Skip to main content

Memmetaal Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu

Taal


taalminskememtaalwittenskiplikeymmigrantenFeriene SteatenKanadaAustraaljeIngelskneokorteksharsensFryskeFrysktaligeNederlânsktaligeFryslânminderheidstaalgebietentwataligensIngelskFrânskSpaansktwadde taaloannommen bern21 febrewarisYnternasjonale Dei fan de Memmetaal












Memmetaal




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search


In memmetaal is de taal dy't in minske as bern it earst leart (yn 'e regel fan 'e mem; dêrfandinne de oantsjutting "memmetaal"). It wurdt ek wol jins earste taal neamd, en yn taalwittenskiplike publikaasjes wurdt it faak oantsjut as T1. It begryp "earste taal" is lykwols justjes breder as it begryp "memmetaal", en kin ek slaan op 'e taal dêr't men de foarkar oan jout yn in meartalige sitewaasje. Sa brûke de bern fan ymmigranten yn lannen as de Feriene Steaten, Kanada en Austraalje faak it Ingelsk as har earste taal, wylst it har memmetaal net is.


Oer it algemien hawwe minsken mar ien memmetaal. Dat hat dermei te krijen dat de neokorteks (in diel fan 'e harsens) fan in bern noch foarme wurdt, en bern sadwaande in grut fermogen hawwe ta it oanlearen fan taal, dat mei de jierren minder wurdt. It is mooglik om twa memmetalen te hawwen as jins heit en mem út ferskillende linguïstyske groepen komme en elk har eigen taal tsjin 'e bern prate. Yn 'e Fryske kontekst sil soks it faakst foarkomme mei in Frysktalige mem en in Nederlânsktalige heit of oarsom. Yn 'e regel past yn sa'n sitewaasje lykwols ien fan 'e âlden him oan 'e taal fan 'e oare oan, en wurdt der yn 'e hûs (of alteast tsjin 'e bern) mar ien taal sprutsen. Dat is dan yn 'e measte gefallen de dominante taal, yn boppeneamd foarbyld dus it Nederlânsk. It hawwen fan twa memmetalen is sadwaande in frij seldsum ferskynsel; it hawwen fan mear as twa memmetalen, wat yn teory mooglik is, komt frijwol nea foar.


Men hat it yn Fryslân en oare minderheidstaalgebieten wol faak oer twataligens, mar dêrmei bedoelt men net it hawwen fan twa memmetalen, mar ynstee it libjen yn in twatalige maatskippij, sa't dy yn Fryslân bestiet. Dat bern mei in minderheidstaal as memmetaal al jong de yn har lân dominante taal (bgl. Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, ensfh.) leare, wol net sizze dat dat dêrmei in memmetaal foar har wurdt. Krektoarsom, ek sa'n ier oanlearde taal sil altyd in twadde taal bliuwe, of it moat wêze dat it bgl. giet om oannommen bern, dy't jong yn in hiel oar taalfermidden telâne komme en nea har eigentlike memmetaal wer hearre.


21 febrewaris is de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 119.



Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Memmetaal&oldid=765196"










Navigaasjemenu

























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.016","walltime":"0.023","ppvisitednodes":"value":14,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":553,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":188,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 5.691 1 Berjocht:Boarnen","100.00% 5.691 1 -total"," 47.65% 2.712 1 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1327","timestamp":"20190410094120","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":208,"wgHostname":"mw1273"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Barbados Ynhâld Skiednis | Geografy | Demografy | Navigaasjemenu

Σερβία Πίνακας περιεχομένων Γεωγραφία | Ιστορία | Πολιτική | Δημογραφία | Οικονομία | Τουρισμός | Εκπαίδευση και επιστήμη | Πολιτισμός | Δείτε επίσης | Παραπομπές | Εξωτερικοί σύνδεσμοι | Μενού πλοήγησης43°49′00″N 21°08′00″E / 43.8167°N 21.1333°E / 43.8167; 21.133344°49′14″N 20°27′44″E / 44.8206°N 20.4622°E / 44.8206; 20.4622 (Βελιγράδι)Επίσημη εκτίμηση«Σερβία»«Human Development Report 2018»Παγκόσμιος Οργανισμός Υγείας, Προσδόκιμο ζωής και υγιές προσδόκιμο ζωής, Δεδομένα ανά χώρα2003 statistics2004 statistics2005 statistics2006 statistics2007 statistics2008 statistics2009-2013 statistics2014 statisticsStatistical Yearbook of the Republic of Serbia – Tourism, 20152016 statisticsStatistical Yearbook of the Republic of Serbia – Tourism, 2015Πληροφορίες σχετικά με τη Σερβία και τον πολιτισμό τηςΣερβική ΠροεδρίαΕθνικός Οργανισμός Τουρισμού της ΣερβίαςΣερβική ΕθνοσυνέλευσηΣερβίαεε