Skip to main content

Islamityske kalinder Moannen | Dagen fan de wike | Feestdagen | Navigaasjemenu

IslamKalinder


jiertellingMohammedMekkaMedina15 july16 july622kristlike jiertellingIslamSaûdi-AraabjelatinisaasjeRamadanSûkerfeestofferfeestsoera It Berouramadanpolyteismeislam












Islamityske kalinder




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search


De islamitiske jiertelling is de jiertelling dy't útein set mei it jier dêr't de hidjra yn plakfynt of de emigraasje fan de profeet Mohammed fan Mekka nei Medina en komt oerien mei 15 july of 16 july 622 fan de kristlike jiertelling. It wurdt binnen de Islam brûkt om bepaalde feestdagen en dagen dêr't op fêste wurdt te beskieden. De kalinder wurdt ek brûkt yn Saûdi-Araabje en lannen om dat lân hinne. De jierren wurde dêrneffens oantsjut mei AH (Anno Hegirae), wat in latinisaasje is fan hidjra.


It islamityske jier hat 12 moannen dy't útgean fan de omrin fan it himellichem de moanne. Dêrom hat de Islamityske kalinder 11 dagen minder as in kalinder dy't basearre is op in sinnejier. Dat betsjut dat de islamityske jiertelling stadiger ferrint as de kristlike. Dat is te fernimmen oan de Ramadan, it Sûkerfeest en it offerfeest dat alle jierren in oardel wike betider begjint.


Yn soera It Berou 37 wurdt it ferbod jûn op it taheakjen of fuortlitte fan skrikkeldagen:


Wiswier, it ferstellen sil it net leauwen stypje. Dyjinge, dy't net leauwe wurde sa op 'e doele brocht. It iene jier sille hja it tastean en it oare jier ferbiede hja it(...)


Moannen |


Fan alle moannen fan de islamityske kalinder is ramadan meast hillich. Dy moanne wie al in hillige moanne yn de tiid fan polyteisme foar de islam. Yn dy moanne sille alle moslims fêstje wilens de dei. Oan de ein fan dy moanne is der sûkerfeest.


De islamityske moannen ha de neikommende nammen:


  1. Muharram ul Haram (ôfkoarte Muharram) محرّم

  2. Safar صفر

  3. Rabi'-ul-Awwal (Rabi' I) ربيع الأول

  4. Rabi'-ul-Akhir (of Rabi' al-THaany) (Rabi' II) ربيع الآخر أو ربيع الثاني

  5. Jumaada-ul-Awwal (Jumaada I) جمادى الأول

  6. Jumaada-ul-Akhir (of Jumaada al-THaany) (Jumaada II) جمادى الآخر أو جمادى الثاني

  7. Rajab رجب

  8. Sha'aban شعبان


  9. Ramadan رمضان

  10. Shawwal شوّال

  11. Dhul Qadah ذو القعدة (of Thw al-Qi'dah)

  12. Dhul Hijja ذو الحجة (of Thw al-Hijjah)


Dagen fan de wike |


Dy binne lykas de joadske en kristlike oardere, se begjinne mei in snein en einigje mei sneon. De freed, de dei fan 'e wike om gear te kommen, is dus net de foarste en net de lêste dei fan de wike. De freed is lykas de Joadske sabbat en kristlike snein in rêstdei, yn guon lannen binne de bedriuwen fan tongersdeimiddei ôf sletten.


  1. yaum al-ahad يوم الأحد (foarste dei)

  2. yaum al-ithnayna يوم الإثنين (twadde dei)

  3. yaum ath-thalatha' يوم الثُّلَاثاء (tredde dei)

  4. yaum al-arba'a' يوم الأَرْبعاء (fjirde dei)

  5. yaum al-khamis يوم خَمِيس (fiifde dei)

  6. yaum al-jum'a يوم الجُمْعَة ("gearkomstedei")

  7. yaum as-sabt يوم السَّبْت ("sabbatdei")


Feestdagen |


  1. 1 moharram: Nijjier

  2. 10 moharram: Asjoera

  3. 12 rabi' I: Mawlid an-Nabi

  4. nacht van 26 op 27 radjab: Laylat al-Miraadj

  5. nacht van 14 op 15 sja'baan: Laylat al-Baraat

  6. 1 ramadan - 29 of 30 ramadan: Ramadan

  7. nacht van 26 op 27 ramadan: Laylat al-Qadr

  8. 1 shawwal: Eid al-Fitr (Sûkerfeest)

  9. 10 dzoe'l hidja: Eid al-Adha (Offerfeest)

Allinnich Eid al-Fitr en Eid al-Adha wurde oer it ginneraal as islamitiske feesten beskôge; de oaren wurde beskieden fan kultuer of beskate opfettings fan it leauwen









Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Islamityske_kalinder&oldid=741723"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.012","walltime":"0.019","ppvisitednodes":"value":30,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":0,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":0,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 0.000 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1253","timestamp":"20190403100802","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":133,"wgHostname":"mw1271"););

Popular posts from this blog

Triangular numbers and gcdProving sum of a set is $0 pmod n$ if $n$ is odd, or $fracn2 pmod n$ if $n$ is even?Is greatest common divisor of two numbers really their smallest linear combination?GCD, LCM RelationshipProve a set of nonnegative integers with greatest common divisor 1 and closed under addition has all but finite many nonnegative integers.all pairs of a and b in an equation containing gcdTriangular Numbers Modulo $k$ - Hit All Values?Understanding the Existence and Uniqueness of the GCDGCD and LCM with logical symbolsThe greatest common divisor of two positive integers less than 100 is equal to 3. Their least common multiple is twelve times one of the integers.Suppose that for all integers $x$, $x|a$ and $x|b$ if and only if $x|c$. Then $c = gcd(a,b)$Which is the gcd of 2 numbers which are multiplied and the result is 600000?

Ingelân Ynhâld Etymology | Geografy | Skiednis | Polityk en bestjoer | Ekonomy | Demografy | Kultuer | Klimaat | Sjoch ek | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenuwww.gov.ukOffisjele webside fan it regear fan it Feriene KeninkrykOffisjele webside fan it Britske FerkearsburoNederlânsktalige ynformaasje fan it Britske FerkearsburoOffisjele webside fan English Heritage, de organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Ingelske kultuergoedYnwennertallen fan alle Britske stêden út 'e folkstelling fan 2011Notes en References, op dizze sideEngland

Հադիս Բովանդակություն Անվանում և նշանակություն | Դասակարգում | Աղբյուրներ | Նավարկման ցանկ