Skip to main content

Ferdrach Ynhâld Underwerp en ynhâld | Ferdrachsferplichtings | Ratifikaasje | Feroaring en beëiniging | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuReferences, op dizze side

FerdrachDiplomasyPolitykFredeKonfliktoplossing


meartalkovinsjetraktaatskriftlikediplomatikeoerienkomstwetliklannenfolkerjochtlikeynternasjonale organisaasjereligieuze autoriteitHillige StoelfolkerjochtregelsFerdrach oangeande it Ferdrachrjocht1969WenenFredesferdraggenwapene konfliktenhannelsferdraggengrinsferdraggenbelestingferdraggenloftfeartferdraggenmiljeuferdraggendiplomatike ferkearslavernijtekstdepositarisfoarbehâldenNederlânwetlike foarskriftenkêstNederlânske GrûnwetwetjouwingFeriene Naasjesûnôfhinklike lannenFatikaanstêdHânfêst fan de Feriene Naasjessiktaris-generaal fan de Feriene NaasjesorgaanYnternasjonaal GerjochtshôfratifikaasjeregearpremierministersteatssiktarishantekeningoerheiddemokratyskeparlemintamendemintenoermachtnatoerrampneatichjargonlânkaartenkorrupsjeReferences, op dizze side












Ferdrach




Ut Wikipedy

(Trochwiisd fan Ferdraggen)





Jump to navigation
Jump to search


In ferdrach (meartal: ferdraggen), ek wol in kovinsje of in traktaat neamd, is in skriftlike diplomatike oerienkomst dy't wetlik binend is, tusken twa of mear lannen en/of oare folkerjochtlike ynstellings, lykas in ynternasjonale organisaasje of in selsstannige religieuze autoriteit (bgl. de Hillige Stoel). Ferdraggen binne tige gaadlik om detaillearre ôfspraken tusken lannen yn fêst te lizzen. Hoewol't ferdraggen formeel ek mûnling ôfsletten wurde kinne, bart dat frijwol nea, om't alle partijen in skriftlike ûnderbouwing fan harren posysje binnen it oangeande ferdrach hawwe wolle, sadat se dêr op weromfalle kinne as se miene dat se oan 't krapperein kommen binne.


As in ferdrach mar troch twa partijen sletten wurdt, sprekt men fan in bilateraal ferdrach; binne der mear as twa partijen by belutsen, dan is it in multylateraal ferdrach. Mei't it folkerjocht in stelsel is fan 'horizontale hanthavening' moat it tafersjoch op it neilibjen fan ferdraggen dus fan 'e partijen sels komme. De reden dêrfoar is dat der gjin sintrale ynternasjonale ynstânsje is dêr't alle lannen sok foech oan ôfstean wolle. Algemiene regels foar ferdraggen binne fêstlein yn it Ferdrach oangeande it Ferdrachrjocht dat yn 1969 yn Wenen sletten waard.




Ynhâld





  • 1 Underwerp en ynhâld

    • 1.1 Fêste bepalings



  • 2 Ferdrachsferplichtings


  • 3 Ratifikaasje


  • 4 Feroaring en beëiniging


  • 5 Boarnen, noaten en referinsjes




Underwerp en ynhâld |


Ferdraggen kinne yn prinsipe oer elts ûnderwerp gean. Fredesferdraggen, wêrmei't in ein makke wurdt oan wapene konflikten, komme bygelyks in protte foar. Oare tige gongbere soarten ferdraggen binne hannelsferdraggen, grinsferdraggen, belestingferdraggen, loftfeartferdraggen en miljeuferdraggen. Ferdraggen meie net yngean tsjin 'e jus cogens-regels, de algemien oanfurde regels fan it ynternasjonale diplomatike ferkear. Sa meie lannen bgl. gjin ferdrach slute om slavernij te befoarderjen, om't it ferbod op slavernij ynternasjonaal algemien oanfurde wurdt.



Fêste bepalings |


Njonken de spesifike tekst dy't oer it ûnderwerp fan in ferdrach giet, omfettet in ferdrach ek in stikmannich standertdingen. Dêrby moat men tinke oan in skriftlike fêstlizzing fan:


  • de tiid en datum fan it yngean (fan krêft wurden) fan in ferdrach;

  • hoefolle tiid oft lannen hawwe om ta ratifikaasje fan in ferdrach oer te gean;

  • oanwizings foar it oplossen fan eventuële konflikten oer de ôfspraken of de útlis fan 'e ôfspraken yn it ferdrach (ûntbrekt dit, dan kin it yn it uterste gefal liede ta in gong nei it Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach);

  • oanwizings foar de proseduere om op in lettere datum feroarings yn it ferdrach oan te bringen troch tafoeging fan wizigings en amendeminten;

  • betingsten oangeande de eventuële opsizzing of beëiniging fan it ferdrach en wat dêr de gefolgen fan binne;

  • kontrôle op it neilibjen fan it ferdrach;

  • de konsekwinsjes foar ferdrachpartijen dy't har net oan 'e ôfspraken hâlde.

Foar multylaterale ferdraggen wurdt yn 'e regel ek in behearder oansteld, de saneamde depositaris, dy't byhâldt hokker lannen oft lid binne fan it ferdrach, hokker lannen oft it ferdrach ratifisearre hawwe en dy't ek oanmeldings fan eventuële nije dielnimmers yn goede banen liedt. Soms kinne beskate partijen by multylaterale ferdraggen foarbehâlden foar harsels yn 'e ferdrachstekst opnimme litte, sadat se oan in diel fan 'e bepalings net bûn binne. Oare partijen kinne lykwols beswier meitsje tsjin sokke foarbehâlden, en besykje om se út 'e tekst te hâlden.



Ferdrachsferplichtings |


De ferdrachspartijen binne nei it begjinsel fan pacta sunt servanda ferplichte om sletten ferdraggen te goeder trou nei te kommen. Yn it gefal fan Nederlân is it sels sa dat ferdraggen en besluten fan folkerjochtlike organisaasjes dêr't Nederlân by oansletten is, ornearre wurde fan in hegere oarder te wêzen as oare wetlike foarskriften. Dat is fêstlein yn kêst 94 fan 'e Nederlânske Grûnwet. As in bepaling út 'e Nederlânske wetjouwing net feriene wurde kin mei in bepaling út in sletten ferdrach, dan jildt yn Nederlân dus it ferdrach en net de wet.


Ferdraggen tusken lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes (dat alle ûnôfhinklike lannen útsein Fatikaanstêd binne) moatte iepenbier wêze, sadat lannen gjin geheime bûnsgenoatskippen slute kinne. Dêrta moat elts nij ferdrach ûnder kêst 102 fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes oanmelden wurde by de siktaris-generaal fan de Feriene Naasjes. Neffens it twadde lid fan dat kêst is it sa dat as dy oanmelding net dien is, de ferdrachspartijen har ek net op harren ferdrach beroppe kinne by lykfol hokker orgaan fan 'e Feriene Naasjes (lykas it Ynternasjonaal Gerjochtshôf).



Ratifikaasje |


Foar fierwei it grutste part fan 'e ynternasjonale ferdraggen is it nedich dat de dielnimmende lannen oergeane ta ratifikaasje foar't de ôfsprutsen regels yn sa'n lân fan krêft wurde kinne. De needsaak foar ratifikaasje moat wol yn it ferdrach fermelden wurde, want stiet it der net yn, dan wurdt it ferdrach fan krêft sadree't in fertsjintwurdiger fan it regear fan it oangeande lân (lykas de premier, in minister of in steatssiktaris) syn hantekening derûnder set hat. Ratifikaasje is in proses fan goedkarring troch de oerheid fan in dielnimmend lân; yn demokratyske lannen lykas Nederlân betsjut dat yn 'e regel dat it parlemint mei it ferdrach ynstimme moat.



Feroaring en beëiniging |


It is mooglik om 'e ferdrachstekst noch te feroarjen nei't it ferdrach al yn wurking trêde is, salang't alle ferdrachspartijen dêrmei ynstimme. Dêrta makket men gebrûk fan wizigings (feroarings yn 'e besteande tekst) en/of amendeminten (tafoegings oan 'e besteande tekst). Hoewol't dat twa ferskillende rjochtsfigueren binne, komt de wurking op itselde del.


Fierders kinne ferdraggen ek beëinige of opskoarre (tydlik opheft) wurde. Dêrby wurdt ûnderskie makke tusken de rjochtstermen ex nunc en ex tunc. By ex nunc is in ferdrach beëinige of opskoarre fan it stuit ôf dat oan 'e betingsten fan sa'n beëiniging of opskoarring foldien is. Dy betingsten binne dan al fêstlein yn 'e oarspronklike ferdrachstekst. Redens dêrfoar kinne wêze it sluten fan in nij ferdrach (troch alle ferdrachspartijen) dat yn it plak fan it âlde ferdrach komt, of oermacht, bgl troch in natoerramp dy't it neikommen fan 'e ferdrachsferplichtings ûnmooglik makket.


By ex tunc wurde alle of guon ôfspraken út in ferdrach neitiid neatich ferklearre, wêrnei't se rjochtsmjittich nea bestien hawwe. As mar in diel fan it ferdrach op dy wize neatich ferklearre wurdt, sprekt men fan relative neatichheid; wurdt it hiele ferdrach neatich ferklearre, dat is der sprake fan absolute neatichheid. Redens foar sokke yngrepen kinne wêze: fersinnen by it opstellen fan it ferdrach (yn it diplomatike jargon 'dwalings'), lykas flaters op lânkaarten dy't it ferrin fan grinzen fêststelle; bedragerij fan ien of mear ferdrachspartijen troch in oarenien; korrupsje by it sluten of ratifisearjen fan it ferdrach; twingerij troch it iene lân tapast op it oare; of it skeinen fan 'e jus cogens-regels.




Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ferdrach&oldid=830191"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.028","walltime":"0.033","ppvisitednodes":"value":81,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":433,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":115,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":2,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 2.753 1 Berjocht:Boarnen","100.00% 2.753 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1309","timestamp":"20190411153620","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Ferdrach","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Ferdrach","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q131569","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q131569","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2016-12-20T19:57:27Z","dateModified":"2017-03-18T22:07:42Z"(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":105,"wgHostname":"mw1247"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Serbia Índice Etimología Historia Geografía Entorno natural División administrativa Política Demografía Economía Cultura Deportes Véase también Notas Referencias Bibliografía Enlaces externos Menú de navegación44°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.46666666666744°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.466666666667U.S. Department of Commerce (2015)«Informe sobre Desarrollo Humano 2018»Kosovo-Metohija.Neutralna Srbija u NATO okruzenju.The SerbsTheories on the Origin of the Serbs.Serbia.Earls: Webster's Quotations, Facts and Phrases.Egeo y Balcanes.Kalemegdan.Southern Pannonia during the age of the Great Migrations.Culture in Serbia.History.The Serbian Origin of the Montenegrins.Nemanjics' period (1186-1353).Stefan Uros (1355-1371).Serbian medieval history.Habsburg–Ottoman Wars (1525–1718).The Ottoman Empire, 1700-1922.The First Serbian Uprising.Miloš, prince of Serbia.3. Bosnia-Hercegovina and the Congress of Berlin.The Balkan Wars and the Partition of Macedonia.The Falcon and the Eagle: Montenegro and Austria-Hungary, 1908-1914.Typhus fever on the eastern front in World War I.Anniversary of WWI battle marked in Serbia.La derrota austriaca en los Balcanes. Fin del Imperio Austro-Húngaro.Imperio austriaco y Reino de Hungría.Los tiempos modernos: del capitalismo a la globalización, siglos XVII al XXI.The period of Croatia within ex-Yugoslavia.Yugoslavia: Much in a Name.Las dictaduras europeas.Croacia: mito y realidad."Crods ask arms".Prólogo a la invasión.La campaña de los Balcanes.La resistencia en Yugoslavia.Jasenovac Research Institute.Día en memoria de las víctimas del genocidio en la Segunda Guerra Mundial.El infierno estuvo en Jasenovac.Croacia empieza a «desenterrar» a sus muertos de Jasenovac.World fascism: a historical encyclopedia, Volumen 1.Tito. Josip Broz.El nuevo orden y la resistencia.La conquista del poder.Algunos aspectos de la economía yugoslava a mediados de 1962.Albania-Kosovo crisis.De Kosovo a Kosova: una visión demográfica.La crisis de la economía yugoslava y la política de "estabilización".Milosevic: el poder de un absolutista."Serbia under Milošević: politics in the 1990s"Milosevic cavó en Kosovo la tumba de la antigua Yugoslavia.La ONU exculpa a Serbia de genocidio en la guerra de Bosnia.Slobodan Milosevic, el burócrata que supo usar el odio.Es la fuerza contra el sufrimiento de muchos inocentes.Matanza de civiles al bombardear la OTAN un puente mientras pasaba un tren.Las consecuencias negativas de los bombardeos de Yugoslavia se sentirán aún durante largo tiempo.Kostunica advierte que la misión de Europa en Kosovo es ilegal.Las 24 horas más largas en la vida de Slobodan Milosevic.Serbia declara la guerra a la mafia por matar a Djindjic.Tadic presentará "quizás en diciembre" la solicitud de entrada en la UE.Montenegro declara su independencia de Serbia.Serbia se declara estado soberano tras separación de Montenegro.«Accordance with International Law of the Unilateral Declaration of Independence by the Provisional Institutions of Self-Government of Kosovo (Request for Advisory Opinion)»Mladic pasa por el médico antes de la audiencia para extraditarloDatos de Serbia y Kosovo.The Carpathian Mountains.Position, Relief, Climate.Transport.Finding birds in Serbia.U Srbiji do 2010. godine 10% teritorije nacionalni parkovi.Geography.Serbia: Climate.Variability of Climate In Serbia In The Second Half of The 20thc Entury.BASIC CLIMATE CHARACTERISTICS FOR THE TERRITORY OF SERBIA.Fauna y flora: Serbia.Serbia and Montenegro.Información general sobre Serbia.Republic of Serbia Environmental Protection Agency (SEPA).Serbia recycling 15% of waste.Reform process of the Serbian energy sector.20-MW Wind Project Being Developed in Serbia.Las Naciones Unidas. Paz para Kosovo.Aniversario sin fiesta.Population by national or ethnic groups by Census 2002.Article 7. Coat of arms, flag and national anthem.Serbia, flag of.Historia.«Serbia and Montenegro in Pictures»Serbia.Serbia aprueba su nueva Constitución con un apoyo de más del 50%.Serbia. Population.«El nacionalista Nikolic gana las elecciones presidenciales en Serbia»El europeísta Borís Tadic gana la segunda vuelta de las presidenciales serbias.Aleksandar Vucic, de ultranacionalista serbio a fervoroso europeístaKostunica condena la declaración del "falso estado" de Kosovo.Comienza el debate sobre la independencia de Kosovo en el TIJ.La Corte Internacional de Justicia dice que Kosovo no violó el derecho internacional al declarar su independenciaKosovo: Enviado de la ONU advierte tensiones y fragilidad.«Bruselas recomienda negociar la adhesión de Serbia tras el acuerdo sobre Kosovo»Monografía de Serbia.Bez smanjivanja Vojske Srbije.Military statistics Serbia and Montenegro.Šutanovac: Vojni budžet za 2009. godinu 70 milijardi dinara.Serbia-Montenegro shortens obligatory military service to six months.No hay justicia para las víctimas de los bombardeos de la OTAN.Zapatero reitera la negativa de España a reconocer la independencia de Kosovo.Anniversary of the signing of the Stabilisation and Association Agreement.Detenido en Serbia Radovan Karadzic, el criminal de guerra más buscado de Europa."Serbia presentará su candidatura de acceso a la UE antes de fin de año".Serbia solicita la adhesión a la UE.Detenido el exgeneral serbobosnio Ratko Mladic, principal acusado del genocidio en los Balcanes«Lista de todos los Estados Miembros de las Naciones Unidas que son parte o signatarios en los diversos instrumentos de derechos humanos de las Naciones Unidas»versión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre la Eliminación de todas las Formas de Discriminación contra la MujerConvención contra la tortura y otros tratos o penas crueles, inhumanos o degradantesversión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre los Derechos de las Personas con DiscapacidadEl ACNUR recibe con beneplácito el envío de tropas de la OTAN a Kosovo y se prepara ante una posible llegada de refugiados a Serbia.Kosovo.- El jefe de la Minuk denuncia que los serbios boicotearon las legislativas por 'presiones'.Bosnia and Herzegovina. Population.Datos básicos de Montenegro, historia y evolución política.Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa global de fecundidad (por 1000 habitantes).Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa bruta de mortalidad (por 1000 habitantes).Population.Falleció el patriarca de la Iglesia Ortodoxa serbia.Atacan en Kosovo autobuses con peregrinos tras la investidura del patriarca serbio IrinejSerbian in Hungary.Tasas de cambio."Kosovo es de todos sus ciudadanos".Report for Serbia.Country groups by income.GROSS DOMESTIC PRODUCT (GDP) OF THE REPUBLIC OF SERBIA 1997–2007.Economic Trends in the Republic of Serbia 2006.National Accounts Statitics.Саопштења за јавност.GDP per inhabitant varied by one to six across the EU27 Member States.Un pacto de estabilidad para Serbia.Unemployment rate rises in Serbia.Serbia, Belarus agree free trade to woo investors.Serbia, Turkey call investors to Serbia.Success Stories.U.S. Private Investment in Serbia and Montenegro.Positive trend.Banks in Serbia.La Cámara de Comercio acompaña a empresas madrileñas a Serbia y Croacia.Serbia Industries.Energy and mining.Agriculture.Late crops, fruit and grapes output, 2008.Rebranding Serbia: A Hobby Shortly to Become a Full-Time Job.Final data on livestock statistics, 2008.Serbian cell-phone users.U Srbiji sve više računara.Телекомуникације.U Srbiji 27 odsto gradjana koristi Internet.Serbia and Montenegro.Тренд гледаности програма РТС-а у 2008. и 2009.години.Serbian railways.General Terms.El mercado del transporte aéreo en Serbia.Statistics.Vehículos de motor registrados.Planes ambiciosos para el transporte fluvial.Turismo.Turistički promet u Republici Srbiji u periodu januar-novembar 2007. godine.Your Guide to Culture.Novi Sad - city of culture.Nis - european crossroads.Serbia. Properties inscribed on the World Heritage List .Stari Ras and Sopoćani.Studenica Monastery.Medieval Monuments in Kosovo.Gamzigrad-Romuliana, Palace of Galerius.Skiing and snowboarding in Kopaonik.Tara.New7Wonders of Nature Finalists.Pilgrimage of Saint Sava.Exit Festival: Best european festival.Banje u Srbiji.«The Encyclopedia of world history»Culture.Centenario del arte serbio.«Djordje Andrejevic Kun: el único pintor de los brigadistas yugoslavos de la guerra civil española»About the museum.The collections.Miroslav Gospel – Manuscript from 1180.Historicity in the Serbo-Croatian Heroic Epic.Culture and Sport.Conversación con el rector del Seminario San Sava.'Reina Margot' funde drama, historia y gesto con música de Goran Bregovic.Serbia gana Eurovisión y España decepciona de nuevo con un vigésimo puesto.Home.Story.Emir Kusturica.Tercer oro para Paskaljevic.Nikola Tesla Year.Home.Tesla, un genio tomado por loco.Aniversario de la muerte de Nikola Tesla.El Museo Nikola Tesla en Belgrado.El inventor del mundo actual.República de Serbia.University of Belgrade official statistics.University of Novi Sad.University of Kragujevac.University of Nis.Comida. Cocina serbia.Cooking.Montenegro se convertirá en el miembro 204 del movimiento olímpico.España, campeona de Europa de baloncesto.El Partizan de Belgrado se corona campeón por octava vez consecutiva.Serbia se clasifica para el Mundial de 2010 de Sudáfrica.Serbia Name Squad For Northern Ireland And South Korea Tests.Fútbol.- El Partizán de Belgrado se proclama campeón de la Liga serbia.Clasificacion final Mundial de balonmano Croacia 2009.Serbia vence a España y se consagra campeón mundial de waterpolo.Novak Djokovic no convence pero gana en Australia.Gana Ana Ivanovic el Roland Garros.Serena Williams gana el US Open por tercera vez.Biography.Bradt Travel Guide SerbiaThe Encyclopedia of World War IGobierno de SerbiaPortal del Gobierno de SerbiaPresidencia de SerbiaAsamblea Nacional SerbiaMinisterio de Asuntos exteriores de SerbiaBanco Nacional de SerbiaAgencia Serbia para la Promoción de la Inversión y la ExportaciónOficina de Estadísticas de SerbiaCIA. Factbook 2008Organización nacional de turismo de SerbiaDiscover SerbiaConoce SerbiaNoticias de SerbiaSerbiaWorldCat1512028760000 0000 9526 67094054598-2n8519591900570825ge1309191004530741010url17413117006669D055771Serbia