Skip to main content

1919 Ynhâld Foarfallen | Berne | Ferstoarn | Literatuer | Boarnen, noaten en referinsjes Navigaasjemenu1919

191920e iuw


desennium1910-er jierren












1919




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search



























Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e
Jierren:

1914

1915

1916

1917

1918

1919

1920

1921

1922

1923

1924






























Calendar-nl.pngKalinders

Gregoriaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
1919
MCMXIX

Ab urbe condita
2672

Armeenske kalinder
1368

ԹՎ ՌՅԿԸ



Etiopyske kalinder
1911 – 1912

Hebriuwske kalinder
5679 – 5680

Hindoekalinders

- Vikram Samvat
1974 – 1975
- Shaka Samvat
1841 – 1842
- Kali Yuga
5020 – 5021

Iraanske kalinder
1297 – 1298

Islamityske kalinder
1338 – 1338

Juliaanske kalinder
 Crystal 128 date.png
Gregoriaansk
min 13 dgn.

Sineeske kalinder
4615 – 4616

乙午 – 丙未



Oergongskalinders foar 1919:

  • Joegoslaavje  Crystal 128 date.png


  • Roemeenje (lokale ferskillen)  Crystal 128 date.png

1919 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1919.)


Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.




Ynhâld





  • 1 Foarfallen


  • 2 Berne


  • 3 Ferstoarn


  • 4 Literatuer


  • 5 Boarnen, noaten en referinsjes




Foarfallen |




It Paleis fan Justysje yn Ljouwert yn 'e brân.



  • 1 jannewaris - It Dútske Spartakusbûn ropt himsels út ta de KPD, de Kommunistische Partei Deutschlands.


  • 2 jannewaris - Yn Ierlân brekt in anty-Britske opstân út, dy't letter it begjin fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch blike sil te wêzen.


  • 5-11 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurdt de kommunistyske Spartakusopstân fan it Spartakusbûn (no de KPD) mei ynset fan it leger bloedich ûnderdrukt troch it sosjalistyske regear fan rykskânselier Friedrich Ebert.


  • 11 jannewaris - It Keninkryk Roemeenje anneksearret Transsylvaanje, dat ûnderdiel útmakket fan it Keninkryk Hongarije.


  • 15 jannewaris - Yn 'e Dútske haadstêd Berlyn wurde de KPD-lieders Karl Liebknecht en Rosa Luxemburg nei harren arrestaasje yn ferbân mei de mislearre Spartakusopstân troch it leger stânrjochtlik eksekutearre.


  • 15 jannewaris - Yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires iepenet de plysje it fjoer op in demonstraasje fan arbeiders. It bloedbad dêr't mooglik mear as tûzen minsken by omkomme, makket ûnderdiel út fan 'e saneamde Tragyske Wike (Semana Trágica).


  • 18 jannewaris - Begjin fan 'e Fredeskonferinsje fan Parys, ûnder foarsitterskip fan 'e Frânske premier Georges Clemenceau.


  • 25 jannewaris - De Fredeskonferinsje fan Parys akseptearret it plan fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson foar de oprjochting fan in Folkebûn.


  • 31 jannewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys berikke de delegaasjes fan 'e Alliëarde lannen oerienstimming oer it lot fan 'e koloanjes fan Dútslân (dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele sille).


  • 6 febrewaris - It provysjoneel parlemint fan Dútslân komt byinoar yn 'e Tueringske stêd Weimar, en beslút dêr ta de oprjochting fan 'e nei dat plak ferneamde Weimarrepublyk, dy't yn it plak komt fan it Keizerryk Dútslân.


  • 6 febrewaris - Yn Fryslân ûntstiet in grutte brân yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert.


  • 11 febrewaris - It regear fan Belgje tsjinnet op 'e Fredeskonferinsje fan Parys in noata yn wêryn't de anneksaasje troch Belgje easke wurdt fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch.


  • 11 febrewaris - De sosjalist Friedrich Ebert wurdt de earste presidint fan Dútslân.


  • 21 febrewaris - De noch mar krekt keazen sosjalistyske premier fan 'e Dútske dielsteat Beieren, Kurt Eisner, wurdt by in oanslach fermoarde troch de ekstreem-rjochtse ealman Anton greve von Arco auf Valley. As pleatsferfangend premier Erich Auer de moard yn 'e Beierske Lândei bekend makket, wurdt hysels fan 'e publike tribune ôf delsketten troch de slachter Alois Linder, wêrby't er swierferwûne rekket.


  • 25 febrewaris - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys wurdt it Hânfêst fan it Folkebûn oannommen.


  • 25 febrewaris-11 maart - De troch de kommunistyske KPD útroppen algemiene staking yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, dy't útrûn wie op in wapene rebûlje, wurdt yn bloed smoard as 29 lieders fan 'e staking op befel fan 'e sosjalistyske minister fan Definsje Gustav Noske stânrjochtlik eksekutearre wurde.


  • 1-6 maart - By oanhâldende massale demonstraasjes yn 'e Koreaanske stêd Seoel tsjin 'e Japanske oerhearsking fan Koreä, dêr't nei skatting mear as 2 miljoen minsken oan meidogge, grypt it Japanske leger hurd yn. Der falle tûzenen deaden.


  • 4 maart - Yn Moskou wurdt troch ôffurdigen fan 21 kommunistyske politike partijen út Jeropa en Amearika de Trêde Kommunistyske Ynternasjonale oprjochte, better bekend as de Komintern.


  • 21 maart - Béla Kun ropt yn Boedapest de Sovjetrepublyk Hongarije út.


  • 23 maart - Yn noardlik Itaalje rjochtet oarlochsfeteraan Benito Mussolini syn faksistyske knokploegen Fasci di Combattimento op.


  • 23 maart - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys delegearret de ried fan Alliëarde lannen, de saneamde Ried fan X, syn foech oan 'e Grutte Fjouwer: de premiers fan it Feriene Keninkryk, Frankryk en Itaalje, David Lloyd George, Georges Clemenceau en Vittorio Orlando, en de presidint fan 'e Feriene Steaten, Woodrow Wilson.


  • 30 maart - Yn Britsk-Ynje brekt ûnder lieding fan Mahatma Gandhi ferset út tsjin 'e saneamde Wet-Rowlatt (Rowlatt Act), dy't de Britske autoriteiten yn 'e koloanje tenei it foech jout om "ekstremisten" sûnder foarm fan proses fêst te setten.


  • 8 maart - Nei de weromlûking fan 'e Alliëarde troepen dêrwei falt it Reade Leger yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch it skiereilân de Krim binnen.


  • 10 maart - Yn Meksiko wurdt de boerelieder Emiliano Zapata yn opdracht fan presidint Venustiano Carranza by in oanslach fermoarde.


  • 13 april - Yn Amritsar, yn Britsk-Ynje, iepenje Britske troepen it fjoer op in freedsume demonstraasje fan 'e lânseigen befolking. By dit Bloedbad fan Amritsar komme teminsten 379 en miskien wol 1.000 ûnwapene minsken om.


  • 6 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys stimt yn mei it plan fan 'e Súdafrikaanske ôffurdige Jan Smuts om 'e eardere Dútske koloanjes as mandaatgebieten ûnder tafersjoch fan it Folkebûn te stellen.


  • 6 maaie - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch brekt út as Amanûllah Khan, de emir fan Afganistan, mei syn leger Britsk-Ynje binnenfalt.


  • 15 maaie - De Gryksk-Turkske Oarloch brekt út as Grykske troepen op 'e kust fan Lyts-Aazje lânje en fanút de havenstêd Smyrna optsjogge nei it binnenlân.


  • 19 maaie - Begjin fan 'e Turkske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't de Turkske Nasjonalistyske Beweging stribbet nei de oprjochting fan in sekuliere Republyk Turkije.


  • 26 maaie - De Fredeskonferinsje fan Parys wiist it earder ûnôfhinklike steatsje Neutraal Moresnet en de Dútske gebietsdielen Eupen en Malmédy as oarlochskompinsaasje ta oan Belgje. De saneamde 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en de Feriene Steaten) lizze lykwols it near op 'e Belgyske anneksaasje fan 'e Nederlânske gebietsdielen Siuwsk-Flaanderen en Súd-Limburch.


  • 28 maaie - Belgyske troepen besette Neutraal Moresnet, Eupen en Malmédy.


  • 6 juny - Utbraak fan 'e Earste Finsk-Russyske Oarloch: Finlân ferklearret Ruslân de oarloch en mingt him oan 'e kant fan 'e Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch.


  • 16 juny - De ferovering fan 'e Oekraïne troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Oekraynske Folksrepublyk.


  • 28 juny - Dútslân slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Versailles. Dêrby seit it ta swiere ferhelbetellings oan 'e Alliëarden (benammen Frankryk en Belgje) dwaan te sillen. Fierders rekket it ferskate gebietsdielen kwyt oan Poalen, Frankryk, Denemark, Belgje, Tsjechoslowakije en de Frije Stêd Danzig. Fierders komt it Saarlân yn 'e foarm fan it Protektoraat Saarlân ûnder ynternasjonaal tafersjoch te stean. Ek al syn koloanjes moat Dútslân ôfstean; dat wurde saneamde mandaatgebieten dy't de Alliëarden ûnderinoar ferdiele.


  • 10 july - Nederlân fiert it frouljuskiesrjocht yn. (D.w.s. it rjocht foar froulju om te stimmen; froulju mochten har yn Nederlân sûnt 1917 al wol ferkiesber stelle.)


  • 12 july - De Alliëarden heffe de blokkade fan 'e Dútske havens op en geane wer hannelsbetrekkings mei it lân oan.


  • 16 july - It Hidde Nijland Museum, no Museum Hylpen, wurdt iepene.


  • 6 augustus - It Roemeenske leger beset de Hongaarske haadstêd Boedapest en makket in ein oan 'e Hongaarske Sovjetrepublyk fan Béla Kun.


  • 8 augustus - De Trêde Britsk-Afgaanske Oarloch einiget mei it Ferdrach fan Rawalpindi yn in militêre ympasse. It Emiraat Afganistan boekt lykwols in diplomatike oerwinning as it Feriene Keninkryk yn it ferdrach de folsleine soevereiniteit fan Afganistan erkent.


  • 11 augustus - De nije Dútske grûnwet wurdt fan krêft: formeel begjin fan 'e Weimarrepublyk en ein fan it Keizerryk Dútslân.


  • 31 augustus - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimme de Wite troepen fan generaal Anton Denikin de stêd Kiëv yn.


  • 1 septimber - Op 'e Fredeskonferinsje fan Parys lizze de 'Grutte Fjouwer' (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Itaalje en de Feriene Steaten) it near op 'e yntegraasje fan Dútsk-Eastenryk yn Dútslân.


  • 2 septimber - Itaalje fiert it algemien kiesrjocht en in stelsel fan proporsjonele fertsjintwurdiging yn.


  • 10 septimber - Eastenryk slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye.


  • 11 septimber - It nasjonalistyske Turkske tsjinregear yn Ankara, dat ûnder lieding stiet fan generaal Mustafa Kemal Pasja, ferbrekt alle bannen mei it regear fan sultan Mehmed VI yn Konstantinopel.


  • 12 septimber - Italjaanske nasjonalisten ûnder lieding fan 'e skriuwer en politikus Gabriele d'Annunzio besette yn striid mei it Ferdrach fan Saint-Germain-en-Laye de Frijsteat Fiume (Rijeka).


  • 22 septimber - De Alliëarden geane diplomatike betrekkings oan mei Eastenryk.


  • 27 septimber - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Archangelsk.


  • 12 oktober - Britske troepen lûke har werom út 'e Russyske stêd Moermansk.


  • 27 oktober - It Amerikaanske Kongres negearret in feto fan presidint Woodrow Wilson troch mei twatrêde mearderheid de Volstead Prohibition Enforcement Act oan te nimmen. Dêrmei is de Drûchlizzing fan 'e Feriene Steaten in feit.


  • 14 novimber - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch feroveret it Reade Leger de Sibearyske stêd Omsk op 'e Wite troepen fan admiraal Aleksander Koltsjak.


  • 18 novimber - Foar de Dútske parlemintêre ûndersykskommisje dy't him dwaande hâldt mei de skuldfraach oangeande de Earste Wrâldoarloch presintearret maarskalk Paul von Hindenburg syn Dolkstjit-leginde: de Dútsers soene de oarloch wûn hawwe as se net troch sosjalisten út eigen lân mei in dolk yn 'e rêch stutsen wiene.


  • 19 novimber - De Amerikaanske Senaat fersmyt mei 39 tsjin 55 stimmen it Ferdrach fan Versailles, dat de frede mei Dútslân regelet. Dêrmei wurde de Feriene Steaten it iennichste Alliëarde lân dat dat ferdrach net ratifisearret. Der sil no in aparte frede tusken Dútslân en de Feriene Steaten komme moatte.


  • 25 novimber - De regearings fan Poalen en Dútslân slute in ferdrach oer de Dútske ûntromming fan West-Prusen, dat neffens it Ferdrach fan Versailles diel fan Poalen wurde sil.


  • 27 novimber - Bulgarije slút frede mei de Alliëarden troch it Ferdrach fan Neuilly-sur-Seine. Dêrby moat it hiel West-Traasje ôfstean oan Grikelân, en ferskate lytsere gebietsdielen oan it nij-foarme Joegoslaavje.


  • 9 desimber - Under swiere druk fan 'e Alliëarden en nei earst in yngeande plondering útfierd te hawwen, lûkt it Roemeenske leger him werom út 'e Hongaarske haadstêd Boedapest.


  • 9 desimber - Roemeenje slút fredesferdraggen mei Eastenryk en Bulgarije.


  • 16 desimber - It Dútske leger lûkt him tebek út Letlân en Litouwen.


  • 22 desimber - As ûnderdiel fan 'e Earste Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten wurde op it skip de Buford 250 linkse Amerikaanske steatsboargers, ûnder wa de anargistyske liedster Emma Goldman, nei Ruslân deportearre.


Berne |



  • 3 jannewaris - Lolle Rondaan, Frysk fersetsstrider († 1944)

  • 3 jannewaris - Henk Sprenger, Nederlânsk striptekener († 2005)


  • 26 jannewaris - Markus Assies, Frysk fersetsstrider († 1944)


  • 3 febrewaris - Abe Gerlsma, Frysk keunstskilder en etser († 2012)


  • 28 maart - Douwe van der Ploeg, Frysk ornitolooch en botanikus († 2006)


  • 8 april - Piet Post, Frysk oargelist, dirigint en komponist († 1979)


  • 19 april - Dirk ter Haar, Ingelsk-Nederlânsk natuerkundige († 2002)


  • 11 maaie - Hedzer Rijpstra, Frysk politikus († 2011)


  • 15 july - Iris Murdoch, Iersk-Ingelsk skriuwster († 1999)


  • 20 july - Edmund Hillary, Nijseelânsk berchbeklimmer en ûntdekkingsreizger († 2008)


  • 28 augustus - Lieuwe Heine Bouma, Frysk oersetter († 2004)


  • 11 septimber - Daphne Odjig, Kanadeeske keunstskilderesse († 2016)


  • 27 oktober - Herman Kuiphof, Frysk sportsjoernalist en -ferslachjouwer († 2008)


  • 11 novimber - Jan Murk de Vries, Frysk keunstskilder en glêzenier († 2015)


  • 30 novimber - Anne Wadman, Frysk skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige († 1997)


  • 29 desimber - Pieter Terpstra, Frysk skriuwer en sjoernalist († 2006)


Ferstoarn |



  • 6 jannewaris - Theodore Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1858)


  • 17 jannewaris - Francis Gibson, Amerikaansk militêr (* 1847)


  • 31 maaie - Giet-Foarút (Goes-Ahead), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1851)


  • 5 july - Sije Laverman, Frysk skriuwer (* 1863)


  • 6 july - Jacoba Rauwerda, Frysk bordeelhâldster (* 1843)


  • 13 july - Henry E. Noyes, Amerikaansk militêr (* 1839)


  • 13 july - Jacob Hepkema, Frysk útjouwer en sjoernalist (* 1845)


  • 6 septimber - Pier Pander, Frysk byldhouwer en medaljeur (* 1864)


  • 12 septimber - Leonid Andrejev, Russysk skriuwer (* 1871)


  • 15 novimber - Alfred Werner, Dútsk skiekundige en Nobelpriiswinner (* 1866)


  • 18 novimber - Ferdinand Domela Nieuwenhuis, Nederlânsk politikus (* 1846)

datum ûnbekend

  • Hingjende Wolk (Hanging Cloud), froulik kriger fan 'e Odjibwe (* 1835)


Literatuer |


romans

  • André Gide, La Symphonie Pastorale (oerset yn it Frysk as Pastorale Symfony)



























Jierren:

1914

1915

1916

1917

1918

1919

1920

1921

1922

1923

1924

Iuwen:

15e

16e

17e

18e

19e

20e iuw

21e

22e

23e

24e

25e


Boarnen, noaten en referinsjes




Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Commons





Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=1919&oldid=941301"










Navigaasjemenu


























(window.RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.204","walltime":"0.234","ppvisitednodes":"value":1890,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":19032,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":1580,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":12,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 61.404 1 -total"," 43.05% 26.434 1 Berjocht:Kalinders"," 30.39% 18.661 1 Berjocht:JiersideBoppe"," 16.81% 10.323 2 Berjocht:IuwPart"," 13.93% 8.552 2 Berjocht:JierPart"," 9.73% 5.977 1 Berjocht:JiersideUnder"," 8.92% 5.478 1 Berjocht:Boarnen"," 7.05% 4.329 1 Berjocht:Kalinderjier"," 5.41% 3.325 1 Berjocht:Romeinsk"," 5.29% 3.251 1 Berjocht:Armeenskal"],"cachereport":"origin":"mw1279","timestamp":"20190409101716","ttl":2592000,"transientcontent":false);mw.config.set("wgBackendResponseTime":131,"wgHostname":"mw1266"););

Popular posts from this blog

Boston (Lincolnshire) Stedsbyld | Berne yn Boston | NavigaasjemenuBoston Borough CouncilBoston, Lincolnshire

Ballerup Komuun Stääden an saarpen | Futnuuten | Luke uk diar | Nawigatsjuunwww.ballerup.dkwww.statistikbanken.dk: Tabelle BEF44 (Folketal pr. 1. januar fordelt på byer)Commonskategorii: Ballerup Komuun55° 44′ N, 12° 22′ O

Serbia Índice Etimología Historia Geografía Entorno natural División administrativa Política Demografía Economía Cultura Deportes Véase también Notas Referencias Bibliografía Enlaces externos Menú de navegación44°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.46666666666744°49′00″N 20°28′00″E / 44.816666666667, 20.466666666667U.S. Department of Commerce (2015)«Informe sobre Desarrollo Humano 2018»Kosovo-Metohija.Neutralna Srbija u NATO okruzenju.The SerbsTheories on the Origin of the Serbs.Serbia.Earls: Webster's Quotations, Facts and Phrases.Egeo y Balcanes.Kalemegdan.Southern Pannonia during the age of the Great Migrations.Culture in Serbia.History.The Serbian Origin of the Montenegrins.Nemanjics' period (1186-1353).Stefan Uros (1355-1371).Serbian medieval history.Habsburg–Ottoman Wars (1525–1718).The Ottoman Empire, 1700-1922.The First Serbian Uprising.Miloš, prince of Serbia.3. Bosnia-Hercegovina and the Congress of Berlin.The Balkan Wars and the Partition of Macedonia.The Falcon and the Eagle: Montenegro and Austria-Hungary, 1908-1914.Typhus fever on the eastern front in World War I.Anniversary of WWI battle marked in Serbia.La derrota austriaca en los Balcanes. Fin del Imperio Austro-Húngaro.Imperio austriaco y Reino de Hungría.Los tiempos modernos: del capitalismo a la globalización, siglos XVII al XXI.The period of Croatia within ex-Yugoslavia.Yugoslavia: Much in a Name.Las dictaduras europeas.Croacia: mito y realidad."Crods ask arms".Prólogo a la invasión.La campaña de los Balcanes.La resistencia en Yugoslavia.Jasenovac Research Institute.Día en memoria de las víctimas del genocidio en la Segunda Guerra Mundial.El infierno estuvo en Jasenovac.Croacia empieza a «desenterrar» a sus muertos de Jasenovac.World fascism: a historical encyclopedia, Volumen 1.Tito. Josip Broz.El nuevo orden y la resistencia.La conquista del poder.Algunos aspectos de la economía yugoslava a mediados de 1962.Albania-Kosovo crisis.De Kosovo a Kosova: una visión demográfica.La crisis de la economía yugoslava y la política de "estabilización".Milosevic: el poder de un absolutista."Serbia under Milošević: politics in the 1990s"Milosevic cavó en Kosovo la tumba de la antigua Yugoslavia.La ONU exculpa a Serbia de genocidio en la guerra de Bosnia.Slobodan Milosevic, el burócrata que supo usar el odio.Es la fuerza contra el sufrimiento de muchos inocentes.Matanza de civiles al bombardear la OTAN un puente mientras pasaba un tren.Las consecuencias negativas de los bombardeos de Yugoslavia se sentirán aún durante largo tiempo.Kostunica advierte que la misión de Europa en Kosovo es ilegal.Las 24 horas más largas en la vida de Slobodan Milosevic.Serbia declara la guerra a la mafia por matar a Djindjic.Tadic presentará "quizás en diciembre" la solicitud de entrada en la UE.Montenegro declara su independencia de Serbia.Serbia se declara estado soberano tras separación de Montenegro.«Accordance with International Law of the Unilateral Declaration of Independence by the Provisional Institutions of Self-Government of Kosovo (Request for Advisory Opinion)»Mladic pasa por el médico antes de la audiencia para extraditarloDatos de Serbia y Kosovo.The Carpathian Mountains.Position, Relief, Climate.Transport.Finding birds in Serbia.U Srbiji do 2010. godine 10% teritorije nacionalni parkovi.Geography.Serbia: Climate.Variability of Climate In Serbia In The Second Half of The 20thc Entury.BASIC CLIMATE CHARACTERISTICS FOR THE TERRITORY OF SERBIA.Fauna y flora: Serbia.Serbia and Montenegro.Información general sobre Serbia.Republic of Serbia Environmental Protection Agency (SEPA).Serbia recycling 15% of waste.Reform process of the Serbian energy sector.20-MW Wind Project Being Developed in Serbia.Las Naciones Unidas. Paz para Kosovo.Aniversario sin fiesta.Population by national or ethnic groups by Census 2002.Article 7. Coat of arms, flag and national anthem.Serbia, flag of.Historia.«Serbia and Montenegro in Pictures»Serbia.Serbia aprueba su nueva Constitución con un apoyo de más del 50%.Serbia. Population.«El nacionalista Nikolic gana las elecciones presidenciales en Serbia»El europeísta Borís Tadic gana la segunda vuelta de las presidenciales serbias.Aleksandar Vucic, de ultranacionalista serbio a fervoroso europeístaKostunica condena la declaración del "falso estado" de Kosovo.Comienza el debate sobre la independencia de Kosovo en el TIJ.La Corte Internacional de Justicia dice que Kosovo no violó el derecho internacional al declarar su independenciaKosovo: Enviado de la ONU advierte tensiones y fragilidad.«Bruselas recomienda negociar la adhesión de Serbia tras el acuerdo sobre Kosovo»Monografía de Serbia.Bez smanjivanja Vojske Srbije.Military statistics Serbia and Montenegro.Šutanovac: Vojni budžet za 2009. godinu 70 milijardi dinara.Serbia-Montenegro shortens obligatory military service to six months.No hay justicia para las víctimas de los bombardeos de la OTAN.Zapatero reitera la negativa de España a reconocer la independencia de Kosovo.Anniversary of the signing of the Stabilisation and Association Agreement.Detenido en Serbia Radovan Karadzic, el criminal de guerra más buscado de Europa."Serbia presentará su candidatura de acceso a la UE antes de fin de año".Serbia solicita la adhesión a la UE.Detenido el exgeneral serbobosnio Ratko Mladic, principal acusado del genocidio en los Balcanes«Lista de todos los Estados Miembros de las Naciones Unidas que son parte o signatarios en los diversos instrumentos de derechos humanos de las Naciones Unidas»versión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre la Eliminación de todas las Formas de Discriminación contra la MujerConvención contra la tortura y otros tratos o penas crueles, inhumanos o degradantesversión pdfProtocolo Facultativo de la Convención sobre los Derechos de las Personas con DiscapacidadEl ACNUR recibe con beneplácito el envío de tropas de la OTAN a Kosovo y se prepara ante una posible llegada de refugiados a Serbia.Kosovo.- El jefe de la Minuk denuncia que los serbios boicotearon las legislativas por 'presiones'.Bosnia and Herzegovina. Population.Datos básicos de Montenegro, historia y evolución política.Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa global de fecundidad (por 1000 habitantes).Serbia y Montenegro. Indicador: Tasa bruta de mortalidad (por 1000 habitantes).Population.Falleció el patriarca de la Iglesia Ortodoxa serbia.Atacan en Kosovo autobuses con peregrinos tras la investidura del patriarca serbio IrinejSerbian in Hungary.Tasas de cambio."Kosovo es de todos sus ciudadanos".Report for Serbia.Country groups by income.GROSS DOMESTIC PRODUCT (GDP) OF THE REPUBLIC OF SERBIA 1997–2007.Economic Trends in the Republic of Serbia 2006.National Accounts Statitics.Саопштења за јавност.GDP per inhabitant varied by one to six across the EU27 Member States.Un pacto de estabilidad para Serbia.Unemployment rate rises in Serbia.Serbia, Belarus agree free trade to woo investors.Serbia, Turkey call investors to Serbia.Success Stories.U.S. Private Investment in Serbia and Montenegro.Positive trend.Banks in Serbia.La Cámara de Comercio acompaña a empresas madrileñas a Serbia y Croacia.Serbia Industries.Energy and mining.Agriculture.Late crops, fruit and grapes output, 2008.Rebranding Serbia: A Hobby Shortly to Become a Full-Time Job.Final data on livestock statistics, 2008.Serbian cell-phone users.U Srbiji sve više računara.Телекомуникације.U Srbiji 27 odsto gradjana koristi Internet.Serbia and Montenegro.Тренд гледаности програма РТС-а у 2008. и 2009.години.Serbian railways.General Terms.El mercado del transporte aéreo en Serbia.Statistics.Vehículos de motor registrados.Planes ambiciosos para el transporte fluvial.Turismo.Turistički promet u Republici Srbiji u periodu januar-novembar 2007. godine.Your Guide to Culture.Novi Sad - city of culture.Nis - european crossroads.Serbia. Properties inscribed on the World Heritage List .Stari Ras and Sopoćani.Studenica Monastery.Medieval Monuments in Kosovo.Gamzigrad-Romuliana, Palace of Galerius.Skiing and snowboarding in Kopaonik.Tara.New7Wonders of Nature Finalists.Pilgrimage of Saint Sava.Exit Festival: Best european festival.Banje u Srbiji.«The Encyclopedia of world history»Culture.Centenario del arte serbio.«Djordje Andrejevic Kun: el único pintor de los brigadistas yugoslavos de la guerra civil española»About the museum.The collections.Miroslav Gospel – Manuscript from 1180.Historicity in the Serbo-Croatian Heroic Epic.Culture and Sport.Conversación con el rector del Seminario San Sava.'Reina Margot' funde drama, historia y gesto con música de Goran Bregovic.Serbia gana Eurovisión y España decepciona de nuevo con un vigésimo puesto.Home.Story.Emir Kusturica.Tercer oro para Paskaljevic.Nikola Tesla Year.Home.Tesla, un genio tomado por loco.Aniversario de la muerte de Nikola Tesla.El Museo Nikola Tesla en Belgrado.El inventor del mundo actual.República de Serbia.University of Belgrade official statistics.University of Novi Sad.University of Kragujevac.University of Nis.Comida. Cocina serbia.Cooking.Montenegro se convertirá en el miembro 204 del movimiento olímpico.España, campeona de Europa de baloncesto.El Partizan de Belgrado se corona campeón por octava vez consecutiva.Serbia se clasifica para el Mundial de 2010 de Sudáfrica.Serbia Name Squad For Northern Ireland And South Korea Tests.Fútbol.- El Partizán de Belgrado se proclama campeón de la Liga serbia.Clasificacion final Mundial de balonmano Croacia 2009.Serbia vence a España y se consagra campeón mundial de waterpolo.Novak Djokovic no convence pero gana en Australia.Gana Ana Ivanovic el Roland Garros.Serena Williams gana el US Open por tercera vez.Biography.Bradt Travel Guide SerbiaThe Encyclopedia of World War IGobierno de SerbiaPortal del Gobierno de SerbiaPresidencia de SerbiaAsamblea Nacional SerbiaMinisterio de Asuntos exteriores de SerbiaBanco Nacional de SerbiaAgencia Serbia para la Promoción de la Inversión y la ExportaciónOficina de Estadísticas de SerbiaCIA. Factbook 2008Organización nacional de turismo de SerbiaDiscover SerbiaConoce SerbiaNoticias de SerbiaSerbiaWorldCat1512028760000 0000 9526 67094054598-2n8519591900570825ge1309191004530741010url17413117006669D055771Serbia