HânzestêdPlak yn Lincolnshire bestjoerlike gebietBostonIngelskegreefskipLincolnshireWithamThe WashThe Fens1545Boston Boston (Lincolnshire) Ut Wikipedy Jump to navigation Jump to search Boston De Boston Stump Sifers Ynwennertal 35.124 (2001) Befolkingstichtens 1244 km² Polityk Lân Feriene Keninkryk Regio East Midlands Greefskip Lincolnshire Oar Tiidsône GMT Simmertiid (UTC+1) Webside Boston Borough Council Lizzing fan Boston yn Ingelân Boston is in lytse âlde havenstêd ( town ) yn it bestjoerlike gebiet Boston, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire. It plak hie 35.124 ynwenners yn 2001. De stêd leit oan de rivier de Witham, sa'n seis kilometer fan it plak dêr't de Witham yn it estuarium The Wash streamt. It plak leit yn it flakke, sompige en agrarysk gebiet The Fens. Boston syn meast opfallende gebou is de St Botolph's-tsjerke ( The Stump ), boud fan 1309 oant 1460; it is de grutste parish -tsjerke...