yn Dútske tsjinst de dea. Mei de sneuvele Dútsers en Tekselders derby komt it totale deadetal op likernôch 1.200.


  • 7 maaie - Kapitulaasje fan nazy-Dútslân: generaal Alfred Jodl ûndertekenet yn Reims de oerjefte oan 'e Alliëarden.


  • 7 maaie - Dútske militêren iepenje yn Amsterdam fanút De Groote Club op De Dam it fjoer op 'e feestfierende mannichte bûtendoar, en rjochtsje dêrmei it Bloedbad op De Dam oan. Der falle 32 deaden.


  • 7 maaie - Utert (stêd) wurdt befrijd troch Britske troepen.


  • 7 maaie - De Nederlânske Prinses Irene Brigade tsjocht De Haach binnen.


  • 7 maaie - Yn Nederlân wurdt Anton Mussert, lieder fan 'e kollaborearjende NSB, oppakt.


  • 8 maaie - Amsterdam wurdt befrijd troch Kanadeeske troepen.


  • 8 maaie - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de formele ûndertekening fan 'e Dútske oerjefte holden.


  • 9 maaie - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling oppakt.


  • 23 maaie - Admiraal Karl Dönitz, oan wa't de Dútske diktator Adolf Hitler foar syn selsmoard de macht oerdroegen hie, wurdt yn 'e hechten nommen.


  • 23 maaie - Heinrich Himmler, de lieder fan 'e Dútske SS, docht selsmoard.


  • 11 juny - It Fryske Waadeilân Skiermûntseach is it alderlêste stikje fan Jeropa dat formeel troch de Dútsers oerdroegen wurdt oan 'e Alliëarden.


  • 22 juny - Nei in fearnsjier ferbiten striid feroverje de Amerikanen it Japanske eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. De Slach om Okinawa hat oan 12.500 Amerikanen en oan 110.000 Japanners it libben koste.


  • 26 juny - Op 'e Konferinsje fan San Francisco wurde de Feriene Naasjes oprjochte.


  • 29 juny - De Amerikaanske presidint Harry Truman kart in plan goed dat de ynvaazje fan Japan omfiemet foar 1 novimber o.s.


  • 29 juny - Tsjechoslowakije en de Sovjet-Uny slute in oerienkomst dy't de Sovjet-anneksaasje fan Roeteenje (it uterste easten fan Tsjechoslowakije) regelet.


  • 5 july - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur foltôget de Befrijing fan de Filipinen.


  • 6 july - Poalen en de Sovjet-Uny slute in ferdrach dat de útwikseling fan etnyske Poalen út 'e Sovjet-Uny en etnyske Wytrussen en Oekraïners út Poalen regelet, no't de Sovjet-Poalske grins fier nei it westen ta opskood wurdt.


  • 16 july - By Los Alamos, yn 'e woastyn fan Nij-Meksiko, hâlde de Amerikanen de earste slagge proef mei in atoombom.


  • 16 july-2 augustus - Op 'e Konferinsje fan Potsdam beslute de Amerikaanske presidint Harry Truman, de Britske premier Winston Churchill (healwei de konferinsje nei in ferkiezingsnederlaach ferfongen troch Clement Attlee) en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de opdieling fan Dútslân en de eask foar in oerjefte sûnder betingsten troch Japan.


  • 22 july - Yn Fryslân wurdt de SKS oprjochte.


  • 3 augustus - Atoombombardemint fan Hiroshima: 70.000 oant 80.000 minsken komme daliks om.


  • 6 augustus - Atoombombardemint fan Nagasaki: 35.000 oant 40.000 minsken komme daliks om.


  • 8 augustus - De Sovjet-Uny ferklearret de oarloch oan Japan.


  • 9 augustus - Mongoalje ferklearret de oarloch oan Japan.


  • 15 augustus - Kapitulaasje fan Japan: de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn Aazje en de Stille Oseaan.


  • 17 augustus - Yndoneezje ropt de ûnôfhinklikheid út.


  • 28 augustus - De Amerikaanske generaal Douglas MacArthur arrivearret yn Japan, wêrmei't de Besetting fan Japan begjint.


  • 2 septimber - Offisjele ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, mei de formele ûndertekening fan 'e kapitulaasje fan Japan, oan board fan it Amerikaanske slachskip de Missouri.


  • 2 septimber - Hồ Chí Minh, de lieder fan 'e kommunistyske organisaasje Viet Minh, ropt de ûnôfhinklikheid fan Fjetnam út.


  • 8 septimber - De earste Amerikaanske troepen lânje yn it suden fan Koreä, dat se neffens de ôfspraak mei de Sovjet-Uny oant de 38e breedtegraad besette sille.


  • 9 septimber - It Japanske leger yn Sina jout him oer.


  • 12 septimber - Alle Japanske troepen yn Súdeast-Aazje jouwe har oer by in seremoanje yn Singapoer.


  • 20 septimber - Yn Britsk-Ynje easkje de lieders fan 'e ûnôfhinklikheidsstriid, Mahatma Gandhi en Jawaharlal Nehru, it weromlûken fan alle Britske troepen.


  • 24 septimber - It Feriene Keninkryk draacht it fraachstik oer wat der barre moat mei it mandaatgebiet Palestina oer oan 'e Feriene Naasjes.


  • 26 septimber - Yn Nederlân fiert minister fan Finânsjes Piet Lieftinck in jildsanearring troch om ynkomsten út swarthannel en oare profitearring ûnder de Twadde Wrâldoarloch ôf te nimmen. Alle papierjild wurdt ûnjildich ferklearre. Om salang fan bestean te kinnen, kriget eltse húshâlding it saneamde Tientsje fan Lieftinck.


  • 26 septimber - Yn Fryslân wurdt de Betinking fan de Slach by Warns foar de earste kear holden.


  • 29 septimber - De earste Alliëarde (Britske) troepen lânje op Java, yn Nederlânsk-Ynje.


  • 13 oktober - No't de striid tsjin 'e Japanners foarby is, lôget yn Sina de Sineeske Boargeroarloch tusken nasjonalisten en kommunisten wer op.


  • 13 oktober - Yn Nederlânsk-Ynje brekt de Yndonezyske Revolúsje út, dy't úteinlik liede sil ta de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Yndoneezje.


  • 20 oktober - Oprjochting fan 'e Arabyske Liga.


  • 24 oktober - Yn Noarwegen wurdt de kollaborateur Vidkun Quisling terjochtsteld.


  • 24 oktober - De Feriene Naasjes begjint mei syn wurk.


  • 24 oktober - Syrje en Libanon wurde formeel ûnôfhinklik fan Frankryk, hoewol't se al langer frijwol selsstannich wiene.


  • oktober - Ein fan 'e Trêde Koerdysk Arabyske Oarloch yn noardlik Irak.


  • 14 novimber - Begjin fan 'e Prosessen fan Neurenberch tsjin Hermann Göring en in grut tal oare nazy-pommeranten.


  • 29 novimber - Yn Joegoslaavje wurdt de monargy ôfskaft. It lân wurdt omfoarme ta de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje, mei Josip Broz Tito as earste presidint.


Berne |


jannewaris

  • 10 - Rod Stewart, Skotsk sjonger


  • 15 - Gjalt Blaauw, Frysk keunstner


  • 29 - Tom Selleck, Amerikaansk akteur

febrewaris

  • 9 - Mia Farrow, Amerikaansk aktrise


  • 17 - Nalini Singh, Yndiaask sjoernaliste, presintatrise en tillefyzjeprodusinte


  • 20 - Gjalt de Groot, Frysk skriuwer


  • 21 - Tom van Deel, Nederlânsk dichter en kritikus


  • 28 - Bubba Smith, Amerikaansk akteur en spiler fan American football († 2011)

maart

  • 2 - Jan Tromp, Frysk fotograaf en keunstskilder


  • 7 - Roxy Gordon, Amerikaansk dichter, skriuwer, muzikant en aktivist († 2000)

  • 7 - Elizabeth Moon, Amerikaansk skriuwster


  • 30 - Eric Clapton, Ingelsk sjonger en muzikant

april

  • 9 - Jan Pyt Janzen, Frysk skiedkundige en publisist († 2005)
maaie

  • 17 - Pieter Breuker, Frysk wittenskipper en skriuwer


  • 18 - Maarten van Traa, Nederlânsk politikus († 1997)

juny

  • 2 - Suzan Shown Harjo, Amerikaansk aktiviste


  • 9 - Betty Mahmoody, Amerikaansk skriuwster en aktiviste

july

  • 9 - Dean Koontz, Amerikaansk skriuwer


  • 18 - Fritz Korbach, Nederlânsk fuotbaltrener († 2011)

augustus

  • 4 - Joop Boomsma, Frysk skriuwer († 2018)
septimber

  • 4 - Tiny Terpstra-Sluyter, Frysk keunstskilderesse († 2015)
oktober

  • 25 - Hendrik ten Hoeve, Frysk politikus († 2009)

  • 25 - Sytse ten Hoeve, Frysk tsjerkekenner, skied- en geakundige en museumdirekteur († 2016)


  • 29 - Gerrit Ybema, Frysk politikus († 2012)

novimber

  • 19 - Hans Monderman, Frysk ferkearsdeskundige († 2008)


  • 27 - James Avery, Amerikaansk akteur († 2013)

desimber

  • 24 - Harmen Wind, Frysk skriuwer en dichter († 2010)


  • 26 - Janine van Elzakker, Nederlânsk aktrise († 2019)

datum ûnbekend

  • Glenda Larke, Australysk skriuwster


  • Sam Xavier, Amerikaansk pornoprodusint en -regisseur († 2012)


Ferstoarn |



  • 8 jannewaris - Jac. P. Thijsse, Nederlânske Natueredukator (* 1865)


  • 2 febrewaris - Ids de Beer, Frysk fersetsstrider (* 1916)


  • 9 maart - Georg Christiaan Slieker, (earste) Frysk (én Nederlânsk) bioskoophâlder (* 1861)


  • 12 april - Franklin D. Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1882)


  • 12 april - Bouwe van Ens, Frysk boer en fersetsman (* 1893)


  • 14 april - Jan Harm Kruis, Frysk feehâlder en fersetsstrider (* 1904)


  • 17 maart - Hotze Brouwer, Frysk boer en fersetsman (* 1910)


  • 17 maart - Albert Koopman, Frysk fersetsman (* 1917)


  • 25 april - Abraham Salomon Levisson, oerrabbyn fan Fryslân (* 1902)


  • 28 april - Benito Mussolini, Italjaansk diktator (* 1883)


  • 28 april - Rienk Hendrik Kuipers, Nederlânsk predikant en fersetsman (* 1905)


  • 30 april - Adolf Hitler, Dútsk diktator (* 1889)


  • 1 maaie - Joseph Goebbels, Dútsk politikus (* 1897)


  • 2 maaie - Martin Bormann, Dútsk politikus (* 1900)


  • 18 juny - Andries Gaastra, grûnlizzer fan it Batavusfabryk (* 1879)


  • 15 july - Theodorus Marius Theresius baron van Welderen, Frysk politikus en bestjoerder (* 1867)


  • 21 july - Johan Hilgers, Nederlânsk loftfeartpionier (* 1886)


  • 26 septimber - Béla Bartók, Hongaarsk komponist (* 1881)


Literatuer |


novelles

  • Ulbe van Houten, Ein fan 'e Mars


  • John Steinbeck, The Pearl (oerset yn it Frysk as De Pearel)



























Jierren:

1940

1941

1942

1943

1944

1945

1946

1947

1948

1949

1950

Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=1945&oldid=950471"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.256","walltime":"0.293","ppvisitednodes":"value":2046,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18253,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 76.450 1 -total"," 42.74% 32.672 1 Berjocht:Kalinders"," 31.63% 24.178 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 18.54% 14.176 2 Berjocht:IuwPart"," 16.02% 12.245 2 Berjocht:JierPart"," 9.93% 7.591 1 Berjocht:JiersideUnder"," 8.29% 6.341 1 Berjocht:Boarnen"," 6.73% 5.148 1 Berjocht:Kalinderjier"," 5.58% 4.265 1 Berjocht:Romeinsk"," 4.83% 3.692 1 Berjocht:Armeenskal"],"cachereport":"origin":"mw1246","timestamp":"20190312211040","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":113,"wgHostname":"mw1265"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Serbia Índice Etimología Historia Geografía Entorno natural División administrativa Política Demografía Economía Cultura Deportes Véase también Notas Referencias Bibliografía Enlaces externos Menú de navegación44°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.46666666666744°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.466666666667U.S. Department of Commerce (2015)«Informe sobre Desarrollo Humano 2018»Kosovo-Metohija.Neutralna Srbija u NATO okruzenju.The SerbsTheories on the Origin of the Serbs.Serbia.Earls: Webster's Quotations, Facts and Phrases.Egeo y Balcanes.Kalemegdan.Southern Pannonia during the age of the Great Migrations.Culture in Serbia.History.The Serbian Origin of the Montenegrins.Nemanjics' period (1186-1353).Stefan Uros (1355-1371).Serbian medieval history.Habsburg–Ottoman Wars (1525–1718).The Ottoman Empire, 1700-1922.The First Serbian Uprising.Miloš, prince of Serbia.3. Bosnia-Hercegovina and the Congress of Berlin.The Balkan Wars and the Partition of Macedonia.The Falcon and the Eagle: Montenegro and Austria-Hungary, 1908-1914.Typhus fever on the eastern front in World War I.Anniversary of WWI battle marked in Serbia.La derrota austriaca en los Balcanes. Fin del Imperio Austro-Húngaro.Imperio austriaco y Reino de Hungría.Los tiempos modernos: del capitalismo a la globalización, siglos XVII al XXI.The period of Croatia within ex-Yugoslavia.Yugoslavia: Much in a Name.Las dictaduras europeas.Croacia: mito y realidad."Crods ask arms".Prólogo a la invasión.La campaña de los Balcanes.La resistencia en Yugoslavia.Jasenovac Research Institute.Día en memoria de las víctimas del genocidio en la Segunda Guerra Mundial.El infierno estuvo en Jasenovac.Croacia empieza a «desenterrar» a sus muertos de Jasenovac.World fascism: a historical encyclopedia, Volumen 1.Tito. Josip Broz.El nuevo orden y la resistencia.La conquista del poder.Algunos aspectos de la economía yugoslava a mediados de 1962.Albania-Kosovo crisis.De Kosovo a Kosova: una visión demográfica.La crisis de la economía yugoslava y la política de "estabilización".Milosevic: el poder de un absolutista."Serbia under Milošević: politics in the 1990s"Milosevic cavó en Kosovo la tumba de la antigua Yugoslavia.La ONU exculpa a Serbia de genocidio en la guerra de Bosnia.Slobodan Milosevic, el burócrata que supo usar el odio.Es la fuerza contra el sufrimiento de muchos inocentes.Matanza de civiles al bombardear la OTAN un puente mientras pasaba un tren.Las consecuencias negativas de los bombardeos de Yugoslavia se sentirán aún durante largo tiempo.Kostunica advierte que la misión de Europa en Kosovo es ilegal.Las 24 horas más largas en la vida de Slobodan Milosevic.Serbia declara la guerra a la mafia por matar a Djindjic.Tadic presentará "quizás en diciembre" la solicitud de entrada en la UE.Montenegro declara su independencia de Serbia.Serbia se declara estado soberano tras separación de Montenegro.«Accordance with International Law of the Unilateral Declaration of Independence by the Provisional Institutions of Self-Government of Kosovo (Request for Advisory Opinion)»Mladic pasa por el médico antes de la audiencia para extraditarloDatos de Serbia y Kosovo.The Carpathian Mountains.Position, Relief, Climate.Transport.Finding birds in Serbia.U Srbiji do 2010. godine 10% teritorije nacionalni parkovi.Geography.Serbia: Climate.Variability of Climate In Serbia In The Second Half of The 20thc Entury.BASIC CLIMATE CHARACTERISTICS FOR THE TERRITORY OF SERBIA.Fauna y flora: Serbia.Serbia and Montenegro.Información general sobre Serbia.Republic of Serbia Environmental Protection Agency (SEPA).Serbia recycling 15% of waste.Reform process of the Serbian energy sector.20-MW Wind Project Being Developed in Serbia.Las Naciones Unidas. Paz para Kosovo.Aniversario sin fiesta.Population by national or ethnic groups by Census 2002.Article 7. Coat of arms, flag and national anthem.Serbia, flag of.Historia.«Serbia and Montenegro in Pictures»Serbia.Serbia aprueba su nueva Constitución con un apoyo de más del 50%.Serbia. Population.«El nacionalista Nikolic gana las elecciones presidenciales en Serbia»El europeísta Borís Tadic gana la segunda vuelta de las presidenciales serbias.Aleksandar Vucic, de ultranacionalista serbio a fervoroso europeístaKostunica condena la declaración del "falso estado" de Kosovo.Comienza el debate sobre la independencia de Kosovo en el TIJ.La Corte Internacional de Justicia dice que Kosovo no violó el derecho internacional al declarar su independenciaKosovo: Enviado de la ONU advierte tensiones y fragilidad.«Bruselas recomienda negociar la adhesión de Serbia tras el acuerdo sobre Kosovo»Monografía de Serbia.Bez smanjivanja Vojske Srbije.Military statistics Serbia and Montenegro.Šutanovac: Vojni budžet za 2009. godinu 70 milijardi dinara.Serbia-Montenegro shortens obligatory military service to six months.No hay justicia para las víctimas de los bombardeos de la OTAN.Zapatero reitera la negativa de España a reconocer la independencia de Kosovo.Anniversary of the signing of the Stabilisation and Association Agreement.Detenido en Serbia Radovan Karadzic, el criminal de guerra más buscado de Europa."Serbia presentará su candidatura de acceso a la UE antes de fin de año".Serbia solicita la adhesión a la UE.Detenido el exgeneral serbobosnio Ratko Mladic, principal acusado del genocidio en los Balcanes«Lista de todos los Estados Miembros de las Naciones Unidas que son parte o signatarios en los diversos instrumentos de derechos humanos de las Naciones Unidas»versión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre la Eliminación de todas las Formas de Discriminación contra la MujerConvención contra la tortura y otros tratos o penas crueles, inhumanos o degradantesversión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre los Derechos de las Personas con DiscapacidadEl ACNUR recibe con beneplácito el envío de tropas de la OTAN a Kosovo y se prepara ante una posible llegada de refugiados a Serbia.Kosovo.- El jefe de la Minuk denuncia que los serbios boicotearon las legislativas por 'presiones'.Bosnia and Herzegovina. Population.Datos básicos de Montenegro, historia y evolución política.Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa global de fecundidad (por 1000 habitantes).Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa bruta de mortalidad (por 1000 habitantes).Population.Falleció el patriarca de la Iglesia Ortodoxa serbia.Atacan en Kosovo autobuses con peregrinos tras la investidura del patriarca serbio IrinejSerbian in Hungary.Tasas de cambio."Kosovo es de todos sus ciudadanos".Report for Serbia.Country groups by income.GROSS DOMESTIC PRODUCT (GDP) OF THE REPUBLIC OF SERBIA 1997–2007.Economic Trends in the Republic of Serbia 2006.National Accounts Statitics.Саопштења за јавност.GDP per inhabitant varied by one to six across the EU27 Member States.Un pacto de estabilidad para Serbia.Unemployment rate rises in Serbia.Serbia, Belarus agree free trade to woo investors.Serbia, Turkey call investors to Serbia.Success Stories.U.S. Private Investment in Serbia and Montenegro.Positive trend.Banks in Serbia.La Cámara de Comercio acompaña a empresas madrileñas a Serbia y Croacia.Serbia Industries.Energy and mining.Agriculture.Late crops, fruit and grapes output, 2008.Rebranding Serbia: A Hobby Shortly to Become a Full-Time Job.Final data on livestock statistics, 2008.Serbian cell-phone users.U Srbiji sve više računara.Телекомуникације.U Srbiji 27 odsto gradjana koristi Internet.Serbia and Montenegro.Тренд гледаности програма РТС-а у 2008. и 2009.години.Serbian railways.General Terms.El mercado del transporte aéreo en Serbia.Statistics.Vehículos de motor registrados.Planes ambiciosos para el transporte fluvial.Turismo.Turistički promet u Republici Srbiji u periodu januar-novembar 2007. godine.Your Guide to Culture.Novi Sad - city of culture.Nis - european crossroads.Serbia. Properties inscribed on the World Heritage List .Stari Ras and Sopoćani.Studenica Monastery.Medieval Monuments in Kosovo.Gamzigrad-Romuliana, Palace of Galerius.Skiing and snowboarding in Kopaonik.Tara.New7Wonders of Nature Finalists.Pilgrimage of Saint Sava.Exit Festival: Best european festival.Banje u Srbiji.«The Encyclopedia of world history»Culture.Centenario del arte serbio.«Djordje Andrejevic Kun: el único pintor de los brigadistas yugoslavos de la guerra civil española»About the museum.The collections.Miroslav Gospel – Manuscript from 1180.Historicity in the Serbo-Croatian Heroic Epic.Culture and Sport.Conversación con el rector del Seminario San Sava.'Reina Margot' funde drama, historia y gesto con música de Goran Bregovic.Serbia gana Eurovisión y España decepciona de nuevo con un vigésimo puesto.Home.Story.Emir Kusturica.Tercer oro para Paskaljevic.Nikola Tesla Year.Home.Tesla, un genio tomado por loco.Aniversario de la muerte de Nikola Tesla.El Museo Nikola Tesla en Belgrado.El inventor del mundo actual.República de Serbia.University of Belgrade official statistics.University of Novi Sad.University of Kragujevac.University of Nis.Comida. Cocina serbia.Cooking.Montenegro se convertirá en el miembro 204 del movimiento olímpico.España, campeona de Europa de baloncesto.El Partizan de Belgrado se corona campeón por octava vez consecutiva.Serbia se clasifica para el Mundial de 2010 de Sudáfrica.Serbia Name Squad For Northern Ireland And South Korea Tests.Fútbol.- El Partizán de Belgrado se proclama campeón de la Liga serbia.Clasificacion final Mundial de balonmano Croacia 2009.Serbia vence a España y se consagra campeón mundial de waterpolo.Novak Djokovic no convence pero gana en Australia.Gana Ana Ivanovic el Roland Garros.Serena Williams gana el US Open por tercera vez.Biography.Bradt Travel Guide SerbiaThe Encyclopedia of World War IGobierno de SerbiaPortal del Gobierno de SerbiaPresidencia de SerbiaAsamblea Nacional SerbiaMinisterio de Asuntos exteriores de SerbiaBanco Nacional de SerbiaAgencia Serbia para la Promoción de la Inversión y la ExportaciónOficina de Estadísticas de SerbiaCIA. Factbook 2008Organización nacional de turismo de SerbiaDiscover SerbiaConoce SerbiaNoticias de SerbiaSerbiaWorldCat1512028760000 0000 9526 67094054598-2n8519591900570825ge1309191004530741010url17413117006669D055771Serbia