Skip to main content

2015 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Films | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu2015

201521e iuw


desennium2010-er jierren












2015




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



























Iuwen:

16e

17e

18e

19e

20e

21e iuw

22e

23e

24e

25e

26e
Jierren:

2010

2011

2012

2013

2014

2015

2016

2017

2018

2019

2020






























Calendar-nl.pngKalinders

Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
2015
MMXV

Ab urbe condita
2768

Armeenske kalinder
1464

ԹՎ ՌՆԿԴ



Etiopyske kalinder
2007 – 2008

Hebriuwske kalinder
5775 – 5776

Hindoekalinders

- Vikram Samvat
2070 – 2071
- Shaka Samvat
1937 – 1938
- Kali Yuga
5116 – 5117

Iraanske kalinder
1393 – 1394

Islamityske kalinder
1437 – 1437

Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.

Sineeske kalinder
4711 – 4712

辛午 – 壬未


2015 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2015.)


Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.




Ynhâld





  • 1 Foarfallen


  • 2 Berne


  • 3 Ferstoarn

    • 3.1 bisten



  • 4 Literatuer


  • 5 Films


  • 6 Boarnen, noaten en referinsjes




Foarfallen |


2015

jannewaris


  • 1 - Lúksemboarch fiert it homohoulik yn.


  • 1 - Litouwen fiert de euro yn as muntienheid.


  • 1 - De Jeraziatyske Ekonomyske Uny wurdt fan krêft, wêrmei't in ekonomyske uny ûntstiet tusken de Russyske Federaasje, Wyt-Ruslân, Armeenje, Kazachstan en Kirgyzje.


  • 3-7 - By it Bloedbad fan Baga komme yn noardlik Nigearia by in oanfal fan 'e terroristyske beweging Boko Haram op 'e bewenners fan Baga en omlizzende doarpen mear as 2.000 minsken om.


  • 6 - De Amerikaanske steat Floarida fiert it homohoulik yn.


  • 7-9 - By ferskate oanslaggen yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 20 minsken om (ynkl. 3 dieders) en reitsje 22 oaren ferwûne.

    • 7 - By in oanslach op 'e redaksje fan it tydskrift Charlie Hebdo komme yn 'e Frânske haadstêd Parys 12 minsken om en reitsje 11 oaren ferwûne.


    • 9 - By in gizeling yn in Joadske Hypercacher Kosher-supermerk yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 5 minsken om (ynkl. de dieder) en reitsje 9 oaren ferwûne.



  • 12 - By in oanfal op Kolofata troch Kameroeneeske regearingstroepen komme 143 striders fan 'e terroristyske beweging Boko Haram om.


  • 19 - Yn Eritreä wurdt de Eriteesk-Katolike Tsjerke oprjochte, in ôfspjalting fan 'e Etiopysk-Katolike Tsjerke.


  • 22 - De Jemenityske presidint Abd Rabbû Mansoer Hadi treedt ôf nei't syn amtswente ynnommen is troch de Hûty-rebellen.


  • 26 - By parlemintsferkiezings yn Grikelân komt Alexis Tsipras, de lieder fan 'e sosjalistyske partij Syriza, oan 'e macht as premier. Dat bart nei't de kiezers it fertrouwen ferlern hawwe yn 'e tradysjonele partijen fanwegen de Grykske Skuldekrisis.


  • 29 - In geastlik betize man kringt de NOS-studio's binnen en ûnderbrekt it NOS Journaal fan acht oere, dat ferfalt. Hy wurdt al rillegau oermastere troch de plysje.

febrewaris

  • febrewaris - It Ynternasjonaal Konsortium fan Undersykssjoernalisten (ICIJ) út Washington, D.C. makket yn it ramt fan 'e striid tsjin belestingfraude it saneamde Switserske lek bekend. Dêrby giet it om swart jild ter wearde fan mear as €180 miljard dat op Switserske bankrekkens stean soe.


  • 12 - De lieders fan 'e Oekraïne en Ruslân slute ûnder bemiddeling fan Dútslân en Frankryk yn 'e Wytrussyske haadstêd Minsk it saneamde Minsk II-ferdrach. Underdiel dêrfan is in sjitferbod yn 'e oangeande Donbasoarloch yn 'e eastlike Oekraïne en de weromlûking fan it front fan alle swiere wapens. It ferdrach sil lykwols net folle praktyske útwurking hawwe (mei't it sjitferbod op earste dei al 139 kear skeind wurdt), en de striid giet sûnder belúnjen troch.


  • 14 - By oanslaggen op it Kultureel Sintrim Krudtønden en de Grutte Synagoge komme yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen 2 minsken om en reitsje 5 plysjes ferwûne.


  • 16 - As ferjilding foar de ûnthalzing fan mear as tsien Koptyske kristenen út Egypte (dy't as gastarbeiders yn Lybje wurken) troch oanhingers fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Libyske regio Syrenaika, set de Egyptyske loftmacht útein mei it útfieren fan bombardeminten op IS-posysjes yn Lybje.


  • 20 - De Oarloch yn Noard-Maly wurdt beëinige nei't Westerske troepen yn gearwurking mei it Malineeske leger en Tûarek-milysjes de islamistyske terroristen dy't ferbûn binne mei de saneamde Islamityske Steat (IS) ferdreaun hawwe.


  • 24 - By in lawine yn Afganistan komme 310 minsken om en reitsje 129 oaren ferwûne.


  • 27 - Yn Moskou wurdt de Russyske opposysjelieder Boris Nemtsov, in fûleindich kritikaster fan presidint Vladimir Pûtin, by in oanslach op 'e Bolsjoj Moskvoretsky-brêge, yn it sicht fan it Kremlin, fermoarde. It (ûnbewiisbere) fermoeden is dat fermiddens yn 'e neite fan Pûtin efter de moard sitte.

maart

  • 5 - De Amerikaanske ambassadeur yn Súd-Koreä, Mark Lippert, moat mei stekwûnen nei it sikehûs ta brocht wurde nei't er yn in restaurant yn Seoel oanfallen is troch de mei in mês bewapene Kim Ki-jong.


  • 5-8 - Yn Irak wurde de ruïnes fan 'e stêden Nimrod, Hatra en Doer-Sjarrûkin, út 'e Aldheid, fernield troch de saneamde Islamityske Steat (IS).


  • 6 - De romtesonde Dawn, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, berikt as earste troch de minske makke objekt in baan om 'e dwerchplaneet Seares.


  • 9 - By de helikopterbotsing fan Villa Castelli komme yn noardwestlik Argentynje, by opnamen foar it Frânske realitytillefyzjeprogramma Dropped, twa helikopters yn 'e loft mei-inoar yn botsing. Alle tsien ynsittenden fan beide tastellen komme om, ûnder wa bokser Alexis Vastine, sylster Florence Arthaud en swimster Camille Muffat.


  • 12 - De Nigeriaanske terreurbeweging Boko Haram slút him oan by de saneamde Islamityske Steat (IS), en foarmet dêrfan de 'Westafrikaanske Provinsje'.


  • 13 - De sykloan Pam feroarsaket yn Fanûatû 16 deaden en ferdriuwt 166.000 minsken, de helte fan 'e befolking, fan hûs en hiem. It is de swierste sykloan dêr't Fanûatû ea mei te krijen hân hat.


  • 18 - By de oanslach op it Nasjonaal Museum Bardo yn Tuneezje komme 24 minsken om en reitsje 50 oaren ferwûne.


  • 19 - De Twadde Jemenityske Boargeroarloch brekt út, tusken de sjiïtyske Hûty-rebellen yn it noarden en it soennityske regear yn it suden.


  • 20 - By bomoanslaggen op moskeeën yn 'e Jemenityske haadstêd Sanaä komme 142 minsken om en reitsje 351 oaren ferwûne.


  • 24 - Alle 150 ynsittenden fan it ferkearsfleantúch Germanwings-flecht 9525 komme om as ko-piloat Andreas Lubitz de fleanmasine yn 'e Frânske Alpen moedwillich tsjin in berch oanfljocht om selsmoard te dwaan.


  • 25 - In koälysje fan Arabyske lannen ûnder lieding fan Saûdy-Araabje en de Feriene Arabyske Emiraten ynterveniëarret yn 'e Twadde Jemenityske Boargeroarloch yn Jemen, om foar te kommen dat it troch soenniten dominearre regear fan it lân derûnder strûpt yn 'e striid tsjin 'e sjiïtyske Hûty-rebellen.

april

  • april - Utbraak fan in epidemy fan it sika-firus yn Latynsk-Amearika.


  • 2 - By de oanslach op it Garissa University College troch islamistyske terroristen fan 'e Somalyske beweging al-Sjabaab komme yn Kenia 152 minsken om en reitsje 79 oaren ferwûne.


  • 25 - By in swiere ierdbeving fan 7,8 op 'e skaal fan Richter yn Nepal komme 8.857 minsken om yn Nepal, 130 yn Yndia, 27 yn Tibet en 4 yn Bangladesj. Ek reitsje nochris sa'n 22.000 oaren ferwûne.


  • 26 - Yn Boerûndy brekt ûnrêst út as Pierre Nkurunziza risselwearret foar in (yllegale) trêde amtstermyn as presidint. By demonstraasjes dêrtsjin komme plysje en leger hurd fanwegen. Der falle hûnderten deaden en tûzenen minsken wike út nei it bûtenlân.


  • 29 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ferklearret de sykte reahûn yn 'e Amearika's foar útrûge.

maaie

  • begjin-begjin juny - By in ûndraachlike hjitteweach mei temperatueren dy't oprinne oant 49,4 °C, falle yn Yndia mear as 2.500 deaden.


  • 1-31 oktober - Yn 'e Italjaanske stêd Milaan wurdt de wrâldtentoanstelling Expo 2015 holden.


  • 7 - By ferkiezings yn it Feriene Keninkryk wint de Konservative Partij fan premier David Cameron in absolute mearderheid yn it Legerhûs en foarmet no in regear sûnder koälysjepartner de Liberaal-Demokraten, dy't by de ferkiezings in swier ferlies ynkassearre hawwe.


  • 12 - By in ierdbeving fan 7,3 op 'e skaal fan Richter yn Nepal (eins in swiere neiskok fan 'e ierdbeving fan 25 april) komme yn Nepal 153 minsken om, yn Yndia 62, yn Bangladesj 2 en yn Tibet 1.


  • 14 - De Pitcairneilannen fiere it homohoulik yn.


  • 20 - De Folksrepublyk Donjetsk en de Folksrepublyk Lûhansk, de beide opstannige provinsjes yn 'e eastlike Oekraïne, kundigje oan harren konfederaasje Nij-Ruslân op te skoarjen nei't ûnderling ûnienichheid ûntstien is.


  • 21 - Striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) feroverje yn Syrje de ruïnes fan 'e stêd Palmyra, út 'e Aldheid.


  • 23 - By in referindum yn Ierlân stimt in mearderheid fan 'e kiezers foar de ynfiering fan it homohoulik.


  • 23 - Sweden wint yn Wenen it Eurofyzjesongfestival.

juny

  • 1 - It cruiseskip de Dong Fang Zhi Xing kapseist op 'e rivier de Jangtse yn Sina, nei't er rekke is troch in wetterhoas. Dêrby komme 442 minsken om.


  • 2 - FIFA-foarsitter Sepp Blatter kundiget yn ôftreden oan nei't syn posysje ûnhâldber wurden is troch oanhâldende beskuldigings fan korrupsje, dêr't de Amerikaanske plysjetsjinst FBI in offisjeel ûndersyk nei iepene hat.


  • 9 - Gûam fiert it homohoulik yn.


  • 12 - De Meksikaanske steat Chihuahua fiert it homohoulik yn.


  • 18-ein - By in ûndraachlike hjitteweach, mei temperatueren dy't oprinne oant 49 °C, falle yn Pakistan tûzenen deaden. Allinnich yn 'e stêd Karachi komme al 2.000 minsken om.


  • 20 - In Yndonezysk militêr transportfleantúch stoart del yn 'e stêd Medan, op Sumatra. Dêrby komme alle 143 ynsittenden en 22 minsken op 'e grûn om.


  • 26 - De Feriene Steaten fiere (lanlik) it homohoulik yn.


  • 25-26 - By de saneamde Ramadanoanslaggen op Swarte Freed (26 juny) komme yn ferskate lannen 403 minsken om en reitsje mear as 336 oaren ferwûne.

    • 25-26 - By it Bloedbad fan Kobanî litte striders fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) trije autobommen yn 'e Syryske stêd Kobanî ûntploffe, wêrnei't se de stêd binnentsjogge en it fjoer iepenje op 'e boargers. Der komme mear as 220 minsken om.


    • 26 - By de strânoanslach yn Tuneezje iepenet in oahinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn in resort yn Tuneezje it fjoer op Westerske toeristen, wêrby't 38 minsken omkomme.


    • 26 - By in bomoanslach op in sjiïtyske moskee yn Koeweit-Stêd bringt in oanhinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) 27 minsken om en ferwûnet nochris 227 oaren.


    • 26 - Yn 'e Slach by Leego falle striders fan 'e islamistyske terroristyske beweging al-Shabaab in legerbasis yn Somaalje oan fan 'e AMISOM-fredesmacht fan 'e Afrikaanske Uny. Dêrby komme mear as 70 Boerûndeeske militêren om.


    • 26 - By in bomoanslach troch in selsmoardterrorist fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Syryske stêd Al-Hasaka komme 20 minsken om.


    • 26 - By in oanslach troch in oanhinger fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) wurdt yn Saint-Quentin-Fallavier, by Lyon, yn Frankryk, 1 man ûnthalze, wylst 2 oaren ferwûne reitsje.



  • 29 - Op 'e kust fan it Frânske eilân Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan, wurde de earste brokstikken fan it mear as in jier lyn ferdwûne ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370 weromfûn.


  • 30 - De Noardlike Marianen fiere it homohoulik yn.


  • 30 - Kuba is it earste lân fan 'e wrâld dêr't de oerdracht fan mem op bern fan HIV en syfilis útrûge wurdt.

july

  • 1 - Grikelân mist yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis as earste ûntwikkele lân ea in werombetellingstermyn oan it Ynternasjonaal Monetêr Fûns (IMF).


  • 2 - De fearboat MB Kim Nirvana-B kapseist yn 'e Filipinen, wêrby't 62 minsken omkomme.


  • 4 - De Omgong fan Frankryk giet fan start yn Utert.


  • 5-13 - Yn it ramt fan 'e Grykske Skuldekrisis sprekt de befolking fan Grikelân him nei mear as in healjier fan demonstraasjes yn in referindum út tsjin 'e troch it bûtenlân opleine besunigingsmaatregels. By nije ûnderhannelings lizze de bûtenlânske machten, yn ruil foar in ekonomysk helppakket dêr't Grikelân net sûnder kin, by wize fan straf foar it referindum noch wredere besunigingsmaatregels op.


  • 9 - De Amerikaanske Famme-eilannen fiere it homohoulik yn.


  • 13 - Porto Riko fiert it homohoulik yn.


  • 14 - De romtesonde New Horizons, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, passearret as earste romtesonde op koarte ôfstân de planeet Pluto.


  • 14 - Iraan, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, de Jeropeeske Uny, Ruslân en Sina slute it saneamde Joint Comprehensive Plan of Action (better bekend as de 'Iraan-deal'), wêrby't Iraan taseit syn nukleêre programma stil te lizzen yn ruil foar it opheffen fan 'e Westerske sanksjes tsjin it lân.


  • 20 - Yn it ramt fan 'e saneamde Kubaanske Tei knoopje Kuba en de Feriene Steaten foar it earst yn hast in heale iuw wer diplomatike betrekkings oan.


  • 20 - By in bomoanslach troch de saneamde Islamityske Steat (IS) yn 'e Turkske stêd Suruç komme 33 minsken om en reitsje 104 oaren ferwûne. De slachtoffers binne foar it meastepart studinten.


  • 24 - Yn reäksje op 'e bomoanslach yn Suruç set Turkije útein mei in rige bombardeminten op posysjes fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS) yn Syrje en fan 'e Koerdyske ôfskiedingsbeweging PKK yn súdeastlik Turkije en Irak.

augustus

  • 5 - De brokstikken dy't op 'e kust fan it Frânske eilân Reünion, yn 'e Yndyske Oseaan, oanspield binne, blike wis ôfkomstich te wêzen fan it ferkearsfleantúch Malaysia Airlines-flecht 370, dat yn maart 2014 spoarleas ferdwûn.


  • 12 - By twa grutte ûntploffings yn 'e Sineeske havenstêd Tianjin komme teminsten 173 minsken om en reitsje teminsten 700 oaren ferwûne.


  • 17 - By in bomoanslach yn 'e Taiske haadstêd Bangkok komme 20 minsken om en reitsje 125 oaren ferwûne.


  • 21 - By in mislearre oanslach op 'e Thalys, de hegesnelheidstrein fan Amsterdam nei Parys, reitsje yn Frankryk 4 minsken ferwûne, ynkl. de dieder.


  • 26 - Yn it Amerikaanske plak Moneta (Firginia) wurde ferslachjouster Alison Parker en har kameraman Adam Ward deasketten wylst se live op 'e tillefyzje binne.

septimber

  • 10 - Wittenskippers meitsje de ûntdekking yn Súd-Afrika bekend fan 'e Homo naledi, in oant no ta ûnbekende soarte homonide.


  • 11 - Yn Mekka, yn Saûdy-Araabje, komme 111 minsken om as in boukraan omfalt.


  • 16 - By in ierdbeving fan 8,3 op 'e skaal fan Richter komme yn Sily 14 minsken om.


  • 18 - By it saneamde Sjoemelsoftwareskandaal komt oan it ljocht dat it Dútske automerk Folkswein troch temûk tafoegjen fan ekstra software al jierren de emissytests bedonderet. Der wurdt rûsd dat wrâldwiid likernôch 11 miljoen auto's mei dizze sjoemelsoftware tarist binne.


  • 24 - By in ramp op 'e lêste dei fan 'e hadj nei Mekka brekt ûnder it ritueel fan it Stiennigjen fan de Duvel yn Mina panyk út ûnder de grutte mannichte pylgers, mei as gefolch dat in soad lju ûnder de foet rûn wurde. Dêrby komme teminsten 2.236 minsken om, wylst mear as 900 oaren ferwûne reitsje.


  • 28 - De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA makket bekend dat der floeiber wetter fûn is op 'e planeet Mars.


  • 30 - Ruslân ynteveniëarret oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad yn 'e Syryske Boargeroarloch en set útein mei bombardeminten fan 'e troch it Westen stipe sekuliere rebellen en ek fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS).

oktober

  • 3 - By in bombardemint yn Afganistan dat (yn it ramt fan 'e Oarloch yn Afganistan) troch de Amerikaanske Loftmacht by fersin útfierd wurdt op in sikehûs fan 'e helporganisaasje Dokters sûnder Grinzen komme likernôch 20 minsken om.


  • 10 - By bomoanslaggen yn 'e Turkske haadstêd Ankara komme 109 minsken om en reitsje mear as 400 oaren ferwûne.


  • 17-19 - De tyfoan Koppu (yn 'e Filipinen bekend as Lando) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 48 deaden en rjochtet foar $236 miljoen oan skea oan.


  • 26 - By in ierdbeving fan 7,5 op 'e skaal fan Richter komme yn it Hindoekûsj-berchtme 279 minsken om yn Pakistan, 115 yn Afganistan en 4 yn Yndia.


  • 30 - By in brân yn in nachtklub yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest komme 63 minsken om. Neitiid liede massale demonstraasjes ta it ôftreden fan premier Victor Ponta.


  • 31 - It Russyske ferkearsfleantúch Kogalymavia-flecht 9268, ûnderweis fan Sjarm al-Sjeich nei Sint-Petersburch, wurdt troch islamistyske terroristen delsketten yn 'e Sinaï-woastyn. Dêrby komme alle 224 ynsittenden om.

novimber

  • 8 - By de earste min ofte mear frije ferkiezings yn Birma sûnt 1990 behellet de opposysje ûnder lieding fan Aung San Suu Kyi in grutte oerwinning.


  • 12 - By bomoanslaggen yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût komme 43 minsken om en reitsje 240 oaren ferwûne.


  • 13-14 - By in rige koördinearre oanslaggen yn 'e Frânske haadstêd Parys komme 137 minsken om (ynkl. 7 dieders) en reitsje 413 oaren ferwûne.


  • 16 - Ierlân fiert it homohoulik yn.


  • 20 - By in bomoanslach op in hotel yn 'e Malineeske haadstêd Bamako komme 20 minsken om en reitsje 9 oaren ferwûne.


  • 24 - It Turkske leger sjit in Russyske strieljager del dy't fanút Syrje it Turkske loftrom ynkrongen is. De beide piloaten komme dêrby om. Dit liedt ta in krisis yn 'e relaasje tusken de beide lannen.


  • 30 - Yn 'e Frânske haadstêd Parys giet de Konferinsje oangeande Klimaatferoaring fan de Feriene Naasjes fan start, yn oanwêzichheid fan 'e lieders fan 147 lannen.

desimber

  • 2 - By in oanslach yn 'e Amerikaanske stêd San Bernardino (Kalifornje) komme 16 minsken om (ynkl. de beide dieders) en reitsje nochris 24 oaren ferwûne.


  • 12 - Alle 195 leden fan 'e Feriene Naasjes nimme it histoaryske Klimaatakkoart fan Parys oan om klimaatferoaring tsjin te gean.


  • 13 - De tyfoan Melor (yn 'e Filipinen bekend as Nona) feroarsaket yn 'e Filipinen 42 deaen en rjochtet foar $136 miljoen oan skea oan.


  • 16 - Opskuor yn Geldermalsen fanwegen de mooglike komst fan in asylsikerssintrum. De plysje wurdt yn it nau brocht en de gemeenteriedsgearkomste moat ôfbrutsen wurde.


  • 23 - De Meksikaanske steat Nayarit fiert it homohoulik yn.


Berne |



Ferstoarn |



  • 5 jannewaris - Cees Greuter, Frysk sjonger (* 1950)


  • 13 jannewaris - Dirk van der Veen, Frysk skriuwer (* 1965)


  • 15 febrewaris - Burgess Roye, Amerikaanske keunstner (* 1944)


  • 26 febrewaris - Maria van Harinxma thoe Slooten, Frysk ealfrouwe (* 1927)


  • 27 febrewaris - Boris Nemtsov, Russsysk politikus en opposysjelieder (* 1959)


  • 2 maart - Rense Westra, Frysk akteur (* 1946)


  • 9 maart - Camille Muffat, Frânsk swimster (* 1989)


  • 19 maart - Marilyn Durham, Amerikaansk skriuwster (* 1930)


  • 23 maart - Lieuwe Pietersen, Frysk skriuwer, learaar en sosjolooch (* 1928)


  • 4 april - Jan Hofstra, Frysk predikant en ûndernimmer (* 1945)


  • 6 april - James Best, Amerikaansk akteur (* 1926)


  • 6 april - B.B. King, Amerikaansk muzikant (* 1925)


  • 9 maaie - Jan Murk de Vries, Frysk keunstskilder en glêzenier (* 1919)


  • 4 juny - Albert West, Nederlânsk sjonger (* 1949)


  • 7 juny - Christopher Lee, Ingelsk akteur (* 1922)


  • 20 juny - John Eskes, Frysk muzikant, dirigent en komponist (* 1951)


  • 10 july - Omar Sharif, Egyptysk akteur (* 1932)


  • 23 july - Jan Postma, Frysk âld-plysjeman en skriuwer (* 1932)


  • 26 july - Flora MacDonald, Kanadeesk politika (* 1926)


  • 27 july - Reitze Ketellapper, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1944)


  • 13 septimber - Stef de Haas, Frysk dosint en politikus (* 1933)


  • 7 oktober - Hossein Hamadani, Iraansk generaal (* 1951)


  • 27 oktober - Douwe Kooistra, Frysk skiedkundige en publisist (* 1944)


  • 3 novimber - Tiny Terpstra-Sluyter, Frysk keunstskilderesse (* 1945)


  • 19 novimber - Armand, Nederlânsk protestsjonger (* 1946)


  • 4 desimber - Robert Loggia, Amerikaansk akteur (* 1930)


bisten |


  • mids july - Wabe, filmhynder (* 1991)


  • 16 oktober - Delta Paramount, ferneamde fokbolle (* 2001)


Literatuer |


romans

  • Tanya Huff, An Ancient Peace


  • Patricia Briggs, Dead Heat


  • N.K. Jemisin, The Fifth Season


  • Jo Walton, The Just City

  • Jo Walton, The Philosopher Kings


  • Jean Johnson, The Terrans


  • Julie E. Czerneda, This Gulf of Time and Stars

  • Jean Johnson, The V'Dan


  • C.J. Cherryh, Tracker


  • Anne Bishop, Vision in Silver

novelles

  • Lois McMaster Bujold, Penric's Demon


Films |


  • The Intern

  • Michiel de Ruyter



























Jierren:

2010

2011

2012

2013

2014

2015

2016

2017

2018

2019

2020

Iuwen:

16e

17e

18e

19e

20e

21e iuw

22e

23e

24e

25e

26e


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=2015&oldid=942755"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.184","walltime":"0.222","ppvisitednodes":"value":2218,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":18289,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 63.976 1 -total"," 47.86% 30.620 1 Berjocht:Kalinders"," 26.01% 16.643 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 15.06% 9.633 2 Berjocht:IuwPart"," 12.27% 7.851 2 Berjocht:JierPart"," 8.97% 5.740 1 Berjocht:Boarnen"," 8.63% 5.519 1 Berjocht:JiersideUnder"," 7.68% 4.911 1 Berjocht:Kalinderjier"," 7.00% 4.476 1 Berjocht:Romeinsk"," 6.69% 4.283 1 Berjocht:Armeenskal"],"cachereport":"origin":"mw1268","timestamp":"20190314124016","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":126,"wgHostname":"mw1269"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Serbia Índice Etimología Historia Geografía Entorno natural División administrativa Política Demografía Economía Cultura Deportes Véase también Notas Referencias Bibliografía Enlaces externos Menú de navegación44°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.46666666666744°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.466666666667U.S. Department of Commerce (2015)«Informe sobre Desarrollo Humano 2018»Kosovo-Metohija.Neutralna Srbija u NATO okruzenju.The SerbsTheories on the Origin of the Serbs.Serbia.Earls: Webster's Quotations, Facts and Phrases.Egeo y Balcanes.Kalemegdan.Southern Pannonia during the age of the Great Migrations.Culture in Serbia.History.The Serbian Origin of the Montenegrins.Nemanjics' period (1186-1353).Stefan Uros (1355-1371).Serbian medieval history.Habsburg–Ottoman Wars (1525–1718).The Ottoman Empire, 1700-1922.The First Serbian Uprising.Miloš, prince of Serbia.3. Bosnia-Hercegovina and the Congress of Berlin.The Balkan Wars and the Partition of Macedonia.The Falcon and the Eagle: Montenegro and Austria-Hungary, 1908-1914.Typhus fever on the eastern front in World War I.Anniversary of WWI battle marked in Serbia.La derrota austriaca en los Balcanes. Fin del Imperio Austro-Húngaro.Imperio austriaco y Reino de Hungría.Los tiempos modernos: del capitalismo a la globalización, siglos XVII al XXI.The period of Croatia within ex-Yugoslavia.Yugoslavia: Much in a Name.Las dictaduras europeas.Croacia: mito y realidad."Crods ask arms".Prólogo a la invasión.La campaña de los Balcanes.La resistencia en Yugoslavia.Jasenovac Research Institute.Día en memoria de las víctimas del genocidio en la Segunda Guerra Mundial.El infierno estuvo en Jasenovac.Croacia empieza a «desenterrar» a sus muertos de Jasenovac.World fascism: a historical encyclopedia, Volumen 1.Tito. Josip Broz.El nuevo orden y la resistencia.La conquista del poder.Algunos aspectos de la economía yugoslava a mediados de 1962.Albania-Kosovo crisis.De Kosovo a Kosova: una visión demográfica.La crisis de la economía yugoslava y la política de "estabilización".Milosevic: el poder de un absolutista."Serbia under Milošević: politics in the 1990s"Milosevic cavó en Kosovo la tumba de la antigua Yugoslavia.La ONU exculpa a Serbia de genocidio en la guerra de Bosnia.Slobodan Milosevic, el burócrata que supo usar el odio.Es la fuerza contra el sufrimiento de muchos inocentes.Matanza de civiles al bombardear la OTAN un puente mientras pasaba un tren.Las consecuencias negativas de los bombardeos de Yugoslavia se sentirán aún durante largo tiempo.Kostunica advierte que la misión de Europa en Kosovo es ilegal.Las 24 horas más largas en la vida de Slobodan Milosevic.Serbia declara la guerra a la mafia por matar a Djindjic.Tadic presentará "quizás en diciembre" la solicitud de entrada en la UE.Montenegro declara su independencia de Serbia.Serbia se declara estado soberano tras separación de Montenegro.«Accordance with International Law of the Unilateral Declaration of Independence by the Provisional Institutions of Self-Government of Kosovo (Request for Advisory Opinion)»Mladic pasa por el médico antes de la audiencia para extraditarloDatos de Serbia y Kosovo.The Carpathian Mountains.Position, Relief, Climate.Transport.Finding birds in Serbia.U Srbiji do 2010. godine 10% teritorije nacionalni parkovi.Geography.Serbia: Climate.Variability of Climate In Serbia In The Second Half of The 20thc Entury.BASIC CLIMATE CHARACTERISTICS FOR THE TERRITORY OF SERBIA.Fauna y flora: Serbia.Serbia and Montenegro.Información general sobre Serbia.Republic of Serbia Environmental Protection Agency (SEPA).Serbia recycling 15% of waste.Reform process of the Serbian energy sector.20-MW Wind Project Being Developed in Serbia.Las Naciones Unidas. Paz para Kosovo.Aniversario sin fiesta.Population by national or ethnic groups by Census 2002.Article 7. Coat of arms, flag and national anthem.Serbia, flag of.Historia.«Serbia and Montenegro in Pictures»Serbia.Serbia aprueba su nueva Constitución con un apoyo de más del 50%.Serbia. Population.«El nacionalista Nikolic gana las elecciones presidenciales en Serbia»El europeísta Borís Tadic gana la segunda vuelta de las presidenciales serbias.Aleksandar Vucic, de ultranacionalista serbio a fervoroso europeístaKostunica condena la declaración del "falso estado" de Kosovo.Comienza el debate sobre la independencia de Kosovo en el TIJ.La Corte Internacional de Justicia dice que Kosovo no violó el derecho internacional al declarar su independenciaKosovo: Enviado de la ONU advierte tensiones y fragilidad.«Bruselas recomienda negociar la adhesión de Serbia tras el acuerdo sobre Kosovo»Monografía de Serbia.Bez smanjivanja Vojske Srbije.Military statistics Serbia and Montenegro.Šutanovac: Vojni budžet za 2009. godinu 70 milijardi dinara.Serbia-Montenegro shortens obligatory military service to six months.No hay justicia para las víctimas de los bombardeos de la OTAN.Zapatero reitera la negativa de España a reconocer la independencia de Kosovo.Anniversary of the signing of the Stabilisation and Association Agreement.Detenido en Serbia Radovan Karadzic, el criminal de guerra más buscado de Europa."Serbia presentará su candidatura de acceso a la UE antes de fin de año".Serbia solicita la adhesión a la UE.Detenido el exgeneral serbobosnio Ratko Mladic, principal acusado del genocidio en los Balcanes«Lista de todos los Estados Miembros de las Naciones Unidas que son parte o signatarios en los diversos instrumentos de derechos humanos de las Naciones Unidas»versión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre la Eliminación de todas las Formas de Discriminación contra la MujerConvención contra la tortura y otros tratos o penas crueles, inhumanos o degradantesversión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre los Derechos de las Personas con DiscapacidadEl ACNUR recibe con beneplácito el envío de tropas de la OTAN a Kosovo y se prepara ante una posible llegada de refugiados a Serbia.Kosovo.- El jefe de la Minuk denuncia que los serbios boicotearon las legislativas por 'presiones'.Bosnia and Herzegovina. Population.Datos básicos de Montenegro, historia y evolución política.Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa global de fecundidad (por 1000 habitantes).Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa bruta de mortalidad (por 1000 habitantes).Population.Falleció el patriarca de la Iglesia Ortodoxa serbia.Atacan en Kosovo autobuses con peregrinos tras la investidura del patriarca serbio IrinejSerbian in Hungary.Tasas de cambio."Kosovo es de todos sus ciudadanos".Report for Serbia.Country groups by income.GROSS DOMESTIC PRODUCT (GDP) OF THE REPUBLIC OF SERBIA 1997–2007.Economic Trends in the Republic of Serbia 2006.National Accounts Statitics.Саопштења за јавност.GDP per inhabitant varied by one to six across the EU27 Member States.Un pacto de estabilidad para Serbia.Unemployment rate rises in Serbia.Serbia, Belarus agree free trade to woo investors.Serbia, Turkey call investors to Serbia.Success Stories.U.S. Private Investment in Serbia and Montenegro.Positive trend.Banks in Serbia.La Cámara de Comercio acompaña a empresas madrileñas a Serbia y Croacia.Serbia Industries.Energy and mining.Agriculture.Late crops, fruit and grapes output, 2008.Rebranding Serbia: A Hobby Shortly to Become a Full-Time Job.Final data on livestock statistics, 2008.Serbian cell-phone users.U Srbiji sve više računara.Телекомуникације.U Srbiji 27 odsto gradjana koristi Internet.Serbia and Montenegro.Тренд гледаности програма РТС-а у 2008. и 2009.години.Serbian railways.General Terms.El mercado del transporte aéreo en Serbia.Statistics.Vehículos de motor registrados.Planes ambiciosos para el transporte fluvial.Turismo.Turistički promet u Republici Srbiji u periodu januar-novembar 2007. godine.Your Guide to Culture.Novi Sad - city of culture.Nis - european crossroads.Serbia. Properties inscribed on the World Heritage List .Stari Ras and Sopoćani.Studenica Monastery.Medieval Monuments in Kosovo.Gamzigrad-Romuliana, Palace of Galerius.Skiing and snowboarding in Kopaonik.Tara.New7Wonders of Nature Finalists.Pilgrimage of Saint Sava.Exit Festival: Best european festival.Banje u Srbiji.«The Encyclopedia of world history»Culture.Centenario del arte serbio.«Djordje Andrejevic Kun: el único pintor de los brigadistas yugoslavos de la guerra civil española»About the museum.The collections.Miroslav Gospel – Manuscript from 1180.Historicity in the Serbo-Croatian Heroic Epic.Culture and Sport.Conversación con el rector del Seminario San Sava.'Reina Margot' funde drama, historia y gesto con música de Goran Bregovic.Serbia gana Eurovisión y España decepciona de nuevo con un vigésimo puesto.Home.Story.Emir Kusturica.Tercer oro para Paskaljevic.Nikola Tesla Year.Home.Tesla, un genio tomado por loco.Aniversario de la muerte de Nikola Tesla.El Museo Nikola Tesla en Belgrado.El inventor del mundo actual.República de Serbia.University of Belgrade official statistics.University of Novi Sad.University of Kragujevac.University of Nis.Comida. Cocina serbia.Cooking.Montenegro se convertirá en el miembro 204 del movimiento olímpico.España, campeona de Europa de baloncesto.El Partizan de Belgrado se corona campeón por octava vez consecutiva.Serbia se clasifica para el Mundial de 2010 de Sudáfrica.Serbia Name Squad For Northern Ireland And South Korea Tests.Fútbol.- El Partizán de Belgrado se proclama campeón de la Liga serbia.Clasificacion final Mundial de balonmano Croacia 2009.Serbia vence a España y se consagra campeón mundial de waterpolo.Novak Djokovic no convence pero gana en Australia.Gana Ana Ivanovic el Roland Garros.Serena Williams gana el US Open por tercera vez.Biography.Bradt Travel Guide SerbiaThe Encyclopedia of World War IGobierno de SerbiaPortal del Gobierno de SerbiaPresidencia de SerbiaAsamblea Nacional SerbiaMinisterio de Asuntos exteriores de SerbiaBanco Nacional de SerbiaAgencia Serbia para la Promoción de la Inversión y la ExportaciónOficina de Estadísticas de SerbiaCIA. Factbook 2008Organización nacional de turismo de SerbiaDiscover SerbiaConoce SerbiaNoticias de SerbiaSerbiaWorldCat1512028760000 0000 9526 67094054598-2n8519591900570825ge1309191004530741010url17413117006669D055771Serbia