Skip to main content

1916 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1916

191620e iuw


desennium1910-er jierren












1916




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



























Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e
Jierren:

1911

1912

1913

1914

1915

1916

1917

1918

1919

1920

1921






























Calendar-nl.pngKalinders

Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
1916
MCMXVI

Ab urbe condita
2669

Armeenske kalinder
1365

ԹՎ ՌՅԿԵ



Etiopyske kalinder
1908 – 1909

Hebriuwske kalinder
5676 – 5677

Hindoekalinders

- Vikram Samvat
1971 – 1972
- Shaka Samvat
1838 – 1839
- Kali Yuga
5017 – 5018

Iraanske kalinder
1294 – 1295

Islamityske kalinder
1334 – 1334

Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.

Sineeske kalinder
4612 – 4613

壬卯 – 癸辰



Oergongskalinder foar 1916:

  • Bulgarije  Crystal 128 date.png

1916 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1916.)


Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.




Ynhâld





  • 1 Foarfallen


  • 2 Berne


  • 3 Ferstoarn


  • 4 Boarnen, noaten en referinsjes




Foarfallen |



  • 5 jannewaris - Eastenryksk-Hongaarske troepen dogge in ynfal yn it Keninkryk Montenegro.


  • 9 jannewaris - De lêste troepen fan it Britske Ryk wurde evakuëarre fan it skiereilân Gallipoli. Dêrmei einiget de Slach om Gallipoli yn in klinkende oerwinning foar it Osmaanske Ryk.


  • 11 jannewaris - Frânske troepen besette it Grykske eilân Korfû, dat nedich is as bestimming foar de evakuaasje fan 'e restanten fan 'e legers fan Servje en Montenegro út Albaanje wei.


  • 14 jannewaris - Yn Nederlân brekt by de troch in swiere stoarm feroarsake Wettersneed fan 1916 de Suderseedyk by Marken troch, mei as gefolch dat it Wetterlân derûnder strûpt. Der falle 19 deaden, in grut part fan 'e feesteapel komt om en de materiële skea is ûnbidige grut. Dizze ramp jout de oanset foar de oanlis fan 'e Suderseewurken.


  • 17 jannewaris - De rebellen fan 'e Meksikaanske foaroanman Pancho Villa sjitte 16 Amerikaanske lânmjitters dea.


  • 22 jannewaris - De stêd Shkodër, yn noardlik Albaanje, wurdt beset troch Eastenryksk-Hongaarske troepen.


  • 25 jannewaris - Montenegro kapitulearret foar de Eastenryksk-Hongaarske troepen dy't it lân binnenfallen binne.


  • 18 febrewaris - Britske, Frânske, Súdafrikaanske en Belgyske troepen foltôgje de ferovering fan Dútsk-Kameroen.


  • 21 febrewaris-18 desimber - Yn 'e slepende Slach by Verdun besykje Dútske troepen troch it Frânske ferset by de stêd Verdun te brekken. Dat mislearret en de rin fan 'e linys bliuwt fierhinne gelyk, hoewol't mear as 300.000 soldaten komme te sneuveljen.


  • 3 maart - Britske, Belgyske, Súdafrikaanske en Portegeeske troepen falle Dútsk-East-Afrika binnen.


  • 9 maart - Dútslân ferklearret de oarloch oan Portegal, nei't dat lân beslach lein hat op 71 Dútske en Eastenryksk-Hongaarske keapfardijskippen dy't nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch beskûl socht hawwe yn Portegeeske havens.


  • 14 maart - As reäksje op 'e oanfal fan 'e Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa op it grinsplak Columbus (Nij-Meksiko) begjint it Amerikaanske Leger in grutskalige militêre yntervinsje yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch, dy't de Pancho Villa-ekspedysje neamd wurdt.


  • 8 april - Yn Noarwegen wurdt it frouljuskiesrjocht ynfierd.


  • 24-29 april - Yn Ierlân brekt de Peaske-opstân út tsjin 'e Britske oerhearsking. De rebûlje wurdt troch it Britske Leger yn bloed smoard. Fan 'e Ierske lieders wurde Patrick Pearse, James Connolly, Tom Clarke, Seán MacDermott, Joseph Plunkett, Éamonn Ceannt en Thomas MacDonagh troch de Britten eksekutearre. Inkeld Éamon de Valera en grevinne Constance Markievicz ûntkomme oan it fjoerpeloton, hy fanwegen syn Amerikaanske nasjonaliteit en sy fanwegen har sekse.


  • 29 april - Ein fan it Belis fan Al-Kût: it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje, ûnder befel fan generaal Charles Townsend, jout him oer oan 'e Osmanen.


  • 30 april - de simmertiid wurdt foar it earst ynfierd, yn Dútslân.


  • 5 maaie - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk: begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan 'e Dominikaanske Republyk (dy't oant 1924 duorje sil).


  • 8 maaie - De earste Australyske en Nijseelânske troepen dy't oan it Westfront fjochtsje sille, lânje yn Frankryk.


  • 22 maaie - Yn it Feriene Keninkryk wurdt de algemiene tsjinstplicht ynfierd.


  • 31 maaie - Yn 'e Slach by Jutlân, op 'e Noardsee foar de Deenske kust, bringt de Dútske marine de Britten in gefoelige nederlaach ta, al feroaret dit neat oan 'e Britske hegemony op see.


  • 6 juny - De Alliëarden stelle in blokkade fan Grikelân yn, om it regear fan dat lân te twingen syn pro-Dútske politike koerts te wizigjen.


  • 10 juny - It Osmaanske garnizoen fan Mekka jout him oer oan 'e Arabyske opstannelingen fan Hûssein bin Ali, de grutsjaryf fan Mekka. Dyselde ropt de ûnôfhinklikheid út fan it Keninkryk fan de Hidjas, besteande út 'e Hidjas, in gebietsdiel fan it Osmaanske Ryk.


  • 1-12 july - Yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey fine in stikmannich oanfallen fan in haai plak, wêrby't 4 deaden en 1 ferwûne falle.


  • 1 july-18 novimber - Yn 'e slepende Slach oan de Somme, de grutste fjildslach oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch, besykje troepen út it Feriene Keninkryk, Austraalje, Bermuda, Britsk-Ynje, Kanada, Nijfûnlân, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Súd-Rodeezje en Frankryk troch de Dútske linys te brekken. Dat mislearret en de slach einiget yn in bloedige ympasse dêr't mear as 1,1 miljoen soldaten by sneuvelje.


  • 25 july - Oan it Kaukasusfront feroverje Russyske troepen de Osmaanske stêd Erzincan.


  • 4 augustus - Under it Ferdrach fan Deensk-West-Ynje ferkeapet Denemark de Deenske Famme-eilannen foar $25 miljoen yn goud oan 'e Feriene Steaten. De eilannegroep wurdt dêrtroch omfoarme ta de Amerikaanske Famme-eilannen. Reden foar de oankeap fan it gebiet is de Amerikaanske soarch oer de fêstiging fan Dútske militêre bases op 'e eilannen nei in mooglike Dútske ynfal yn Denemark.


  • 12 augustus - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg en de Eastenryksk-Hongaarske kânselier Karl von Stürgkh presintearje harren plannen oangeande de takomst fan Poalen. Dat moat in (yn namme) ûnôfhinklik grutfoarstedom wurde.


  • 17 augustus - Roemeenje slút yn it djipste geheim in militêr bûnsgenoatskip mei de Alliëarden.


  • 27 augustus - Roemeenje ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije. Roemeenske troepen dogge in ynfal fan Transsylvaanje, in ûnderdiel fan it Keninkryk Hongarije.


  • 28 augustus - Dútslân ferklearret de oarloch oan Roemeenje.


  • 28 augustus - Itaalje ferklearret de oarloch oan Dútslân.


  • 1 septimber - Bulgarije ferklearret de oarloch oan Roemeenje.


  • 2 septimber - De Dobroedsja, de Roemeenske kuststripe oan 'e Swarte See, wurdt beset troch Dútske, Bulgaarske en Osmaanske troepen.


  • 12 septimber-11 desimber - Oan it Balkanfront besykje de Alliëarden mei it Monastiroffinsyf om Bulgarije ta oerjefte te twingen en tagelyk de druk op Roemeenje te ferlichtsjen. Beide doelen mislearje, hoewol't der al wat terreinwinst op 'e Bulgaren boekt wurdt oan it Masedoanyske Front.


  • 14-19 septimber - Yn 'e bloedige Slach om Tabora nimme Belgyske troepen ûnder generaal Charles Tombeur Tabora, de haadstêd fan Dútsk-East-Afrika yn.


  • 15 septimber - Oan it Westfront sette de Britten, ûnder de Slach oan de Somme, by Flers Courcelet foar it earst tanks yn as oarlochswapen.


  • 17 septimber - Op it terrein fan 'e Amsterdamske Iisklub organisearret de sosjalistyske partij SDAP in massale demonstraasje foar algemien kiesrjocht, dêr't 40.000 minsken oan meidogge.


  • 9 oktober - Op Kreta rjochtet de Grykske âld-premier Eleftherios Venizelos, dy't mei stilswijende stipe fan 'e Alliëarden iepentlik yn opstân kommen is tsjin 'e pro-Dútske Grykske kening Konstantyn I, in eigen tsjinregear op.


  • 16 oktober - Yn Djedda, op it Arabysk Skiereilân, besiket de Britske ofsier T.E. Lawrence ('Lawrence of Arabia') prins Faisal, de soan fan Hûssein bin Ali, de grutsjaryf fan Mekka, dy't tsjin 'e Osmaanske oerhearsking yn opstân kommen is. Nei syn weromkear yn Egypte sil de rie fan Lawrence derfoar soargje dat it Britske oerbefel de Arabyske Opstân stypje sil.


  • 19 oktober - Frankryk en it Feriene Keninkryk beslute om it Grykske tsjinregear fan Eleftherios Venizelos te erkennen as it iennichste legitime regear fan Grikelân.


  • 21 oktober - By in oanslach yn Wenen wurdt de Eastenrykske kânselier Karl von Stürgkh fermoarde troch de sosjalistyske kranteman Friedrich Adler.


  • 23 oktober - Dútske, Bulgaarske en Osmaanske troepen nimme de Roemeenske stêd Constanţa yn.


  • 5 novimber - Keizer Willem II fan Dútslân en Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije proklamearje it (sabeare) ûnôfhinklike Keninkryk Poalen.


  • 21 novimber - Yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen ferstjert yn 'e âlderdom fan 86 jier keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije, nei't er 68 jier regearre hat. Hy wurdt opfolge troch syn omkesizzer Karel I.


  • 26 novimber - It revolúsjonêre Grykske regear fan premier Eleftherios Venizelos ferklearret de oarloch oan Dútslân.


  • 6 desimber - Fal fan Boekarest: Dútske troepen ûnder lieding fan generaal August von Mackensen nimme de Roemeenske haadstêd Boekarest yn.


  • 23-27 desimber - Oan it Eastfront lijt it Roemeenske leger in nije nederlaach yn 'e Slach by Râmnicu Sărat. De Roemeenske ferdigening stoart dêrnei yn, sadat de Sintralen it hiele lân ûnder de foet rinne kinne.


  • 29 desimber - Yn 'e Russyske haadstêd Petrograd wurdt de yn paleisfermiddens tige ynfloedrike, mar ek tige kontroversjele mystikus Grigorij Raspûtin fermoarde.


  • sûnder datum - De Olympyske Spullen yn Berlyn wurde ôfsein fanwegen de oarloch.


Berne |



  • 2 maart - Anne Vondeling, Frysk politikus († 1979)


  • 24 maart - Jo Smit, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1991)


  • 16 maaie - Johannes Allen, Deensk skriuwer († 1973)


  • 21 maaie - Tinus Osendarp, Nederlânsk atleet († 2002)


  • 30 maaie - Gilles Quispel, Nederlânsk teolooch († 2006)


  • 31 maaie - Bert Haanstra, Nederlânsk filmregisseur († 1997)


  • 7 juny - Ids de Beer, Frysk fersetsstrider († 1945)


  • 10 july - Thijs Terpstra, Frysk ûndernimmer, útjouwer en politikus († 2006)


  • 24 augustus - Reimer van Tuinen, Frysk skriuwer († 2006)


  • 4 septimber - Feyo Schelto Sixma van Heemstra (Homme Eerntsma), Frysk skriuwer en keunsthistoarikus († 1994)


  • 13 septimber - Roald Dahl, Welsk skriuwer († 1990)


  • 26 oktober - François Mitterand, presidint fan Frankryk († 1996)


  • 27 oktober - Theo Griep, Sealterfrysk skriuwer († 2007)


  • 24 novimber - Watze Tjebbe Beetstra, Frysk apteker en skied- en nammekundige († 2007)


  • 6 desimber - Hilda Neihardt, Amerikaansk abbekate en publisiste († 2004)


Ferstoarn |



  • 6 febrewaris - Rubén Darío, Nikaragûaansk dichter, skriuwer en sjoernalist (* 1867)


  • 21 febrewaris - Wilco Rengers, Frysk jurist en politikus (* 1835)


  • 11 maart - Johan Winkler, Frysk dokter, sjoernalist en taalkundige (* 1840)


  • 17 maaie - Gat-yn-'e-Dei (Hole-in-the-Day), opperhaad fan 'e Odjibwe (* 1837)


  • 7 april - Jan Bogtstra, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1824)


  • 21 novimber - keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk (* 1830)


  • 29 desimber - Grigori Raspûtin, Russysk mystikus (* 1869)



























Jierren:

1911

1912

1913

1914

1915

1916

1917

1918

1919

1920

1921

Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=1916&oldid=939575"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.128","walltime":"0.164","ppvisitednodes":"value":1794,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18752,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 54.154 1 -total"," 38.35% 20.767 1 Berjocht:Kalinders"," 34.05% 18.441 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 17.79% 9.633 2 Berjocht:IuwPart"," 16.67% 9.026 2 Berjocht:JierPart"," 9.52% 5.154 1 Berjocht:Boarnen"," 8.99% 4.866 1 Berjocht:JiersideUnder"," 8.37% 4.531 1 Berjocht:Kalinderjier"," 5.44% 2.946 1 Berjocht:Commonscat"," 5.33% 2.887 1 Berjocht:Romeinsk"],"cachereport":"origin":"mw1262","timestamp":"20190307092409","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"1916","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/1916","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q2087","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q2087","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2004-01-11T09:52:03Z","dateModified":"2018-11-12T22:41:34Z","headline":"jier"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":133,"wgHostname":"mw1269"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Serbia Índice Etimología Historia Geografía Entorno natural División administrativa Política Demografía Economía Cultura Deportes Véase también Notas Referencias Bibliografía Enlaces externos Menú de navegación44°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.46666666666744°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.466666666667U.S. Department of Commerce (2015)«Informe sobre Desarrollo Humano 2018»Kosovo-Metohija.Neutralna Srbija u NATO okruzenju.The SerbsTheories on the Origin of the Serbs.Serbia.Earls: Webster's Quotations, Facts and Phrases.Egeo y Balcanes.Kalemegdan.Southern Pannonia during the age of the Great Migrations.Culture in Serbia.History.The Serbian Origin of the Montenegrins.Nemanjics' period (1186-1353).Stefan Uros (1355-1371).Serbian medieval history.Habsburg–Ottoman Wars (1525–1718).The Ottoman Empire, 1700-1922.The First Serbian Uprising.Miloš, prince of Serbia.3. Bosnia-Hercegovina and the Congress of Berlin.The Balkan Wars and the Partition of Macedonia.The Falcon and the Eagle: Montenegro and Austria-Hungary, 1908-1914.Typhus fever on the eastern front in World War I.Anniversary of WWI battle marked in Serbia.La derrota austriaca en los Balcanes. Fin del Imperio Austro-Húngaro.Imperio austriaco y Reino de Hungría.Los tiempos modernos: del capitalismo a la globalización, siglos XVII al XXI.The period of Croatia within ex-Yugoslavia.Yugoslavia: Much in a Name.Las dictaduras europeas.Croacia: mito y realidad."Crods ask arms".Prólogo a la invasión.La campaña de los Balcanes.La resistencia en Yugoslavia.Jasenovac Research Institute.Día en memoria de las víctimas del genocidio en la Segunda Guerra Mundial.El infierno estuvo en Jasenovac.Croacia empieza a «desenterrar» a sus muertos de Jasenovac.World fascism: a historical encyclopedia, Volumen 1.Tito. Josip Broz.El nuevo orden y la resistencia.La conquista del poder.Algunos aspectos de la economía yugoslava a mediados de 1962.Albania-Kosovo crisis.De Kosovo a Kosova: una visión demográfica.La crisis de la economía yugoslava y la política de "estabilización".Milosevic: el poder de un absolutista."Serbia under Milošević: politics in the 1990s"Milosevic cavó en Kosovo la tumba de la antigua Yugoslavia.La ONU exculpa a Serbia de genocidio en la guerra de Bosnia.Slobodan Milosevic, el burócrata que supo usar el odio.Es la fuerza contra el sufrimiento de muchos inocentes.Matanza de civiles al bombardear la OTAN un puente mientras pasaba un tren.Las consecuencias negativas de los bombardeos de Yugoslavia se sentirán aún durante largo tiempo.Kostunica advierte que la misión de Europa en Kosovo es ilegal.Las 24 horas más largas en la vida de Slobodan Milosevic.Serbia declara la guerra a la mafia por matar a Djindjic.Tadic presentará "quizás en diciembre" la solicitud de entrada en la UE.Montenegro declara su independencia de Serbia.Serbia se declara estado soberano tras separación de Montenegro.«Accordance with International Law of the Unilateral Declaration of Independence by the Provisional Institutions of Self-Government of Kosovo (Request for Advisory Opinion)»Mladic pasa por el médico antes de la audiencia para extraditarloDatos de Serbia y Kosovo.The Carpathian Mountains.Position, Relief, Climate.Transport.Finding birds in Serbia.U Srbiji do 2010. godine 10% teritorije nacionalni parkovi.Geography.Serbia: Climate.Variability of Climate In Serbia In The Second Half of The 20thc Entury.BASIC CLIMATE CHARACTERISTICS FOR THE TERRITORY OF SERBIA.Fauna y flora: Serbia.Serbia and Montenegro.Información general sobre Serbia.Republic of Serbia Environmental Protection Agency (SEPA).Serbia recycling 15% of waste.Reform process of the Serbian energy sector.20-MW Wind Project Being Developed in Serbia.Las Naciones Unidas. Paz para Kosovo.Aniversario sin fiesta.Population by national or ethnic groups by Census 2002.Article 7. Coat of arms, flag and national anthem.Serbia, flag of.Historia.«Serbia and Montenegro in Pictures»Serbia.Serbia aprueba su nueva Constitución con un apoyo de más del 50%.Serbia. Population.«El nacionalista Nikolic gana las elecciones presidenciales en Serbia»El europeísta Borís Tadic gana la segunda vuelta de las presidenciales serbias.Aleksandar Vucic, de ultranacionalista serbio a fervoroso europeístaKostunica condena la declaración del "falso estado" de Kosovo.Comienza el debate sobre la independencia de Kosovo en el TIJ.La Corte Internacional de Justicia dice que Kosovo no violó el derecho internacional al declarar su independenciaKosovo: Enviado de la ONU advierte tensiones y fragilidad.«Bruselas recomienda negociar la adhesión de Serbia tras el acuerdo sobre Kosovo»Monografía de Serbia.Bez smanjivanja Vojske Srbije.Military statistics Serbia and Montenegro.Šutanovac: Vojni budžet za 2009. godinu 70 milijardi dinara.Serbia-Montenegro shortens obligatory military service to six months.No hay justicia para las víctimas de los bombardeos de la OTAN.Zapatero reitera la negativa de España a reconocer la independencia de Kosovo.Anniversary of the signing of the Stabilisation and Association Agreement.Detenido en Serbia Radovan Karadzic, el criminal de guerra más buscado de Europa."Serbia presentará su candidatura de acceso a la UE antes de fin de año".Serbia solicita la adhesión a la UE.Detenido el exgeneral serbobosnio Ratko Mladic, principal acusado del genocidio en los Balcanes«Lista de todos los Estados Miembros de las Naciones Unidas que son parte o signatarios en los diversos instrumentos de derechos humanos de las Naciones Unidas»versión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre la Eliminación de todas las Formas de Discriminación contra la MujerConvención contra la tortura y otros tratos o penas crueles, inhumanos o degradantesversión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre los Derechos de las Personas con DiscapacidadEl ACNUR recibe con beneplácito el envío de tropas de la OTAN a Kosovo y se prepara ante una posible llegada de refugiados a Serbia.Kosovo.- El jefe de la Minuk denuncia que los serbios boicotearon las legislativas por 'presiones'.Bosnia and Herzegovina. Population.Datos básicos de Montenegro, historia y evolución política.Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa global de fecundidad (por 1000 habitantes).Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa bruta de mortalidad (por 1000 habitantes).Population.Falleció el patriarca de la Iglesia Ortodoxa serbia.Atacan en Kosovo autobuses con peregrinos tras la investidura del patriarca serbio IrinejSerbian in Hungary.Tasas de cambio."Kosovo es de todos sus ciudadanos".Report for Serbia.Country groups by income.GROSS DOMESTIC PRODUCT (GDP) OF THE REPUBLIC OF SERBIA 1997–2007.Economic Trends in the Republic of Serbia 2006.National Accounts Statitics.Саопштења за јавност.GDP per inhabitant varied by one to six across the EU27 Member States.Un pacto de estabilidad para Serbia.Unemployment rate rises in Serbia.Serbia, Belarus agree free trade to woo investors.Serbia, Turkey call investors to Serbia.Success Stories.U.S. Private Investment in Serbia and Montenegro.Positive trend.Banks in Serbia.La Cámara de Comercio acompaña a empresas madrileñas a Serbia y Croacia.Serbia Industries.Energy and mining.Agriculture.Late crops, fruit and grapes output, 2008.Rebranding Serbia: A Hobby Shortly to Become a Full-Time Job.Final data on livestock statistics, 2008.Serbian cell-phone users.U Srbiji sve više računara.Телекомуникације.U Srbiji 27 odsto gradjana koristi Internet.Serbia and Montenegro.Тренд гледаности програма РТС-а у 2008. и 2009.години.Serbian railways.General Terms.El mercado del transporte aéreo en Serbia.Statistics.Vehículos de motor registrados.Planes ambiciosos para el transporte fluvial.Turismo.Turistički promet u Republici Srbiji u periodu januar-novembar 2007. godine.Your Guide to Culture.Novi Sad - city of culture.Nis - european crossroads.Serbia. Properties inscribed on the World Heritage List .Stari Ras and Sopoćani.Studenica Monastery.Medieval Monuments in Kosovo.Gamzigrad-Romuliana, Palace of Galerius.Skiing and snowboarding in Kopaonik.Tara.New7Wonders of Nature Finalists.Pilgrimage of Saint Sava.Exit Festival: Best european festival.Banje u Srbiji.«The Encyclopedia of world history»Culture.Centenario del arte serbio.«Djordje Andrejevic Kun: el único pintor de los brigadistas yugoslavos de la guerra civil española»About the museum.The collections.Miroslav Gospel – Manuscript from 1180.Historicity in the Serbo-Croatian Heroic Epic.Culture and Sport.Conversación con el rector del Seminario San Sava.'Reina Margot' funde drama, historia y gesto con música de Goran Bregovic.Serbia gana Eurovisión y España decepciona de nuevo con un vigésimo puesto.Home.Story.Emir Kusturica.Tercer oro para Paskaljevic.Nikola Tesla Year.Home.Tesla, un genio tomado por loco.Aniversario de la muerte de Nikola Tesla.El Museo Nikola Tesla en Belgrado.El inventor del mundo actual.República de Serbia.University of Belgrade official statistics.University of Novi Sad.University of Kragujevac.University of Nis.Comida. Cocina serbia.Cooking.Montenegro se convertirá en el miembro 204 del movimiento olímpico.España, campeona de Europa de baloncesto.El Partizan de Belgrado se corona campeón por octava vez consecutiva.Serbia se clasifica para el Mundial de 2010 de Sudáfrica.Serbia Name Squad For Northern Ireland And South Korea Tests.Fútbol.- El Partizán de Belgrado se proclama campeón de la Liga serbia.Clasificacion final Mundial de balonmano Croacia 2009.Serbia vence a España y se consagra campeón mundial de waterpolo.Novak Djokovic no convence pero gana en Australia.Gana Ana Ivanovic el Roland Garros.Serena Williams gana el US Open por tercera vez.Biography.Bradt Travel Guide SerbiaThe Encyclopedia of World War IGobierno de SerbiaPortal del Gobierno de SerbiaPresidencia de SerbiaAsamblea Nacional SerbiaMinisterio de Asuntos exteriores de SerbiaBanco Nacional de SerbiaAgencia Serbia para la Promoción de la Inversión y la ExportaciónOficina de Estadísticas de SerbiaCIA. Factbook 2008Organización nacional de turismo de SerbiaDiscover SerbiaConoce SerbiaNoticias de SerbiaSerbiaWorldCat1512028760000 0000 9526 67094054598-2n8519591900570825ge1309191004530741010url17413117006669D055771Serbia